Mear witte oer it beskermjen fan plante- en bistesoarten?

Fariaasje yn biste- en plantesoarten is wichtich foar in libbene en produktive natuer. Guon yn it wyld libjende soarten yn Nederlân, lykas flearmûzen, toerswellen en hûsmosken, binne kwetsber en moatte goed beskerme wurde. Dat beskermjen is regele yn ’e Omjouwingswet.

Hokker soarten binne beskerme?

DeOmjouwingswet hat trije beskermingsrezjyms foar yn Nederlân yn it wyld libjende dieren en planten:

  1. Soarten út ’e Fûgelrjochtline
  2. Soarten út ’e Habitatrjochtline
  3. Oare soarten (allinne nasjonaal beskerme)

Skea oan soarten

Ferlet fan omjouwingsfergunning?

It is wichtich dat jo witte oft in aktiviteit yn striid is mei de wet en hokker effekt oft soks hat op beskerme soarten. Om nei te gean oft jo foar jo aktiviteit faaks ferlet hawwe fan in omjouwingsfergunning foar in flora- en fauna-aktiviteit, binne de neikommende stappen fan belang.

Stap 1. Binne der beskerme soarten op ’e lokaasje?

In ekologysk saakkundige kin it bêste fêststelle oft der beskerme planten of bisten oanwêzich binne op ’e lokaasje dêr’t jo in aktiviteit útfiere wolle. Binne der gjin beskerme soarten? Dan hoege jo gjin omjouwingsfergunning oan te freegjen. Tip: Bewarje it rapport fan ’e saakkundige, sadat jo dat, mochten der noch fragen wêze, by de hân hawwe.

Stap 2. Feroarsaket jo aktiviteit negative effekten?

Ut it ûndersyk fan in ekologysk saakkundige kin bliken dwaan dat der ek beskerme soarten oanwêzich binne. Dy saakkundige kin allyksa oanjaan oft jo aktiviteit negative effekten hat op dy soarten. Jo aktiviteit mei gjin skea opsmite foar de oanwêzige beskerme soarten.

Stap 3: Brûk safolle as ’t kin in frijstelling of gedrachskoade

Foar in tal aktiviteiten jilde frijstellingen foar beskate soarten. Sa kinne foar behear en ûnderhâld en romtlike yngrepen troch it Ministearje fan LNV goedkarde gedrachskoades fan tapassing wêze. Ek yn de provinsjale omjouwingsferoardering en it Beslút aktiviteiten leefomjouwing (Bal) binne in tal frijstellingen regele. As jo foar jo aktiviteit gebrûk meitsje kinne fan in goedkarde gedrachskoade of in frijstelling út it Beslút aktiviteiten leefomjouwing of de provinsjale Omjouwingsferoardening Fryslân is in omjouwingsfergunning net nedich.

Stap 4. Besykje skea oan beskerme soarten foar te kommen

Hat it wurk negative effekten op beskerme bisten of planten? Dan moatte jo prikken yn ’t wurk stelle om te sjen oft jo jo wurk ek op sa’n wize útfiere kinne, dat effekten fermindere wurde. Jo kinne dêrfoar in ekologysk saakkundige ynskeakelje, om dêr tegearre mei jo nei te sjen. Yn ’e regel kinne negative effekten tefoaren kommen wurde troch previntive maatregels te nimmen (mitigearjende maatregels). Tink dêrby bygelyks oan it ûntsjen fan ’e soarten en harren fuortplantingsplakken of fêste rêst- of ferbliuwsplakken of it oanbieden fan alternative ferbliuwsplakken wilens dat it wurk dien wurdt. Foar in stikmannich soarten is in kennisdokumint ûntwikkele, dêr’t maatregels om negative effekten tefoaren te kommen yn opnommen binne.

Oertrêding en omjouwingsfergunning nedich?

As jo nei it nimmen fan de foargeande stappen net foarkomme kinne dat ferbeane oertrêde wurde en der negative effekten binne op beskerme soarten, dan hawwe jo in omjouwingsfergunning foar in floara- en fauna-aktiviteit nedich.

Jo kinne de oanfraach foar in omjouwingsfergunning yntsjinje fia it Omgevingsloket fan it Digitaal Stelsel Omgevingsrecht (DSO). Jo kieze dan foar ‘Oanfragen’. Yn stap 3 sykje jo op 'Floara'. Dêrnei kieze jo foar ‘ Floara- en fauna-aktiviteit - Oanfraach fergunning (Ryk)’. De oanfraach wurdt troch it DSO by it goede befoege gesach yntsjinne. As jo allinnich in oanfraach yntsjinje foar in floara- en fauna-aktiviteit, dan is de provinsje befoege gesach. Freegje jo foar mear aktiviteiten yn ien kear omjouwingsfergunning oan? Dan kin de gemeente it foech hawwe. De gemeente freget dan de provinsje om te advisearjen oer de floara- en fauna-aktiviteit.

Slagget it jo net om de oanfraach online ôf te hanneljen? Nim dan kontakt op mei 058 - 292 59 25.

Mear ynformaasje oer it dwaan fan in oanfraach fine jo hjir: Beskerme biste- en plantesoarten, omjouwingsfergunning oanfreegje

Skea troch soarten

Aktiviteiten kinne skea dwaan oan soarten, mar soarten kinne bytiden ek skea dwaan oan jo of jo eigendommen. Jo meie allinne yn in soad gefallen bisten net samar fange en/of deameitsje. Hawwe jo bygelyks skea oan gewaaksen of is de folkssûnens of de iepenbiere feiligens yn gefaar troch dy bisten? Dan kin yn guon gefallen in omjouwingsfergunning oanfrege wurde.

Tink derom: In omjouwingsfergunning foar skeaferoarsaakjende soarten kin gauris allinne ôfjûn wurde op grûn fan in faunabehear- en/of soartebehearplan. Sa jouwe wy yn ’e regel de omjouwingsfergunning foar it bestriden fan skea oan ’e Faunabehearienheid Fryslân mei in troch de provinsje goedkard faunabeheerplan. Gean dus earst nei oft der al in omjouwingsfergunning jûn is oan ’e Faunabehearienheid Fryslân. Foar oerlêst fan soarten yn ’e beboude kom kinne jo kontakt opnimme mei jo gemeente of fia it meldpunt vleermuizen en steenmarters.

Hoe wurdt in oanfraach omjouwingsfergunning behannele?

De prosedueretiid foar it behanneljen fan jo oanfraach is 8 wiken. Dy termyn kin ien kear mei 6 wiken ferlinge wurde. De proseduere ferrint neffens de neikommende stappen:

  • As jo jo oanfraach op in foaroerlis mei ús trochsprekke wolle, dan kinne jo kontakt opnimme mei team Grien regeljouwing fia wnb@fryslan.frl of telefoanysk: 058 – 292 89 95. Op dizze wize binne jo goed op 'e hichte fan de gegevens dy't wy fan jo nedich hawwe. Dat kin in proseduere gâns fersnelle.
  • Jo kinne jo oanfraach online yntsjinje fia it Digitaal Stelsel Omgevingsrecht (DSO). Slagget it jo net om de oanfraach online ôf te hanneljen? Nim dan kontakt op mei 058 - 292 59 25. Wy kinne dan oanjaan op hokker oare wize oft jo jo oanfraach yntsjinje kinne.
  • Nei it ynkommen fan jo oanfraach stjoere wy in ûntfangstbefestiging mei in saaknûmer dêr’t jo oanfraach ûnder registrearre is. By dy ûntfangstbefestiging wurdt ek in saaknûmer tastjoerd dêr’t jo oanfraach ûnder registrearre is. By dy ûntfangstbefestiging wurdt ek in faktuer meistjoerd foar it beteljen fan legeskosten.
  • Jo krije digitaal of skriftlik tynge fan ús as jo oanfraach net folslein is. Wy stelle jo yn ’e gelegenheid om jo oanfraach folslein te meitsjen. De tiid dy’t jo krije om jo oanfraach folslein te meitsjen wurdt opteld by de prosedueretiid.
  • Wy beoardielje jo oanfraach ynhâldlik en hifkje dy oan ’e wetlike easken.
  • Wy nimme it definitive beslút. Op alle besluten kin beswier makke wurde. De beswiertermyn fan seis wiken hâldt net yn, dat it beslút útsteld wurdt. Jo kinne dus oan ’e slach sadree’t de termyn yn de omjouwingsfergunning opnommen is fan it beslút yngiet.

Bestriden fan skea 2017-2019

Guon soarten kinne skea oanrjochtsje oan gewaaksen dy’t op it lân steane en/of floara en fauna. Om dy skea tefoaren te kommen, kin it bestriden fan ’e skeatabringers needsaaklik wêze. Hjirûnder is mear ynformaasje te finen oer de omjouwingsfergunnings foar floara- en fauna-aktiviteit op grûn wêrfan’t it bestriden fan skea oanpakt wurde kin.

Fergunninggebiet brûken ljochtbak foks

Iepenje grutte kaart (mei mear ynformaasje)

Kontakt

As jo nei it trochlêzen fan ’e ynformaasje noch mei fragen of ûndúdlikheden sitte, of as jo in projekt yn in foaroerlis mei ús trochprate wolle, nim dan kontakt mei ús op. Dat kin fia wnb@fryslan.frl of telefoanysk: 058 - 292 89 95.