Mei goed ljocht sjochst mear
Mei goed ljocht sjochst mear
Alle jierren kinne wy op syn minst tritich ferkearsdeaden en fiifhûndert earnstich ferwûne minsken foarkomme as alle automobilisten oerdeis de goede autoljochten oansette (ANWB). Om bewustwêzen te kreëarjen en Friezen yn ‘e auto feilich op ‘en paad gean te litten, stjoert de provinsje Fryslân de ferkearsfeilichheidskampanje ‘Met goed licht zie je mear’/ ‘Mei goed ljocht sjochst mear’ de wrâld yn. Mei goede autoferljochting bist net allinne sels better sichtber, mar sjochst ek de dyk en oare ferkearsdielnimmers better. Yn ‘t tsjuster, mar ék oerdeis.
Wannear is autoferljochting ‘goed’?
Goede autoferljochting giet fierder as allinne goed wurkjende lampen. It hâldt yn dat de ferljochting technysk feilich is en oan de foarskriften foldocht. Dat betsjut dat alle ferljochting fan ‘e auto wurket, skjin is, goed ôfsteld is en dat it goede type lampen brûkt wurde. Boppedat hâldt ‘goede ferljochting’ ek it goede gebrûk fan autoferljochting yn. It is wichtich om te witten yn hokker (waars)omstannichheden en ferkearssituaasjes ast hokker soarte ferljochting fiere moatst.
De wichtichste ynformaasje yn ien eachopslach
Goede ferljochting is net allinne ferplichte, mar draacht ek by oan in feiliger ferkear foar elkenien.
Goed ljocht: meitsje der in gewoante fan
Goede autoferljochting is net allinne wetlik ferplichte, mar draacht ek by oan in feiliger ferkear foar elkenien. Troch goede ferljochting te fieren, falst better op yn it ferkear. Troch geregeld dyn autoferljochting nei te sjen/neisjen te litten en te witten wannear’tst hokker ferljochting brûke moatst, giest goed ferljochte de dyk op. Want mei goed ljocht sjochst mear. Meitsje der in gewoante fan.
Wannear skeakelest hikker soarte ferljochting yn? Tsjeklist: is dyn autoferljochting feilich?
Wolsto it boadskip fan de kampanje fierder útdrage? Dat kin!
Litte wy mei-inoar it bewustwêzen oer goede autoferljochting fergrutsje om goede autoferljochting te stimulearjen.