4524 ferkeap by ynskriuwing trije perselen natuergrûn lâns de Beekdal Linde

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om trije perselen natuergrûn te ferkeapjen. De natuergrûn leit yn de gemeente Weststellingwerf, noardlik fan it doarp De Hoeve, by Wolvegea. De perselen wurde as ien gehiel ferkocht.

De ferkeap slacht op de folgjende kadastrale perselen:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOpperflakte yn oerienkomst
NWD02 N 10722,3140 ha2,3140 ha
NWD02 N 12701,5120 ha1,5120 ha
NWD02 N 12692,4890 ha2,4890 ha
Totaal 6,3150 ha
Bovenaanzicht van de aangeboden percelen.

Foar mear eftergrûn ynformaasje sjoch ferkeapbrosjuere De Hoeve.

Fia de link Verkoop natuurgrond de Hoeve komme jo op Tenderned. Hjir lêze jo de oankundiging fan de ferkeap. Op de oankundigingspagina klikke jo yn de blauwe balke op de link nei merke. Op de webside fan Mersinen logge jo yn om tagong te krijen ta:

  • De brosjuere. 
  • Ynformaasje oer de planning. 
  • It stellen fan fragen. 
  • It ynskriuwen.

De uterste ynskriuwdatum is 19 febrewaris 2025 oant 12.00 oere.

LET OP: Wolle jo as partikulier ynskriuwe? Foardat jo ynskriuwe freegje wy jo kontakt op te nimmen mei Johannes Koopmans, team juridyske saken & Ynkeap, tel. 058 - 292 53 93.