3. Natuer edukatyf tochten

er liggen meer dan twintig zeehondjes te zonnen op een zandbank in de zee

Fia dizze side freegje jo as (waadrin)organisaasje of as persoan in fergunning oan foar it organisearjen fan natuer-edukative tochten foar groepen oant maksimaal 50 persoanen, ûnder begelieding fan in begelieder. Foar it begelieden fan natuer-edukative tochten is in aparte fergunning nedich (nûmer 4).

Yn Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân binne yn totaal 26 gebieten oanwiisd dêr't dizze tochten hâlden wurde meie. Yn jo oanfraach jouwe jo oan foar hokker gebieten jo in fergunning hawwe wolle. Op ûndersteande kaartsjes steane dizze 26 gebieten. By natuer-edukative tochten stean edukaasje en ûntspanning sintraal. 

Fergunning oanfreegje

Foar it ynfoljen fan dit formulier hawwe jo as organisaasje e-Herkenning nivo 2 + nedich en as persoan DigiD.

Goed om te witten

De fergunning dy 't jo oanfreegje is jildich oant 1 maart 2026. Nei it korrekt ynfoljen fan it formulier krije jo binnen 8 wiken de fergunning. Dy fergunning kostet foar organisaasjes likernôch € 275,- en foar persoanen € 83,-. De aktuele bedraggen binne te finen yn de Legesverordening provincie Fryslân.

Help en Reddingsmiddelen 

Ien fan de bylagen dy 't by de oanfraach üpload wurde moat, is in oersjoch fan de oanwêzige help - en rêdingsmiddels. Yn de úteinlike fergunning stiet dizze list opnommen fan help - en rêdingsmiddels dy 't yn in waadrintocht meinommen wurde moatte. Jo kinne dizze list as Word-bestân uploade by jo oanfraach. 

Foar elke groep moat meinommen wurde:

  • in goed wurkjend kompas 
  • in GPS wurdt oanrekommandearre 
  • in rêdingstekken 
  • in dúdlik hearbere fluit 
  • EHBO-ferbândoaze
    • 2 rêdingstekkens 
    • foarknipte pleisters 
    • betadine-joadium of oar wen-ûntsmettend middel 
    • snelferbân 12 x 12 en 18 x 18 sm of snelferbân op rol
    • selsklevende swachtels 
    • ferbânskjirre 
    • ankeltape 
    • paracetamol
  • in peilstôk of griep 
  • in goed wurkjend horloazje 
  • in goed wurkjende mobile telefoan 
  • in dúdlike kaart dêr't oanjûn de grinzen fan it gebiet 
  • en de eventueel oanwêzige prielen/geulen en slykfjilden
  •  de begeliederspas(sen) 
  • in list fan it tal dielnimmers dat oan in tocht dielnimt ynklusyf kontaktgegevens
  • in draachber is ferplichte by in groep fan 12 persoanen 
  • Optioneel: dukt-sporttape en fuotbalhoazzen om oan te lûken oer stikkene of te grutte karskuon.

Fragen

Hawwe jo fragen? Dan kinne jo belje mei ús Klantkontaktsintrum fia 058 - 292 89 95 of maile nei wadlopen@fryslan.frl