Nei in skjinne en sûne leefomjouwing

It bioferskaat kin wol wat help brûke. Dêr wurkje we op ferskate wizen oan, mar ien dêrfan is it sûner en skjinner meitsjen fan ús leefomjouwing. Dat is wichtich foar de planten en bisten dy't der libje, mar ek foar ús eigen sûnens. 

Dêrom wurkje wy de kommende jierren oan it inisjatyffoarstel ‘Naar een schone en gezonde leefomgeving – afbouw gebruik van pesticiden in Fryslân 2021 -2030’ fan Provinsjale Steaten. It doel fan dat foarstel is om in beweging op gong te bringen nei it ferminderjen fan it gebrûk fan pestisiden yn Fryslân. 

Portretfoto van Jochem Knol

It programma ‘Naar een schone en gezonde leefomgeving’ is in inisjatyf fan Provinsjale Steaten, spesifyk fan de partijen GrienLinks, SP, D 66, PvdD, PvdA, FNP en 50 PLUS. En mei ynstimming fan it CDA. 

Inisjatyfnimmer Jochem Knol (GrienLinks): "Us sûnens is foar in grut part ôfhinklik fan in skjinne leefomjouwing. Skjin en feilich iten en natuer dêr't alle planten en bisten harren yn ûntwikkelje kinne, binne ûnmisber foar ús allegearre. We brûke hieltyd mear gemyske stoffen, wêrûnder pestisiden. Provinsjale Steaten naam it inisjatyf om dêr aktyf wat oan te dwaan en naam in breed droegen foarstel oan om yn'e mande mei bewenners en bedriuwen yn Fryslân it gebrûk fan pestisiden werom te kringen. Goed foar ús sûnens en de natuer" 

Wat is it probleem? 

In soad gewaaksbeskermingsmiddels en biosiden meie neffens de wet gewoan brûkt wurde. Mar fan in oantal komme soms (nei gâns jierren) ferfelende effekten nei foaren. Se bedriigje de kwaliteit fan it wetter, de boaiem, de loft en de natuer. Undersiken litte sjen dat bepaalde stoffen skealike effekten hawwe op it bioferskaat. Bygelyks op ynsekten, fûgels en fisken, mar ek op ús eigen sûnens. Dêrom is it wichtich dat wy der minder fan brûke sille. 

Wat binne pestisiden? 

Pestisiden binne stoffen dy't bedoeld binne foar it bestriden fan sykten, skimmels, pleagen, ûnkrûd en ûngedierte. Se wurde ek wol bestridingsmiddels neamd. Pestisiden is in sammelnamme foar gewaaksbeskermingsmiddels (foar it beskermjen fan gewaaksen tsjin skimmels, ûngedierte, ûnkrûd, sykten) en biosiden (middels tsjin sykten, pleagen en ûngedierte foar oare doelen, bygelyks from - en tekenbantsjes foar húsdieren of ûntwurmingsmiddels foar fee). 

Wat dogge wy as provinsje om de beweging op gong te bringen?

We fine de bestridings-en beskermingsmiddels oeral om ús hinne. Dat betsjut dat wy ek op alderhande ferskillende flakken dy beweging yn gong sette wolle. Yn de lânbou bygelyks bart der al in ôfgryslik soad op it mêd fan it ferminderjen fan gewaaksbeskerming. Hoe't it sit mei it brûken fan dizze stoffen yn it bedriuwslibben yn Fryslân, is noch net goed dúdlik. Dêrom dogge wy dêr ûndersyk nei. Underwilens wolle wy ek de ynwenners fan Fryslân stimulearje om de goede karren te meitsjen yn it gebrûk en de oanskaf fan produkten. En ek yn ús eigen organisaasje sjogge wy hoe't wy derfoar soargje kinne dat wy – bygelyks by it dwaan fan oanbestegings – safolle mooglik rekken hâlde kinne mei it mijen fan it brûken fan pestisiden. Fierder stimulearje wy dialooch op lokale skaal en kennisdieling tusken kwekers. 

Wat kinst sels dwaan?

Afbeelding van het kruid Tijm

Elkenien kin in stientsje bydrage oan it ferminderjen fan it brûken fan dizze stoffen. Troch je bewust te wêzen fan wat je oan produkten keapje en brûke en ek hoe en hoefolle je derfan brûke. Undersyk lit sjen dat de skealike stoffen dy't út húshâldingen yn it miljeu telâne komme faak middels binne om ûnkrûd of ûngedierte bestriden. 

Yn de tún 

Brûk yn de tún gjin gemyske produkten om ûnkrûd fuort te heljen of bistjes te bestriden. Bewider ûnkrûd mei de hân of brûk in natuerfreonlik produkt. Troch it bioferskaat yn dyn tún te ferbetterjen, losse guon problemen harsels somtiden ek op. Sa binne stikelbargen en fûgels sljocht op slakken en ite leavehearsbistjes graach blêdlús. 

Tip: plant sterk rûkende planten as tym, saly of lavindel yn dyn tún om bygelyks slakken te kearen. Wêr't wy de geur faak wurdearje kinne, hâlde slakken dêr krekt net fan. 

Op www.watzullenwenoubeleven.nl steane noch mear tips en alternativen om dochs it ûnkrûd en net-winske bistjes yn de tún oan te pakken. 

Húsbisten 

Njonken bestridingsmiddels foar de tún komme der ek stoffen dy't yn anty-flieze- en tekenmiddels sitte yn it miljeu telâne. Bygelyks as in hûn koart nei behanneling mei sa'n middel yn iepen wetter swimt. Of as húsdieren nei behanneling boarstele wurde en it hier bûten lizzen bliuwe. Faak stiet yn de bysluter hoelang't je de hûn it bêste net yn bûtenwetter swimme litte kinne om foar te kommen dat de skealike stoffen yn it miljeu komme. 

Een hond speelt met een stok in het water.

Subsydzje foar eksperiminten ferminderje gewaaksbeskerming

Boeren en leanwurkers koene yn 2024 eksperimintearje mei it ôfbouwen fan it gebrûk fan gewaaksbeskermingsmiddels en dêrfoar subsydzje krije fan de provinsje Fryslân. Meardere boeren hawwe dêr gebrûk fan makke en sjoen oft se bygelyks by de teelt fan sipels of sûkerbiten minder of gjin gewaaksbeskermingsmiddels brûke koene as se gewoanwei diene. 

Ek Bert Holtsema die sa'n eksperimint by de sûkerbitetylt. Lês yn ûndersteand nijsberjocht hoe't dat gie.

Twee handen hebben een grote suikerbiet beet en op de achtergrond ligt een berg suikerbieten.

Nijsberjochten