4283 ferkeap lyts perseel lâns de Sintrale As tichteby de Loulânsbrêge yn Dokkum
De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in oerienkomst te sluten, wêrby’t de provinsje ferkeapet in lyts perseel grûn lâns de Sintrale As tichteby de Loulânsbrêge yn Dokkum, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:
Kadastrale perselen | Kadastrale oerflakte | Oerflakte yn oerienkomst | Ferskil yn oerflakte |
EEX00G 00754 | 0.00.57 ha | 0.00.57 ha |

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de oankeap.
De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien werklike gadingmakker omdat de oanbelangjende grûn yn it fjild ûnderdiel útmakket fan it dêrnjonken lizzende perseel fan de keaper en de grûn inkeld en allinne fia syn perseel te berikken is.
De provinsje is fan betinken dat de keaper de iennige werklike gadingmakker is foar de oanbelangjende grûn.
Alle werklike gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in oerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (15-03-2025 LC) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.
Kontaktpersoan provinsje Fryslân:
frou S. Steringa, berikber op 058 - 292 50 10 of s.steringa@fryslan.frl