Fragen en antwurden oer de wolf en de subsydzjeregeling

Wat doch ik as ik in wolf sjoch?
Een persoon wijst met zijn/haar schoen een pootafdruk van een wolf aan in de modder
Abeelding: Marielle van Uitert

De kâns om yn Nederlân in wolf yn it wyld tsjin te kommen is lyts. Mochten jo in wolf tsjinkomme:

  • bliuw kalm, jou de wolf de romte;
  • nim stadich ôfstân;
  • hast in hûn by dy, hâld dy dan oan ’e line;
  • as de wolf te tichtby komt: lûd prate en gebaren meitsje;
  • rin de wolf net efternei;
  • jou de wolf gjin iten

Wiernemingen fan in wolf of in wolfspoar kinne jo trochjaan fia Wolvenmeldpunt. Dêr fine jo ek wiidweidige ynformaasje oer it gedrach fan in wolf, de libbenswize fan in wolf en de histoarje.

Kin in stek op de provinsjegrins de wolf bûten Fryslân hâlde?

Stichting Wolvenhek Fryslân wol in stek pleatse oan de provinsjegrins om foar te kommen dat de wolf him yn Fryslân fêstiget. Dit plan hat lykwols grutte ekologyske en juridyske beswieren en ûnwissichheden. De hjoeddeistige wet - en regeljouwing stiet net ta om de wolf te kearen út it hiele grûngebiet en in '0-stân' te hantearjen. De wolf genietet as diersoarte ynternasjonale beskerming yn it Ferdrach fan Bern en yn Taheakke II en IV fan de Europeeske Habitatrjochtline. It mei opset sin deadzjen, fangen of fersteuren fan wolven is ferbean op grûn fan de Omjouwingswet.

Dêrom kin de provinsje as eigener fan de grûnen en diken net meiwurkje oan it kearen fan wolven út de provinsje, noch in omjouwingsfergunning ôfjaan foar it pleatsen fan in wolvestek om de provinsje hinne. Skieppehâlders wolle harren fee fansels goed beskermje en se moatte dat ek op basis fan de Wet Welzijn Landbouwhuisdieren. De Faunaschade Preventie Kit Wolven lit sjen mei hokker previnsjemaatregels skea troch wolven foarkomme of beheind wurde kin.

Hoe wit ik oft en wêr 't in wolf yn Fryslân is?

Om de wolveoanwêzigens yn Fryslân op 'e foet te folgjen is it belangryk om goed te monitoarjen. Op dit stuit bringt BIJ 12 de oantallen, fersprieding en komôf fan de wolven dy 't yn Nederlân ferbliuwe alle moannen yn kaart.

Wat ite wolven?

In wolf yt yn trochsneed 1,5 kilo fleis deis. Hy belibbet sawol goede as minne dagen ôfhinklik fan de beskikberens oan proaidieren en de fangkâns. Ynternasjonaal ûndersyk toant oan dat wolven ôfhinklik binne fan in sûne populaasje wylde hoefdieren dy 't bestiet út reeën, harten en bargen. By krapte skeakelet in wolf tydlik oer op lytsere bisten, lykas kjifdieren en fûgels. By in tekoart oan wylde proaidieren fergrizet in wolf him soms ek oan lânbouhúsdieren. Benammen skiep binne kwetsber, foaral by ûnfoldwaande beskerming.

Mei allinnich deimen en reeën yn Fryslân ûntbrekt it oan in sûne populaasje grutte wylde hoefbisten. Dat betsjut dat der in leech ekologysk draachflak is foar wolven yn Fryslân yn ferliking mei de gebieten yn Dútslân dêr 't wolven permanint fêstige binne. Dit ferheget de kâns op oanfallen op lânbouhúsdieren. Dêrom binne effektive previnsjemaatregels needsaaklik. Mear ynformaasje oer it gedrach fan wolven fine jo op Wolven yn Nederlân.

Wêrom deadet in wolf soms mear skiep as dat er yt?

Faak wurdt de wolf as in ' moardlustich ' bist bestimpele, as bygelyks yn in greide meardere skiep deamakke wurde sûnder dat se allegear opfretten of meinommen wurde. Dat liket sinleas en falt foar de minsken mar dreech te begripen. Dit gedrach, dat ' surplus-killing ' neamd wurdt, hat neat te krijen mei in bloedtoarstich karakter, mar is ynstinktyf oerlibbingsgedrach. Wannear 't in rôfbist konfrontearre wurdt mei gâns panikerige proaien dy 't net fuortflechtsje kinne (lykas yn in wei ), wurdt it rôfbisteynstinkt prikele en kinne alle bisten binnen syn berik deade wurde.

Binne wolven gefaarlik foar minsken en hûnen?

Wolven en minsken kinne njonken elkoar libje. Sûne wolven dy't net provosearre wurde of fuorre, foarmje op foarhân gjin bedriging foar de minske. Wolven mije kontakt mei minsken en binne oer it algemien skou en net agressyf wannear't se dochs minsken moetsje. Risiko foarmje wolven dy't gjin natuerlike skuwheid foar minsken mear besitte, bygelyks trochdat se fierd wurde. Gefaarlike situaasjes kinne ûntstean as wolven oan minsken wenne of as minsken in wolf oanfalle of yn it nau driuwe. Behannel in wolf mei respekt en hâld ôfstân.

Hâld jo hûn oan 'e riem yn in natuergebiet

Wolven sille hûnen by minsken ornaris net benaderje. De moeting tusken in losrinnende hûn en in wolf kin wol ta in konfrontaasje liede. Yn natuergebieten – hûnelosringebieten dêrlitten – is it ferbean om hûnen losrinne te litten. Dit is dus de ferantwurdlikheid fan de hûnebesitter.

Binne wolven gefaarlik foar hynders en ponnys?

De kâns dat wolven hynders en ponnys oanfalle is lyts. Yn Dútslân giet it om 0,5% (18 bisten) fan de wolfoanfallen yn 2021 in hynder en/of ponny. Wannear't in wolf ponnys oanfalt, giet it faak om âldere, swakkere of lytse bisten, dy't net genôch beskerme binne. Net allinnich troch in wolfkearende ôfrastering, mar ek troch it kuddeferbân dêr't se yn de greide steane. Sa sil in keppel hynders mei in hynst, merjes en fôlen mear beskerming biede as in pear jierlingen sûnder âlderdier. De wolf is in opportunist: hy kiest kwetsbere bisten, dêr't er mear kâns tsjin makket. Dêrom riede we bygelyks wol oan om merjes mei fôlen nachts op stâl te setten.

Skea troch wolven beheint him net ta skiep en geiten. De provinsje advisearret alle bistehâlders om passende maatregels te treffen. Hâlders fan skiep, geiten, kij, hynders en ponnys kinne gebrûk meitsje fan de subsydzjeregeling foar de oanskaf fan previnsjemaatregels om skea troch in wolf foar te kommen. Dat kin yn it troch Deputearre Steaten fêststelde wolvegebiet, dêr 't de kâns op wolveaktiviteiten it grutst is.

Hoefolle lânbouhúsdieren binne troch wolven yn Fryslân deade?

Elk fearnsjier publisearret BIJ 12 in rapportaazje oer de aktiviteit fan de wolf yn Nederlân. BIJ 12 is de organisaasje dy 't it wolvebelied fan de provinsjes útfiert, lykas de ferwurking fan meldingen, monitoaring fan de wolf per provinsje en ôfhanneling fan skea. 

Op de website fan BIJ12 wurdt in aktueel oersjoch jûn fan de by BIJ12 melde oanfallen op lânboubisten.

De falidearre wolvewaarnimmingen binne ek werom te finen fia de webside fan BIJ 12 en wurde alle moannen fernijd en oanfolle.

een wolf loopt weg en kijkt om. Dit is een voorpagina van een tussenrapportage activiteit wolf in Nederland
Afbeelding: BIJ12
Wat moat ik dwaan nei in oanriding mei in wolf?

By in oanriding fan in wolf jildt itselde as by oar grut wyld. Jo moatte kontakt opnimme mei de plysje. Trochride is strafber. De plysje regelet dat der in faunabehearder komt. Deade bisten dy 't in beskerme status hawwe, meie jo net ferpleatse. Jo kinne foto's meitsje fan de situaasje op it plak sels.

Wannear 't it bist net fataal rekke is, kin it flechtsje. Ek dan is it belangryk dat jo de oanriding melde en net trochride. Is de wolf ferwûne, mar flechtet er net? Hâld dan ôfstân, want it bist kin jo oanfalle.

Wat moat ik dwaan as ik in ferwûne wolf waarnim?

Nim kontakt op mei de plysje. Dy sil regelje dat der in faunabehearder komt. Benader in ferwûne wolf dy't net flechtet net.

Wannear prate wy fan in probleemwolf?

Wolven mije yn prinsipe it kontakt mei minsken. Under normale omstannichheden foarmje wolven foar minsken dan ek gjin bedriging. It komt lykwols foar dat wolven op ûnferwachte plakken sjoen wurde, lykas yn beboud gebiet of lâns wegen. Ek dan is net altyd sprake fan ûnnatuerlik gedrach en is yn de measte gefallen net sprake fan in gefaarlik situaasje. In situaasje kin wol gefaarlik wurde wannear 't wolven harren skuwheid ferlieze, bygelyks as se troch minsken fuorre wurde. Yn dat gefal sil earst besocht wurde de wolf wer "bang" foar minsken te meitsjen. As dat net slagget, kin úteinlik besletten wurde de wolf te deadzjen.

Kin ik feilich yn it Drintsk Fryske Wâld kuierje of fytse?

Yn it Drents Friese Wold wurdt geregeld in wolf sjoen. Meastal hat in wolf in minske of groep minsken earder sjoen as oarsom. In wolf toant fan natuere net folle ynteresse yn minsken. Salang 't jo de wolf net yn it nau driuwe, sil er ôfstân hâlde en útnaaie. De wolf sjocht de minske net as proai.

It is wichtich om by it gearlibjen mei wylde bisten de basisregels yn acht te nimmen. Wat kinne jo it bêste wol en net dwaan as jo in wolf tsjinkomme?

De wichtichste basisregels

  • Hâld ôfstân ta de wolf – leafst 100 meter;
  • Bliuw op de tastiene paden en wegen;
  • Komt de wolf te tichtby, nim stadich ôfstân, praat lûd en meitsje gebearten;
  • Rin de wolf net efternei;
  • Fierje de wolf net;
  • Hâld jo hûn koart oan, ek yn 'e losringebieten.
Ik wenje yn de Drintsk Fryske regio en sjoch geregeld in wolf. Wat moat ik dwaan?

Om it Drintsk-Fryske Wâld hinne wurdt geregeld in wolf sjoen. De wolf is in beskerme bistesoart. It is wichtich om by it gearlibjen mei wylde bisten de basisregels yn acht te nimmen. As wy wolven mei rêst litte, genôch ôfstân hâlde en net fiere, binne se gjin bedriging foar de minske. Wat kinne jo it bêste dwaan as jo in wolf tsjinkomme?

De wichtichste basisregels

  • Hâld ôfstân fan de wolf – by foarkar 100 meter;
  • komt de wolf te tichtby, nim stadich ôfstân, praat lûd en meitsje gebearten;
  • rin de wolf net efternei;
  • fear de wolf net;
  • hâld jo hûn koart oan, ek yn 'e losringebieten; hâld iten ûnberikber foar de wolf;
  • plak wolfkearende rasters foar jo lânbouhúsdieren.

Jou meldingen troch

  • Hawwe jo in wolf sjoen? Jou dit dan troch fia www.bij12.nl/wolvenmeldpunt
  • Hawwe jo oerlêst fan wolvespotters? Meld dit dan by jo gemeente.
  • Hawwe jo skea troch (nei alle gedachten) in wolf? Meld dit dan by www.bij12 .nl/wolvenschade.
  • Hawwe jo in akute bedriigjende situaasje? Belje dan de plysje.

Fragen en antwurden oer subsydzje

Kin ik subsydzje krije foar it nimmen fan previntive maatregels by hynders?

Skea troch wolven beheint him net ta skiep en geiten, mar treft dy diersoarten wol boppegemiddeld. Yn novimber 2023 hat provinsje Fryslân besletten om ek it treffen fan previntive maatregels te subsidiearjen by hynders, ponnys en kij. Provinsje Fryslân folget hjirmei de line fan provinsje Drinthe. It oerlis hjiroer wurdt noch fierd en de útkomsten binne ûnderdiel fan it nije ynterprovinsjale wolveplan. Op koarte termyn is provinsje Fryslân net foarnimmend om de subsydzjeregeling yn Fryslân oan te passen.

Hâlders fan skiep, geiten, kij, hynders en ponnys kinne gebrûk meitsje fan de subsydzjeregeling foar de oanskaf fan previnsjemaatregels om skea troch in wolf foar te kommen. Dat kin yn it troch Deputearre Steaten fêststelde wolvegebiet, dêr 't de kâns op wolveaktiviteiten it grutst is.

Ik wol oer in pear moanne spraat om meardere perselen in ôffreding pleatse. Mei ik no in oanfraach yntsjinje en letter dit jier foar de oare perselen in nije oanfraach dwaan?

Nee, jo kinne mar ien kear in oanfraach yntsjinje. Jo hawwe nei subsydzjeferliening trije moanne de tiid om de ôffreding te pleatsen en mei ien kear útstel freegje fan nochris trije moanne. 

Ik wenje net yn wolvegebiet, mar der hawwe yn de buert wol oanfallen west. Kin ik dan ek gebrûk meitsje fan de subsydzje?

Skiep- en geitehâlders, hynste- en ponyhâlders en kowefeehâlders bûten it wolvegebiet kinne, ûnder inkelde betingsten, ek oanspraak meitsje op de subsydzjeregeling. Betingsten foar de kalamiteiteregeling: 

  1. Der binne trije oanfallen binnen sân dagen
  2. yn in oaniensletten regio binnen ien gemeente of twa neistlizzende gemeenten.
Kin ik advys ynwinne hoe 't ik de rasters it bêste pleatse kin?

Sûnt de maitiid fan 2022 is der in wolvekonsulint yn Fryslân. In wolvekonsulint kin hâlders fan lânbouhúsdieren fergees op maat advisearje. Sawol op ôfstân (telefoanysk, e-mail) as op lokaasje. Dêrneist biedt hy help by it oanfreegjen fan subsydzje. Jo kinne kontakt opnimme mei wolvekonsulint Jaap Mekel fia info@mekelogischbeheer.nl

Wêr kin ik advys ynwinne hoe 't ik de subsydzje oanfreegje moat?

Sûnt de maitiid fan 2022 is der in wolvekonsulint yn Fryslân. In wolvekonsulint kin hâlders fan lânbouhúsdieren fergees op maat advisearje. Sawol op ôfstân (telefoanysk, e-mail) as op lokaasje. Dêrneist biedt hy help by it oanfreegjen fan subsydzje. Jo kinne kontakt opnimme mei wolvekonsulint Jaap Mekel fia info@mekelogischbeheer.nl

Mei ik brûkte / twaddehânsk materialen brûke foar de wolfkearende ôffreding?

Nee, dit is net tastien. By twaddehânsk materialen is der gjin sicht op de kwaliteit fan de ôffreding. Wy wolle graach dat de ôffreding dy 't jo oanskaffe, fan foldwaande kwaliteit is om jierrenlange beskerming tsjin oanfallen fan 'e wolf te bieden. By it berekkenjen fan de subsydzjebedraggen geane wy út fan (de prizen fan) nije materialen.

Ik hie ferline jier in jong hynder ekstra dat noch net opnommen wie yn it I & R. Kin dat hynder dochs meinommen wurde by de berekkening?

Nee, dat is net mooglik. By it berekkenjen fan 'e subsydzje geane wy út fan jo trochsneed oantal registrearre lânbouhúsdieren yn it jier foardat jo de subsydzjeoanfraach dogge. Freegje jo in subsydzje oan yn 2024, dan sjogge wy nei it yn it Identifikaasje- en Registraasjesysteem fan it gemiddeld tal dieren registrearre lânbouhúsdieren yn 2023.

Ik haw gjin steatsstipe krigen. Moat ik dan dochs in Deminimis-ferklearring ynfolje?

Binne jo ûndernimmer? Dan krije wy graach in ynfolle Deminimis-ferklearring. By de bedragen folje jo dan € 0,00 yn. In Deminimis-ferklearring is net fan tapassing as jo gjin ûndernimmer binne. 

Op it oanfraachformulier moat ik by fraach 2 b de totale lingte yn strekkende meter fan de ôffreding ynfolje. Nim ik dêrfoar it tal meters tried dat ik nedich ha foar de te meitsjen ôffreding of de lingte fan de ôffreding?

Jo folje it tal meters fan de ôffreding sels yn, net it tal meters tried dat jo oanskaffe wolle. Hawwe jo bygelyks in perseel fan 5 by 10 meter dan wurdt de ôffreding 30 meter, nammentlik de omkriten fan jo perseel: 2 x 10 meter en 2 x 5 meter. 

Ik haw in skoft lyn al in wolfkearende ôffreding oanskaft en pleatst. Kin ik noch subsydzje ûntfange?

Dat kin as de faktueren net âlder binne as ien kalindermoanne foar it yntsjinjen fan de oanfraach. Hawwe jo bygelyks yn maart 2024 materiaal oanskaft, dan kinne jo dêrfoar yn april 2024 noch in subsydzjeoanfraach yntsjinje. 

Ik haw sjoen dat de wolfkearende ôffreding mei triedden lykas yn de Faunaskea Preventykit module wolven de wolf net tsjinhâldt. Mei ik oare materialen brûke lykas bygelyks in ôfrastering fan betongaas?

Nee, dit mei net. BIJ 12 hat foar skea troch wolven in Faunaschade PreventieKit (FPK) opsteld. Hjiryn binne maatregels en materialen opnommen dy 't bewiisd effektyf binne. Materialen dy 't net yn de FPK opnaam binne, komme net foar subsydzje yn oanmerking. 

Kin ik it formulier ek digitaal ynstjoere?

Nee, dat is op dit stuit noch net mooglik. Jo kinne de oanfraach fia de post of by de baalje fan it provinsjehûs yntsjinje.

Stiet jo fraach der net by? Op de site fan BIJ 12 fine jo ek antwurden op faak stelde fragen.

Kontakt

Hawwe jo fragen oer de wolf of dizze side? Nim dan kontakt op mei it Klant Contact Centrum.

  • E-mail: provincie@fryslan.frl
  • Telefoan: 058 - 292 59 25
  • WhatsApp: 06 - 10 26 88 31 (op wurkdagen fan 8.30 oant 17.00 oere beskikber)