De provinsje Fryslân hat perselen grûn yn eigendom dy’t oerbleaun binne fan bygelyks it oanlizzen fan in dyk. Dy stikken grûn wurde ferkocht as de provinsje dy net mear foar har doelen ynsette kin.

De provinsje Fryslân is as oerheid ferplichte om by fêstgoedtransaksjes transparant te hanneljen. Sadwaande sil de provinsje tenei har foarnommen fêstgoedtransaksjes - lykas ferkeap, ferhier of ferpachtsjen - fermelde op de webside.

Dêrneist sil de provinsje yn syn wyklikse publikaasjes de foarnommen transaksjes fermelde. Sa jout de provinsje ynfolling oan de útspraak fan de Hege Ried fan 26 novimber 2021 (Didam-arrest ), wêryn't de regeljouwing neier taljochte is.

Oanbod (te keap)

Publikaasjes ûnderhânske transaksjes

Gunningen