Ferkearskoördinator Wesley oer de rol fan autoferljochting foar de ferkearsfeilichheid
Hoe draacht goede autoferljochting by oan de ferkearsfeilichheid? Wesley de Boer, de koördinator fan it basisteam Plysje Ljouwert leit út: “Goede autoferljochting is krúsjaal om yn it ferkear goed sichtber te wêzen. In soad ferkearsdielnimmers sille werkenne dat ferfiermiddels, oft it no auto’s of fytsen binne, minder opfalle as se gjin ferljochting fiere. Do sjochst se gauwer oer de holle. Yn ‘e praktyk sjogge wy dat dat foar gefaarlike situaasjes en ûngelokken soargje kin.
Hoe beoardielet de plysje autoferljochting?
De (ferkears)plysje is der net allinne om derop ta te sjen dat alle ferkearsdielnimmers feilich oan it ferkear meidwaan kinne, mar ek om derfoar te soargjen dat elkenien him oan ‘e regels hâldt. Mar hoe sit dat krekt mei de regels oer autoferljochting? “By de plysje sjogge wy op twa manieren nei autoferljochting,” fertelt Wesley. “Oan ‘e iene kant hawwe wy permaninte easken oan in ferfiermiddel, dy’t bygelyks oer it soarte ferljochting en de kleur fan de ferljochting, dy’t yn Nederlân wetlik ferplichte binne, geane. Oan ‘e oare kant binne der gebrûkseasken dy’t foarskriuwe hoe’tst de ferljochting brûke moatst. Bygelyks: it is ferplichte om dyn ferljochting yn it tsjuster oan te setten en de rjochtingoanwizers te brûken ast de bocht om giest.”
Eigen ferantwurdlikheid yn ferkearsfeilichheid
Ferljochting is net allinne in wetlike ferplichting, mar draacht ek by oan in feiliger ferkear foar elkenien. “It net korrekt fieren fan ferljochting kin grutte gefolgen foar de ferkearsfeilichheid hawwe. Dêryn is it wichtich dat elkenien syn eigen ferantwurdlikheid nimt. By in oanriding kin it wêze dat immen net goed sichtber is troch in obstakel, mar ûnfoldwaande ferljochting kin grif ek in faktor wêze. Dat is de reden wêrom’t dat aspekt ek altyd ûndersocht wurdt,” neffens Wesley.
“Alle ferljochting dy’t net standert op in auto heart, kin liede ta ôflieding. Minsken wurde ferbline of nijsgjirrich en sjogge dernei, en dat kin gefaarlik wêze op ‘e dyk.”
Boete by minne ferljochting
Do soargest dus net allinne foar feilige autoferljochting foar dysels, mar ek foar oare ferkearsdielnimmers. Wesley: “As wy ûnderweis in ferfiermiddel tsjinkomme dy’t syn ferljochting net goed fiert of in stikkene lampe hat, dan sille wy de bestjoerder dêr op oansprekke.” Ride mei stikkene ferljochting of it ûnrjochtlik brûken fan mist- of grutljocht kin liede ta in boete fan tusken de 55 en 160 euro. Wesley wiist der lykwols mei klam op dat net alle bestjoerders dy’t yn sa’n situaasje oansprutsen wurde ek daliks in boete krije: “Ast yn ‘e auto in set reservelampen hast, dan kinst op it plak sels in stikkene lampe ferfange, en dat kin yn guon gefallen helpe om in boete foar te kommen. Moderne LED-ferljochting kinst net sels ferfange, meastal krigest dan wol in melding op it dashboard.”
Gefaarlike kreativiteit op ‘e dyk
Njonken ûnfoldwaande sichtberens warskôget Wesley ek foar te felle of oanwêzige ferljochting: “Hieltyd faker sjogge wy minsken dy’t mei autoferljochting eksperimintearje. Mar alles wat net standert op in auto heart, is net tastien en kin sels beboete wurde. Wy sjogge bygelyks minsken dy’t ferkearde kleuren ljocht brûke of fierstrielers tafoegje. Der binne ek gefallen dat minsken yn ‘e auto tefolle ljocht brûke, bygelyks mei in krystbeam fol kleurde ljochtsjes. Dat kin ôfliede, wat gefaarlik is, omdat ferkearsdielnimmers harren oandacht net mear op ‘e dyk hâlde.”
Goede ferljochting is net allinne ferplichte, mar draacht by oan in feiliger ferkear foar elkenien.
Meldings oer deirydferljochting
De plysje kriget boppedat geregeld in melding oer it brûken fan deirydferljochting. Dêr fertelt Wesley oer: “In soad bestjoerders witte net dat harren efterljochten net altyd automatysk brâne by deirydferljochting. Dat kin benammen by min waar of yn ‘t tsjuster ta ûnfeilige situaasjes liede.” Deirydferljochting wurdt faak automatysk aktivearre, mar it is mooglik om dy ynstelling oan te passen, sa’t Wesley sels ek dien hat: “De garaazje hat myn auto sa ynsteld dat by deirydferljochting de efterljochten ek automatysk oangeane.”
Witte hoe’tst de goede ferljochting by ûnderskate (waars)omstannichheden en ferkearssituaasjes brûke moatst? Yn dit artikel lêst der alles oer.