Minder gewaaksbeskermingsmiddels yn de biteteelt: in eksperimint
Yn de sûkerbitetylt binne skimmelsykten lykas cercospora en stimphylium in probleem. Dizze sykten kinne soargje foar legere opbringsten, in leger sûkergehalte en in legere sûkerwinning. Dit hat gefolgen foar de útbetelling oan de boer. In sûne sûkerbiteplant is dêrom tige wichtich. Bert Holtsema tylt sûkerbiten en die it ôfrûne seizoen in eksperimint mei it brûken fan minder gewaaksbeskermingsmiddels.
Wat wie it eksperimint?
Faak wurde sûkerbiten twa oant trije kear it seizoen bespuite tsjin sykten, wat trochinoar € 50 de bunder de kear kostet. Yn it eksperimint waard op 2,4 hektare mar ien kear spuite en op 0,8 hektare hielendal net. By ien kear spuitsje yn stee fan trije kear soarget dit al foar in besparring fan € 100 en 0,95 kg oan gewaaksbeskermingsmiddel de bunder.
Wichtichste learpunten
Opfallend wie dat de blêdskimmelsykten wol oanwêzich wiene, mar har mar stadich fersprieden. Sels by it brûken fan minder of gjin gewaaksbeskermingsmiddels. "Eins wie de útkomst wol in bytsje ferrassend. Dat je met gebruik van maar heel weinig product de schade toch beperkt", seit Holtsema.
Gewoanwei krije biten keunstdong fóár it siedzjen en yn it groeiseizoen. Spoareleminten, dy't wichtich binne foar de groei, helje de plant meastentiids út de boaiem. Mar by stress of drûchte nimt de plant dizze minder goed op. Holtsema tsjinne spoareleminten trije kear fia it blêd ta en brûkte dêrneist yn de maitiid driuwdong.
It eksperimint liet sjen dat it beheinen fan gewaaksbeskermingsmiddels mooglik is troch de planten goed te fieden mei spoareleminten. Dit makket de biten wjerberder tsjin sykten. Holtsema: “It is ferlykber mei minsken: sûn iten soarget foar mear wjerstân, mar sykten hielendal foarkomme slagget net altyd. It waar spile ek in rol yn de opbringst, lykas swiere reinfal dy't dongstoffen útspielde."
Takomst
Holtsema is fan doel dizze metoade ek takom jier yn te setten. It hat net allinnich finansjele foardielen, mar ferminderet ek de belesting foar it miljeu. It bliuwt in útdaging om resultaten goed mjitber te meitsjen, omdat alle seizoenen oars is en ek it waar in grutte rol spilet. It reinwetter hat de biten gjin goed dien.
"Wat ik tenei alle jierren dwaan sil, is in blêdstâltsje-ûndersyk", seit Holtsema. "Dat die ik earder net, mar it liet dit jier sjen dat der fierstente min stikstof yn it blêd siet. Dat is útspield troch al it reinwetter. Omdat ik no mear ynsjoch hie yn de status fan de planten, koe ik dêrop ynspylje en de planten de nedige fiedingsstoffen jaan."
