Earste konklúzjes dialoosesjes ôfbou pestisiden
Ofrûne moandei 7 april 2025 wie de tredde en lêste dialoochsesje oer ôfbou pestisiden. De trije gearkomsten binne in inisjatyf fan bouboer Teun de Jong en steatelid Jochem Knol. Mei it fasilitearjen fan dy trije dialoosesjes fiert de provinsje in inisjatyffoarstel út fan Provinsjale Steaten.
In wiidweidiger evaluaasje folget noch. In earste konklúzje nei oanlieding fan de trije jûnen:
"De dialoochbyienkomsten yn Ljouwert, Easterwâlde en De Jouwer dizze maitiid 2025 hawwe bydroegen oan mear begryp tusken boeren en omwenners mei soargen oer it brûken fan gewaaksbeskermingsmiddels.
Mar wy binne der grif noch net!", sa seit inisjatyfnimmers Teun de Jong en Jochem Knol. En ek: “ Alle oanwêzigen rôpen oan de ein fan de lêste dialoogajûn op De Jouwer de provinsje, gemeenten en it Wetterskip op om de dialooch fasilitearjen te bliuwen en mear rezjy te nimmen, mei achtslaan fan teeltdoelen. Dêrmei foarkomme wy dat wy mei ús allen fersile yn in juridysk 'moeras'. ”
Oare aktiviteiten foar ôfbou pestisiden
Neist it fasilitearjen fan de dialoogavonden wurket de provinsje gear mei bygelyks de Friese Milieu Federatie, gemeenten en Wetterskip oan bewustwurding fan it gebrûk fan pestisiden yn húshâldens en yn it bedriuwslibben. Ek in pylder hjirby is: as provinsje sels it goede foarbyld jouwe yn oanbestegingsregels, grûngebrûk en yntern.