Regiomanager Kees fan de ANWB oer wat autoferljochting ‘goed’ makket
Autoferljochting is bêst in kompleks ûnderwerp. Want wat makket autoferljochting eins ‘goed’? Kees Terwisscha fan Scheltinga, regiomanager Noard-Nederlân by de ANWB, is alle dagen mei dy fraach dwaande en fettet is sa gear: “Foar goede autoferljochting is it krúsjaal om te begripen wannear ast hokker ferljochting brûke moatst, ôfhinklik fan de (waars)omstannichheden en ferkearssituaasjes. Dêrnjonken moatst geregeld kontrolearje oft dyn autoferljochting goed wurket.”
Altyd sels neitinke is krúsjaal
Omdat goede ferljochting net allinne om de lampen sels giet, mar ek om it brûken fan de goede ferljochting, is it wichtich om te witten watst dochst: “Nettsjinsteande dat in soad moderne auto’s tsjintwurdich automatysk de ferljochting regelje, bliuwt it wichtich datst sels neitinkst én begrypst wannear ast de ûnderskate soarten ferljochting ynskeakelje moatst,” neffens Kees. “Ek al hast noch sa’n tûke auto, dochs kin hy noch flaters meitsje. Bygelyks as it in bytsje mistich is of as it begjint te reinen, en de sensor net de goede ferljochting aktivearret. Dus bliuw sels altyd wach en hannelje bewust. Dêr begjint it mei.”
‘’In soad moderne auto’s regelje tsjintwurdich automatysk de ferljochting, dochs bliuwt it wichtich datsto sels ek neitinkst en begrypst wannear ast hokker soarte ferljochting brûkst.’’
Tsjek dyn ferljochting by bysûndere situaasjes
Goede autoferljochting is in kwestje fan technysk goede autolampen en it krekte gebrûk dêrfan. “It is essinsjeel om te witten hoe’t it der mei dyn autoferljochting foar stiet,” seit Kees. “Njonken datst sels geregeld in flugge kontrôle dwaan moatte soest, wurdt dyn autoferljochting ek by de APK-keuring kontrolearre. Boppedat riede wy oan om yn bysûndere situaasjes ekstra kontrôles te dwaan, bygelyks ast in soad passazjiers hast, in caravan of fytserek efter de auto keppelest, of ast mei in folle kofferbak op fakânsje giest. It ekstra gewicht efteryn kin derfoar soargje dat dyn auto wat efteroer hinget, wêrtroch’t de koplampen te heech skine kinne.”
Ofstelling ferljochting kontrolearje
Yn guon gefallen wurdt it ôfstellen fan de koplampen automatysk regele, mar by oare auto’s kinst dat oan ‘e linkerkant fan it stjoer mei de hân ynstelle. Wolst sels kontrolearje oft de ôfstelling goed is? Kees jout it neikommende advys: “Parkearje sawat 20 meter fan in muorre of in winkelrút ôf en besjoch de refleksje fan dyn koplampen.”
Smoargens kin de opbringst fan dyn lampen gâns ferminderje, soms wol oant 80%.
Skjinne lampen, mear sicht
Net allinne de ôfstelling fan de koplampen is wichtich, ek is it goed om smoargens op dyn lampen yn ‘e gaten te hâlden. “Smoargens kin de ljochtopbringst fan dyn lampen gâns ferminderje, soms oant wol 80%,” leit Kees út. “Dêrom is it fan belang om dyn lampen skjin te hâlden. Op it stuit wurdt der bygelyks troch in soad boeren yn Fryslân rispe, wêrtroch’t der mear modder op ‘e dyk leit. Dy modder spat op dyn koplampen en dêrtroch ferminderet de ljochtopbringst. It is dêrom goed om sa no en dan dyn lampen skjin te meitsjen. Dat binne ienfâldige maatregels dêr’tst in grut ferskil mei meitsje kinst.
Ek oerdei is ferljochting essinsjeel
Wylst it brûken fan autoferljochting by skimer of as it tsjuster is logysk is, fynt Kees dat oerdeis ék wichtich. Kees: “By de ANWB stribje wy dernei om de reis fan elkenien sa effisjint en feilich mooglik te organisearjen, fan begjin oant de ein. Autoferljochting spilet dêr in wichtige rol by. Wy lizze dêrby de klam krekt ek op it fieren fan ferljochting oerdeis. Hoewol’t it yn Nederlân oerdeis net ferplichte is om mei ferljochting te riden, riede wy it dochs tige oan. Benammen yn lanlike gebieten lykas Fryslân, mei syn tsjustere ûnoersichtlike lytse dykjes, kin it fieren fan goede autoferljochting ek oerdeis in grut ferskil meitsje.”
Mear witte oer de rol fan autoferljochting yn ferkearsfeilichheid? Lês dan it ynterview mei Wesley de Boer, de koördinator fan it basisteam Plysje Ljouwert.