5. Solo rinne
Fia dizze side freegje jo as persoan in fergunning oan foar it yndividueel rinnen fan waadrinnen op it hiele Nederlânske Waad. De fergunninghâlder rint allinnich en ûnder eigen ferantwurdlikheid. Jo meie gjin tochten mei dielnimmers begeliede.
Fergunning oanfreegje
E-learning
- Introductie
- Module 1: Het Waddengebied
- Module 2: Voorbereiden van een tocht
- Module 3: Lopen van een tocht
- Eindopdracht Sololoper)
- Eindopdracht Begeleider Natuur-educatieve tocht
- Eindopdracht Begeleider Droogvallende platen
Foar it oanfreegjen fan dizze fergunning is it ferplichte om earst de e-learning te trochrinnen. It is belangryk dat jo kennis hawwe fan it waad, foardat jo tochten begjint te rinnen. It trochrinnen fan dizze e-learning kostet 2 oant 3 oeren. Nei it ôfrûnjen fan de einopdracht krije jo in sertifikaat (PDF ). Dit bestân hawwe jo nedich by de oanfraach fan de fergunning.
Foar it ynfoljen fan dit formulier hawwe jo DigiD nedich. Dêrneist moatte jo boppesteande e-learning trochrûn hawwe en it krigen sertifikaat uploade by jo fergunningoanfraach.
Goed om te witten
De fergunning dy't jo oanfreegje, is jildich oant 1 maart 2026. Nei it korrekt ynfoljen fan it formulier krije jo binnen 8 wiken de fergunning. Dy fergunning kostet likernôch € 181,- (€ 140,- foar de fergunning en € 41,- foar de waadrinpas). De aktuele bedraggen binne te finen yn de Legesverordening provincie Fryslân.
Help en Rêdingsmiddels
Ien fan de bylagen dy 't by de oanfraach üpload wurde moat, is in oersjoch fan de oanwêzige help- en rêdingsmiddels. Yn de úteinlike fergunning stiet dizze list opnommen fan help - en rêdingsmiddels dy 't yn in waadrintocht meinommen wurde moatte. Jo kinne dizze list as Word-bestân uploade by jo oanfraach.
De fergunninghâlder moat meinimme:
- in telefoan
- goedkarde marityme marifoan (opsjoneel )
- in list mei telefoannûmers fan persoanen en ynstânsjes dy't by ûngemakken warskôge wurde moatte
- in goed wurkende floeistof of digitale kompas
- In bywurke rûtekaart dêr't de posysje permanint op ôflêzen wurde kin
- wurksume falskermljochten en/of reade handstakelljochten
- in útwurke tiidskema
- in GPS wurdt oanrieden
- in rêdingstekken
- in dúdlik hearbere fluit
- EHBO-ferbândoaze
- 2 rêdingstekkens
- foarknipte pleisters
- betadine-joadium of oare wen-ûntsmettend middel
- snelferbân 12 x 12 en 18 x 18 cm of snelferbân op rol
- selkleavjende swachtels
- ferbânskjirre
- ankeltape
- paracetamol
- Opsjoneel: dukt-sporttape en fuotbalhoazzen om oan te lûken oer stikkene of te grutte waadrinskuon.
Fragen
Hawwe jo fragen? Dan kinne jo belje mei ús Klantkontaktsintrum fia 058 - 292 89 95 of maile nei wadlopen@fryslan.frl