7. Waadrintochten foar waadrinorgnisaasjes

Fia dizze side freegje jo as persoan (gids) in erkenning oan foar it rinnen fan waadrinnen foar organisaasjes mei grutte groepen oant maksimaal 60 persoanen. By 60 dielnimmers rinst mei 3 gidsen en 1 begelieder of 2 gidsen en 2 begelieders.
Erkenning oanfreegje
Foardat jo dy erkenning oanfreegje kinne, moatte jo earst it eksamen ta gids ôflizze. Mear ynformaasje hjiroer is te finen op www.wadloopgidsexamen.nl
Foar it ynfoljen fan dit formulier hawwe jo DigiD nedich.
Goed om te witten
De erkenning dy 't jo oanfreegje, is jildich oant 1 maart 2026. Nei it korrekt ynfoljen fan it formulier krije jo binnen 8 wiken de fergunning. Dy fergunning kostet likernôch € 180,00 (€ 139,00 foar de fergunning en € 41,00 foar de waadrinpas). De aktuele bedraggen binne te finen yn de Legesverordening provincie Fryslân.
Fragen
Hawwe jo fragen? Dan kinne jo belje mei ús Klantkontaktsintrum fia 058 - 292 89 95 of maile nei wadlopen@fryslan.frl.