6. Waadrinne lytse groepen

Een groepje mensen zie je aan de horizon verdwijnen in het wad en laten allemaal voetstappen na in het natte zand

Fia dizze side freegje jo as persoan (gids) in waadrinfergunning oan foar it organisearjen fan waadrintochten mei groepen oant maksimaal 12 persoanen, dy 't allinnich rinne ûnder jo begelieding en ferantwurdlikheid.

Fergunning oanfreegje

Fergunning oanfreegje

Foardat jo dizze fergunning oanfreegje kinne, moatte jo earst it eksamen ta gids ôflizze. Mear ynformaasje hjiroer is te finen op www.wadloopgidsexamen.nl

Foar it ynfoljen fan dit formulier hawwe jo DigiD nedich.

Goed om te witten

De fergunning dy 't jo oanfreegje, is jildich oant 1 maart 2026. Nei it korrekt ynfoljen fan it formulier krije jo binnen 8 wiken de fergunning. Dy fergunning kostet likernôch € 181,00 (€ 140,00 foar de fergunning en € 41,00 foar de waadrinpas). De aktuele bedraggen binne te finen yn de Legesverordening provincie Fryslân.

Fragen

Hawwe jo fragen? Dan kinne jo belje mei ús Klantkontaktsintrum fia 058 - 292 89 95 of maile nei wadlopen@fryslan.frl.