Floara- en fauna-aktiviteit (soartebeskerming)
De Omjouwingswet beskermet guon kwetsbere plante- en bistesoarten yn Nederlân. Bygelyks troch in ferbod op it fersteuren of skansearjen fan beskerme soarten en harren heine libbensfermidden. It kin dêrby gean om soarten dy’t allinne yn natuergebieten foarkomme, lykas de grutte fjoerflinter. Ek soarten tichter by hûs, lykas de mosk en flearmûzen wurde beskerme.
Foarbylden
- Jo wolle beammen kappe, mar jo sjogge dat der fûgels yn of yn ‘e omkriten fan ‘e beammen briede. Jo meie dan net samar kappe. As jo wachtsje oant nei it briedseizoen dan is de kâns op skealike effekten lytser. Ûndersykje ek oft der oare planten of bisten yn ‘e beammen libje.
- Jo wolle bebouwing mei in spoumuorre slope? Dan is der in kâns dat der flearmûzen yn de spouwen libje. Om der wis fan te wêzen dat jo sa slope kinne, moatte jo dat ûndersykje (litte). Ûndersykje ek oft der oare biste- of plantesoarten oanwêzich binne.
Omjouwingsfergunning nedich?
It ferbod om beskerme soarten skea te dwaan, jildt foar elkenien yn Nederlân. Jo krije der mooglik mei te meitsjen as jo (fer)bouwe of slope sille, (wetter)wegen oanlizze, of behear en ûnderhâld útfiere. Jo kinne ek te meitsjen krije mei dit ferbod as jo beskerme soarten by oerlêst of skea bejeie of bestride wolle.
Dat hâldt net yn dat jo neat mear meie en kinne. Yn in soad situaasjes, al as net ûnder beskate betingsten, kinne jo in omjouwingsfergunning foar in floara- en fauna-aktiviteit krije of kin der sels sprake wêze fan in frijstelling.
Online oanfreegje
Jo kinne de oanfraach foar in omjouwingsfergunning yntsjinje fia it Omgevingsloket fan it Digitaal Stelsel Omgevingsrecht (DSO). Jo kieze dan foar ‘Oanfragen’. Yn stap 3 sykje jo op ‘floara’. Dêrnei kieze jo foar ‘ Floara- en fauna-aktiviteit – Oanfraach fergunning (Ryk) ’.De oanfraach wurdt troch it DSO by it goede befoege gesach yntsjinne. As jo allinnich in oanfraach yntsjinje foar in floara- en fauna-aktiviteit, dan is de provinsje befoege gesach. Freegje jo foar mear aktiviteiten yn ien kear omjouwingsfergunning oan? Dan kin de gemeente it foech hawwe. De gemeente freget dan de provinsje om te advisearjen oer de floara- en fauna-aktiviteit.
Slagget it jo net om de oanfraach online ôf te hanneljen? Nim dan kontakt op mei 058 - 292 59 25.
Mear ynformaasje oer it dwaan fan in oanfraach fine jo hjir: Beskerme biste- en plantesoarten, omjouwingsfergunning oanfreegje
Kosten
As in fergunningoanfraach yntsjinne wurdt by de provinsje, binne jo de provinsje fergoedingen skuldich. Dat bedrach betelje jo oan de provinsje foar it gebrûk fan ús tsjinsten of produkten. Binne jo partikulier en fiere jo in floara- en fauna-aktiviteit út? Dan binne jo gjin leezjes ferskuldige.De aktuele leezjesbedraggen binne te finen yn de Legesverordening provincie Fryslân.
Kontakt
As jo nei it trochlêzen fan de ynformaasje noch mei fragen of ûndúdlikheden sitte, of as jo in projekt yn in foaroerlis mei ús trochprate wolle, nim dan kontakt mei ús op. Dat kin fia wnb@fryslan.frl of telefoanysk: (058) 292 89 95.