2. Drûchfallende platen tochten

Een iets ondergelopen zandbank met grillige wolken en oranje kleuren met op de horizon een schip

Fia dizze side freegje jo as (waadrin)organisaasje in fergunning oan foar it organisearjen fan tochten nei drûchfallende platen op it hiele Nederlânske Waad, mei groepen fan 50 oant maksimaal 150 persoanen, ûnder begelieding fan waadringgidsen/begelieders.

  • Foar drûchfallende platen jildt in fergunningplicht foar in foar anker lizzend fartúch mei mear as 50 (en maks. 150) persoanen dy 't op deselde plaat of kwelder as it fartúch befine en binnen in straal fan 500 meter fan it fartúch bliuwe.

Dêrneist jildt yn alle provinsjes in frijstelling foar tochten op drûchfallende platen as foldien wurdt oan de folgjende betingsten:

  • It fartúch in maksimale kapasiteit hat fan 50 persoanen.
  • Der wurdt net fierder as 500 meter fan de boat rûn.
  • Men gjin soalen oerstekt by it ynrinnen fan drûchfallende platen.
  • Derfoar soarge wurdt dat in begelieder de groep byinoar hâldt en de groep net útswaarmje sil oer de plaat.

Fergunning oanfreegje

Fergunning oanfreegje

Foar it ynfoljen fan dit formulier hawwe jo e-Herkenning nivo 2 + nedich.

Goed om te witten

De fergunning dy't jo oanfreegje, is jildich oant 1 maart 2026. Nei it korrekt ynfoljen fan it formulier krije jo binnen 8 wiken de fergunning. Dizze fergunning kostet likernôch € 218,- as jo rinne mei groepen grutter as 50 persoanen. Rane jo mei groepen lytser as 50 persoanen, dan hoege jo gjin leezjes te beteljen. De aktuele bedraggen binne te finen yn de Legesverordening provincie Fryslân.

Help en Rêdingsmiddels

Ien fan de bylagen dy 't by de oanfraach üpload wurde moat, is in oersjoch fan de oanwêzige help- en rêdingsmiddels. Yn de úteinlike fergunning stiet dizze list opnommen fan help - en rêdingsmiddels dy 't yn in waadrintocht meinommen wurde moatte. Jo kinne dizze list as Word-bestân uploade by jo oanfraach.

De fergunninghâlder moat meinimme:

  • in telefoan 
  • in list mei telefoannûmers fan persoanen en ynstânsjes dy't by ûngemakken warskôge wurde moatte
  • in list fan it tal dielnimmers dat oan in tocht dielnimt, ynklusyf kontaktgegevens fan de dielnimmers 
  • in rêdingstekken
  • in dúdlik hearbere fluit 
  • EHBO-ferbândoaze
    • 2 rêdingstekkens 
    • foarknipte pleisters 
    • betadine-joadium of oare wen-ûntsmettend middel 
    • snelferbân 12 x 12 en 18 x 18 cm of snelferbân op rol
    • selkleavjende swachtels
    • ferbânskjirre
    • ankeltape
    • paracetamol
  • Opsjoneel: dukt-sporttape en fuotbalhoazzen om oan te lûken oer stikkene of te grutte waadrinskuon.

Fragen

Hawwe jo fragen? Dan kinne jo belje mei ús Klantkontaktsintrum fia 058 - 292 89 95 of maile nei wadlopen@fryslan.frl.