Beskerming fan de Fryske taal
De Fryske taal en kultuer wurdt beskerme en befoardere troch ferskillende wetten en ferdraggen op provinsjaal, nasjonaal en Europeesk nivo. Op dizze side wurdt koart úteinset hokker ferdraggen op it Frysk fan tapassing binne. Dat foarmet it ramt wêryn de ynspannings fan de provinsje oangeande de Fryske taal en kultuer útfierd wurde.
Europeesk nivo
In kearntaak fan de Ried fan Europa is it beskermjen en befoarderjen fan de rykdom en diversiteit fan it talich en kultureel erfskip yn de Europeeske Uny. Regionale en minderheidstalen binne dêr in wêzentlik ûnderdiel fan. Beliedsmaatregelen omtrint regionale en minderheidstalen yn Europa wurde regulearre troch de European Charter for Regional or Minority Languages en it European Framework Convention of National Minorities.
It Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK)
Yn 1998 hat Nederlân it Europeesk Hânfêst foar Regionale talen of talen fan minderheden ratifisearre. Dit Hânfêst biedt steaten de mooglikheid minderheidstalen te erkennen ûnder diel II of deel III fan it Hânfêst. In diel II-erkenning is in algemiene erkenning fan in taal. Troch in taal ûnder diel II fan it Hânfêst te erkennen ferplichtet in steat him derta gjin beheinings foar it gebrûk fan de taal yn wet- en regeljouwing op te nimmen. Mei in diel III-erkenning giet in steat oanfoljende ferplichtings oan op it mêd fan ûnderwiis, kultuer, media, bestjoerlik ferkear, rjochtspraak, sosjaal-ekonomysk libben en ynternasjonale gearwurking. It Frysk is erkend ûnder Diel II én III fan dat Hânfêst. Dêrmei hat de Nederlânske regearing tasein him aktyf foar it beskermjen en befoarderjen fan de Fryske taal en kultuer yn te setten.
De Nederlânske oerheid hat it European Framework Convention of National Minorities (Europeesk ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden) yn 2005 ratifisearre. Troch it ramtferdrach te ratifisearjen, ferplichtet in steat himsels gelykweardigens fan persoanen dy’t ta in minderheid behearre te behâlden en boargjen. Ek stiet de steat de boargers ta har kultuer, religy, taal en tradysjes út te drukken en te behâlden.
Ek yn de besteande ûnderwiiswetten is it Frysk ferankere:
- Wet op het Primair Onderwijs
- Wet op het Voortgezet Onderwijs
- Wet op de Expertise Centra
- Wet op het Onderwijs Toezicht
- Besluit vernieuwde kerndoelen WPO
- Besluit kerndoelen onderbouw VO
Provinsjaal nivo
De provinsje makket har eigen belieds- en útfieringsplannen dy’t basearre binne op en yn oerienstimming binne mei Europeeske en nasjonale ferdraggen en wetten. Provinsjale Steaten fan Fryslân meitsje in wêzentlik jildbedrach frij foar de útfiering. Yn de rinnende beliedsperioade 2021 – 2024 sil likernôch 8,5 miljoen euro it jier ynvestearre wurde yn de Fryske taal.