Yn polder De Dulf-Janssenstichting ûntstiet mear romte foar natuer en wetter. Fan de simmer 2025 ôf wurdt de polder yn de âlde beekdelling fan it Alddjip ten súdeasten fan Nij Beets yn in perioade fan sa'n trije jier opnij ynrjochte. Dit soarget foar in bettere wetterhúshâlding yn de natuerpolder en mear beskerming fan dizze regio tsjin wetteroerlêst. It ynrjochtingsplan foar dizze polder is op 8 april lêstlyn troch Deputearre Steaten fan provinsje Fryslân fêststeld.

Natuer 

Polder De Dulf-Janssenstichting herberget in karakteristike âlde, meanderjende loop fan it Alddjip, mar hat te krijen mei ferdrûging en ynklinking fan de boaiem. De omlizzende polders binne flink sakke troch turfwinning, omfoarming ta lânbougebiet en it ferleegjen fan it wetterpeil. De eardere beekdelling is dêrtroch wol in meter heger komme te lizzen as de grûn deromhinne. Hjirtroch streamt it grûnwetter fuort nei de legere grûnen mei as gefolch dat de polder ferdrûget, de boaiem ynlinkt en floara en fauna it dreech hawwe. Yn de winterperioade is de polder faak te wiet. Mei de maatregels fan it ynrjochtingsplan wurdt de oan- en ôffier fan it wetter yn dizze polder bot ferbettere. Dat is goed foar de greidefûgels en de karakteristike planten. 

Polder De Dulf-Janssenstichting is ûnderdiel fan it Natuurnetwerk Nederland (NNN) en Natura -2000 gebiet Van Oordt’s Mersken. De ynrjochting fan de polder hat as doel natuer te werstellen en te ûntwikkeljen. Sa wurdt it Natura 2000-gebiet geskikter foar greidefûgels. Yn de nije situaasje wurde de sleatten yn de polder safolle mooglik wer fuorre fanút de beek Alddjip. In systeem fan groppen en sleatten soarget simmerdeis foar foldwaande wetter yn de polder en winterdeis foar in bettere wetterôffier.

Een sloot met wit kruid op de voorgrond en een weiland met hek op de achtergrond.

Klimaatmaatregels 

Troch klimaatferoaring binne der hieltyd faker ekstreme reinbuien. Dêrom ferheget Wetterskip Fryslân de wetterkearing tusken de Nije Feart en polder De Dulf-Janssenstichting. Dêrneist wurdt gemaal De Dulf ferfongen troch in nij gemaal. Om oerstallich wetter te bergjen, wurdt de polder geskikt foar wetterberging yn de winterperioade.

Om't de beek Alddjip by polder De Dulf-Janssenstichting de Nije Feart ynstreamt, is dit in strategysk plak foar wetterberging. De Nije Feart is ûnderdiel fan de Fryske boezem (it stelsel fan marren, kanalen en fearten). Om't de polder foar in soad planten en bisten in wichtich leefgebiet is, wurdt it gebiet allinnich ynset foar wetterberging as in ekstreme hege wetterstân yn de boezem gefaar opsmyt foar bebouwing. Undersyk lit sjen dat de needsaak foar wetterberging it grutst is yn de winterperioade en dat wetterberging yn dizze perioade de minst negative effekten foar de natuer opsmyt. Der binne dan gjin briedende fûgels.

Deistich bestjoerslid Monique Plantinga fan Wetterskip Fryslân:“Wetterskip Fryslân zet de waterberging in als laatste redmiddel. Dat doen we alleen als we niet meer boezemwater uit Fryslân kunnen afvoeren richting IJsselmeer en zee en we de waterstanden in de graslandpolders niet verder kunnen verhogen.” Wetterberging is in mienskiplike ferantwurdlikheid, net allinnich yn lanlik gebiet, mar ek yn beboud gebiet. Wethâlder Durk Durksz fan gemeente Opsterlân jout oan: “ Moai dat we sa fier kaam binne. Ek de gemeente is mei wetterberging oan de slach, yn alle Opsterlânske doarpen. "

Gearwurking 

Wetterskip Fryslân, Staatsbosbeheer, gemeente Opsterlân, LTO Noard en provinsje Fryslân stelden it ynrjochtingsplan op. Ofspraken oer de perioade, dsoer en folchoarder fan ynset fan dizze polder foar wetterberging binne fêstlein yn in oerienkomst tusken wetterskip en Steatsboskbehear. Hjiryn stiet dat de polder allinnich yn de moannen oktober oant en mei febrewaris foar wetterberging as lêste rêmiddel brûkt wurde kin.

Een kaart met daarop het gebied Dulf-Mersken aangegeven

Doelen fan it projekt

Binnen gebiedsontwikkeling de Dulf-Mersken wurkje wy oan ferskate doelen en maatregels. 

Dat binne: 

  • Ynrjochtsje fan nije natuer yn polder De Dulf en Janssenstichting.
  • Ferminderjen fan ferdrûging yn it besteande Natura 2000 - gebiet Van Oordt’s Mersken.
  • Derfoar soargje dat wetter en (wetter)bisten fia de beek Alddjip wer ûnder de A 7 troch kinne.
  • Mear romte foar wetterberging.
  • Ferbetterjen fan de regionale kearing lâns de Nijefeart.
  • Ferfanging fan gemaal De Dulf.
  • Ynrjochtsje fan it lêste part fan it Keningsdjip, it part tusken de noardkant fan de Skipsleat en de A 7 (Kaderrichtlijn Water).
  • Rekreatyf meigebrûk dêr’t dat kin ynpasse en ferbetterje. 

Yn it gebiet spylje noch mear belangen. Bygelyks drinkwetter-en sânwinning en agraryske en rekreative belangen. Om de boppeneamde doelen te berikken wurkje wy gear mei belutsenen, dêrûnder terreinbehearders, Wetterskip Fryslân, LTO, Gemeente Opsterlân, ûndernimmers, partikuliere grûneigeners en omwenners.

Natuerherstel yn besteande natuerterreinen 

Binnen de besteande natuerterreinen oan de eastkant fan de A 7 hawwe de grûneigeners al ferskate maatregels útfierd. Sa binne al in soad sleatten yn dit gebiet ûndjipper makke en wêr mooglik dimpt wêrtroch't se minder wetter ôffiere. Mei as doel safolle mooglik grûnwetter binnen it natuergebiet fêst te hâlden.

Water met pompeblêden en riet er om heen.
Keningsdjip ten easten fan de A7.

Beekdalherstel

It Alddjip sit oan de west- en eastkant fan de A7, mar hat dêr gjin ferbining. Dêrom is yn 2015 in dûker en faunapassaazje oanlein ûnder de A7 troch. By de ynrjochting fan polder De Dulf-Janssenstichting streamt it wetter aanst wol wer fia it Alddjip ûnder de A7 troch nei de Nije Feart. Wy stribje dernei om soks yn de perioade 2026 -2029 te realisearjen. No wurdt it wetter fan de beek fia de Skipsleat nei de Nije feart ôffierd. Sadree't de nije ferbining klear is, kin de polder De Dulf Janssensichting wer (by foldwaande ôffier fan de beek) mei beekwetter fuorre wurde.

Sânwinplasse

Ien fan de maatregels út it Natura 2000 - behearplan is it ferheegjen fan it wetterpeil yn de besteande sânwinplasse by Nij Beets. Dit dogge wy yn gearwurking mei de eksploitant fan de sânwinplasse. 

As it wetterpeil fan de sânwinplasse ferhege wurdt, soarget dat foar tsjindruk op it grûnwetter (kwelwetter) dat djip yn de grûn sit. Hjirtroch sakket it grûnwetterpeil yn it oangrinzjende natuergebiet oan de eastkant fan de A 7 yn drûge perioaden minder fier nei ûnderen Dit is posityf foar de bysûndere fegetaasje en blaugerslannen yn it Natura 2000 - gebiet. It stribjen is om in wetterpeil yn de sânwinplasse te ferheegjen nei -0,50 m NAP. Yn 2020 is it wetterpeil yn de sânwinplasse al mei tweintich sintimeter oant -1,25 m NAP ferhege. De hjoeddeistige kade om de sânwinplasse hinne makket in fierdere peilferheging net mooglik. Dêrfoar moatte de kaden earst ferhege wurde. Om dit te berikken moat wetter oanfierd wurde nei de sânwinplasse. Foarútrinnend dêrop is yn 2022 in nije mjit - en regelkeardaam oanlein. Mei de regelstuw kin it hjoeddeiske peil better ynsteld wurde, mar ek it takomstige peil as de kade op hichte is. Mei de mjitkeardaam wurdt berekkene hoefolle wetter der no út de plasse streamt.

Der wurdt noch ûndersyk dien hoe't der wetter oanfierd wurde kin nei de plasse, wêr wei en fia hokker rûte. Ek wurdt ûndersocht hokker ynfloed it oan te fieren wetter op de kwaliteit fan it wetter yn de sânwinplasse en it grûnwetter hawwe sil.

Een stuwdammetje in een sloot met daar grasvelden om heen.
Mjitstuw by de sânwinplasse
Water met aan de rand een plateau waar men op kan staan.
Regelstuw by de sânwinplasse
Sloot met riet en pompeblêden.
Sleat yn De Dulf-Janssenstichting

Gearwurking

De provinsje Fryslân wurket mei ferskate partijen gear oan de ynrjochting fan it gebiet. Dit binne ûnder oare Wetterskip Fryslân, de Cornelia Stichting, Vitens, gemeente Opsterlân, LTO en Steatsboskbehear.

Kontakt

Hawwe jo fragen oer gebietsûntwikkeling De Dulf-Mersken of oer de bylagen? Dan kinne jo it Klantcontactcentrum telefoanysk berikke op telefoannûmer 058 - 292 59 25, of in mail stjoere nei provincie@fryslan.frl.

Lêste update: 8 april 2025