By it oanfreegjen fan in ûntheffing Wet natuurbescherming, ûnderdiel soarten, moat in aktiviteiteplan oerlein wurde.

It aktiviteiteplan kinne jo op jo eigen wize foarmjaan en ynfolje. Wol is it wichtich, dat ûndersteande punten neamd wurde. As jo fan betinken binne, dat guon dielen net ynfolle hoege te wurden, jou dan oan wêrom.

Troch safolle as ’t kin it ûndersteand format oan te hâlden, kinne wy jo ûntheffingsoanfraach sa goed mooglik behannelje. Dat befoarderet de trochrintiid.

Aktiviteit

  • In omskriuwing fan it plangebiet mei kaart(en) wêrby’t oanjûn is wat oft de hjoeddeiske en takomstige sitewaasje is. De detaillearring moat ôfstimd wêze op ’e effekten op ’e oanwêzige soarten en/of populaasje.
  • In dúdlike omskriuwing fan ’e aktiviteiten dy’t ûndernommen wurde sille.
  • It tiidrek dêr’t de aktiviteiten yn plakhawwe sille ynklusyf in tiidsplenning fan ’e ûnderskate wurksumheden en ’e maatregels dy’t nommen wurde sille.
  • Jou neffens soart oan hokker ferbodsbepalings oft negearre wurde sille mei in beskriuwing fan hoe en wêrom’t de ferbodsbepaling negearre wurdt.

Beskerme soarten dy’t oanwêzich binne

  • Jou de útkomsten fan ’e ynventarisaasje fan ’e oanbelangjende soarten ynklusyf de metoade en techniken fan ynventarisaasje. Jou oan dat it kennisdocument folge is en, as dat net sa is, jou dan oan wêrom net.
  • Dêrby moat ek neffens soart oanjûn wurde:
    - wêr is de soart fûn (leafst mei kaartmateriaal)?
    - hoe grut is it tal ferbliuwsplakken dat fûn is?
    - hoefolle eksimplaren neffens ferbliuws- of groeiplak?
    - hokker ekologyske funksjes binne yn it plangebiet oanwêzich (û.o. groeiplak, fuortplantingslokaasje, rêst- en/of ferbliuwsplak, foerazjeargebiet,        migraasjerûte).
  • Wat is de geunstige steat fan ynstânhâlden en fersprieding fan ’e soarten dy’t fûn binne? Doch dat sawol op pleatslik, regionaal as lanlik nivo. Neam boarnen.
  • Wat is it belang fan it plangebiet foar de soart en hokker alternative gebieten om yn te libjen binne yn ’e omkriten fan it plangebiet oanwêzich?
  • Stjoer as ûnderbouwing it (de) ûndersyksrapport(en) mei.

Effekten

  • Jou in beskriuwing fan ’e effekten fan ’e aktiviteiten op ’e beskerme soarten dy’t oanwêzich binne. Doch dat yn alle gefallen op populaasjenivo en meitsje dêrby ûnderskie tusken tydlike, permaninte en kumulative effekten.
  • By fûgels en soarten fan ’e habitatrjochtline, taheakke II by it Ferdrach fan Bern of taheakke I by it Ferdrach fan Bonn (fûgels útsûndere), hearre jo dat ek op yndividu-nivo oan te jaan.

Mitigaasje

  • Jou oan dat it oanbelangjende kennisdokumint folge wurdt. Sa net, ûnderbou wêrom.
  • Jou neffens soart konkreet oan hokker maatregels oft nommen wurde om negative effekten op ’e oanwêzige soarten foar te kommen/te beheinen.
  • Underbou de effektiviteit fan ’e maatregel(s) en jou oan hoe’t de effektiviteit en duorsumens boarge wurde kinne. Tink dêrby om it op ’e tiid soargjen foar it behâlden fan funksjonaliteit (it wennen oan), ekologyske begelieding wilens it wurk en it behearen fan ’e mitigearjende maatregels dy’t nommen binne.

Alternativen (oare befredigjende oplossing)

  • Jou oan hokker alternativen oft der binne om negative effekten op soarten foar te kommen. Jou dêrby ek oan wêrom’t net keazen is foar it alternatyf. Tink oan:
    - alternative lokaasje;
    - alternative wize fan útfieren;
    - alternative perioade fan útfieren;
    - it net útfieren fan ’e aktiviteit.

Belang

  • Yn it formulier wurdt frege ûnder hokker belang oft de ûntheffing oanfrege wurdt. Foegje dêr de ûnderbouwing fan dat belang ta. Stjoer eventuele (belieds)stikken as ûnderbouwing mei by de oanfraach.

Stikstofdeposysje

  • Komt by jo inisjatyf stikstof frij, dan moatte jo faaks in AERIUSberekkening brûke. Hjir kinne jo fine oft jo mooglik fan in AERIUSberekkening ferlet hawwe.