De Centrale As
Sûnt 2016 is de twabaans autodyk Sintrale As yn gebrûk. In nije, sa'n 22 kilometer lange dyk tusken Dokkum en Nyegea. Tûzenen automobilisten meitsje alle dagen gebrûk fan de dyk. Dêrmei is der gâns minder trochgeand ferkear troch doarpen as Damwâld, De Falom, Feanwâlden, Hurdegaryp, Burgum en Garyp. De dyk soarget dan ek foar minder oerlêst en ferkearsûnfeilige situaasjes yn doarpen en in bettere berikberens fan Noardeast-Fryslân.
Al by de oanlis fan de autodyk is gebietsûntwikkeling De Centrale As úteinset mei it realisearjen fan de saneamde 'plus'. Mei dizze plus wurde natuermaatregels bedoeld lykas it opknappen fan elzesingels, it ferbetterjen fan de lânboustruktuer en de oanlis fan fyts-, kuier- en ruterpaden. Op dizze webside kinne jo mear lêze oer de natuermaatregels dy't troch gebietsûntwikkeling De Centrale As útfierd wurde. Dizze binne ûnderferdield yn ferskate projekten.
De plannen foar de gebietsûntwikkeling De Centrale As binne opsteld troch de Gebietsûntwikkelingskommisje (GOC). Sy hawwe de winsken en ideeën yn it gebiet ynventarisearre, sjoen nei draachflak, helberens en finansieringsmooglikheden. Partners fan de gebietsûntwikkeling De Centrale As binne û.o. gemeenten, Steatsboskbehear en It Fryske Gea. Fansels telt de miening fan omwenners ek mei.
Natuermaatregels
De basis foar de natuermaatregels yn de gebietsûntwikkeling De Centrale As is de yntegrale gebietsfyzje “Oer greide, sompe en wâld”. De spesifike natuermaatregels binne oerset yn it EHS-kwadrant. EHS stiet foar de Ekologyske Haadstruktuer (of tsjintwurdich it NNN Natuer Netwurk Nederlân). It kwadrant bestiet út fjouwer ekologyske ferbiningssônes dy’t mei-inoar, geografysk sjoen, de foarm fan in kwadrant hawwe. De hoekpunten wurde foarme troch it Schalkediep en de natuergebieten Grutte Wielen, Houtwiel-Falom en de Burgermermar-Leien. Dit kwadrant ferbynt wetter en sompegebieten mei-inoar. De sône rint meastal ek fia wetter en wiete natuergebieten. De wichtichste doelsoarten binne de oan wetter bûne sûchdieren; de noardske wrotmûs, de wetterpipermûs en de otter. Fierder liftsje oare, oan wetter bûne reptilen, amfibyen, ynsekten, fisken en sûchdieren mei.
Barriêres opheffe
Om it kwadrant te ferbinen moatte barriêres weinaam wurde, lykas it krusen fan diken, ferskillen yn wetterpeilen en hurde kaden. Dêrneist is it ek nedich dat by de ferbining genôch stapstiennen binne. In stapstien is in gebiet dat grut genôch is as tydlik ferbliuw en rêstplak of sels as libbensgebiet
Projekten
De natuermaatregels fan gebietsûntwikkeling De Centrale As wurde útfierd yn ferskate projekten. Yn ûndersteand oersicht steane de hjoeddeistige projekten op in rychje. Ek jouwe wy ynsjoch yn de takomstige projekten. Der binne de ôfrûne jierren al in soad projekten ôfsletten. Dêrom steane allinnich de meast resinte ôfsletten projekten yn it oersjoch.
Huidige projecten
Projekt De Lits
Op it stuit wurdt wurke oan de planfoarming foar de ynrjochting fan natuergebiet de Lits. Mei de ynrjochting fan dat natuergebiet meitsje wy in ferbining tusken de Burgumermar en de Leien. Troch de bebouwing by de brêge yn de Sumarderwei is in min foarby te kommen flessehals ûntstien. Njonken it gebiet sels wurdt dêrom in faunapassaazje oanlein, dy't ûnder de dyk trochrint. Dy passaazje ferbynt it natuergebiet mei de al ynrjochte natuergebieten om de Leien hinne. Ek wurdt in kuierpaad oanlein wêrtroch’t in kuierferbining ûntstiet fan de Leien ôf nei Sumar. De útfiering set yn 2023 útein.
Projekt Nijdjip
Dizze maatregel giet oer in fiif kilometer lange ekologyske ferbiningssône. De ferbiningssône is in strook sompige natuer en makket ûnderdiel út fan de natuerferbining tusken de Grutte Wielen en de Alde Feanen. Neist de natuer wurdt ek in natuerfreonlike wâl oanlein, dat is in sône mei ûndjip wetter dêr't wetterplanten goed yn groeie en fisken skûlje en paaie kinne. It súdlike part fan it trajekt makket diel út fan de Fryske Boezem, it oaniensletten stelsel fan kanalen en marren yn Fryslân. Lâns dat súdlike part wurde de wetterkearingen op hichte brocht. Dêrtroch is it njonken lizzende lânbougebiet yn ’e takomst by heech wetter better beskerme.
De natuer lâns it Nijdjip ferbynt ferskate 'ekologyske stapstiennen' (in natuergebiet dat grut genôch is as tydlik ferbliuw en rêstplak of sels as libbensgebiet). Dêr wêr't de sône diken krúst wurde faunabuizen ûnder de dyk oanlein. It projekt is in gearwurking fan de provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân mei finansiering fan it Europeesk Lânboufûns foar plattelânsûntwikkeling (ELFPO).
Om dy maatregels realisearje te kinnen hawwe wy yn de ôfrûne jierren wurke oan de grûnwinning. Dat proses is no sawat klear. Dat betsjut dat it projekt nei de folgjende faze kin. In yngenieursburo is yntusken úteinset mei de ûndersiken en de fierdere tarieding op de útfiering. De útfiering stiet pland fan mids 2022 ôf.
Ofsletten projekten
Natuerkuierpaad Feanwâlden
Tongersdeitemoarn 6 oktober iepenen learlingen fan groep 8 fan IBS dr. Theun de Vriesskoalle yn Feanwâlden in natuerkuierpaad yn harren doarp. Dat diene se ûnder in edukative ekskurzje, dêr’t deputearre Klaas Fokkinga en wethâlder Kees Wielstra fan ’e gemeente Dantumadiel ek oan meidiene. De bern plôken yn ’e ekskurzje fjildblommen. Dy oerlangen se oan ’e deputearre en ’e wethâlder. Dy ferklearren it natuerkuierpaad dêrnei foar iepene.
De ekskurzje waard jûn troch boskwachter Jakob Hanenburg fan Steatsboskbehear. Foar de ekskurzje joech er in gastles yn ’e klasse dêr’t er de bern yn fertelde oer wat oft der bloeit en groeit yn ’e natuer, flakby har hûs.
It natuerkuierpaad rint parallel oan ’e Feanwâldster Feart, oant de krusing mei de Aldfeart. It paad is in ûnferhurde learzepaad fan sa’n 600 meter lang. In nij oanlein brechje jout tagong ta natuergebiet De Houtwiel, in terrein fan Steatsboskbehear.
Takomstige projekten
Projekt De Goddeleaze Singel
Mei de útfiering fan dizze maatregel wurdt de ferbining mei it al ynrjochte part fan de Goddeleaze Singel en de Swimmer makke. De grûn dy't nedich is, is lykwols noch net allegearre bemachtige. Utfiering wurdt yn 2023 ferwachte. It plan is in gearwurking tusken provinsje Fryslân, gemeente Tytsjerksteradiel, Stichting Rom Paad, maatskip Atsma fan Eastermar en Steatsboskbehear.
Projekt Fonejachtbrêge
De faunafoarsjennings by de Fonejachtbrêge helpe it ekologysk passearber meitsjen fan de brêge mei har hurde wâlskanten. De maatregel omfettet in rûte ûnder de brêge troch, troch de oanlis fan fauna útstap plakken en de ynrjochting fan in moerasgebiet (stapstien) yn de oksel fan it Van Harinxmakanaal en it Prinses Margrietkanaal. Opsjoneel is noch in trasee oan de westkant om de brêge hinne fia in besteande faunapassaazje ûnder de Wâldwei troch.
Projekt Foarwâlskanten Prinses Magrietkanaal
Dizze maatregel omfettet it ekologysk passearber meitsjen fan de kanaalsône yn Burgum tusken it nij oanleine paludukt en de Burgumermar. Dit part fan it EHS-kwadrant is troch de lingte en de hurde wâlbeskoeiïng in grut obstakel. It oplossen fan dit knyppunt is kompleks om't bedriuwen, dy't oan it kanaal lizze, lade en losse kinne moatte. Om’t it kanaal drok befearn wurdt troch grutte skippen jilde hege easken foar it beskermjen fan ‘e wâlskanten. Utfiering wurdt yn 2023 ferwachte.
Kontakt
Hawwe jo fragen oer gebietsûntwikkeling De Centrale As? Dan kinne jo it Klantkontaktsintrum fan de provinsje Fryslân telefoanysk berikke op telefoannûmer 058 - 292 59 25, of in mail stjoere nei provincie@fryslan.frl.