De earste wurksumheden oan de provinsjale dyk De Skieding binne in oantal jierren lyn al útfierd: oanbringe fan betonstroken, nij asfalt en strepen. Dit wie de earste faze yn it ferbetterjen fan de N 358 De Skieding. De twadde faze is opdield yn Skieding Noard en Skieding Súd. Skieding Zuid is it part fan de rotonde ôf by de krusing fan de Folgersterloane en de Drachtsterwei oant it carpoolterrein by de oansluting op de A 7. Faze trije is Skieding Noord, it part fan de krusing oant en mei de rotonde yn Surhústerfean. Skieding Zuid start yn earste helte 2025. Skieding Noard bart letter. 

Een auto rijdt over de weg De Skieding.

Kabels en liedingen

By de Skieding Súd binne de kabels en liedingen yn de twadde helte fan 2024 ferlein of fernijd. It gie om de kabels en liedingen súdlik fan de krusing Folgersterloane en de Drachtsterwei lâns de provinsjale dyk. De sleat is dêrfoar tichtsmiten. 

Foar Skieding Noard binne de netbehearders noch dwaande mei it oersetten fan âld nei nij. Der is in snelheidsbeheining fan 50 km/oere by wurkdagen as dat nedich is. 

Beammen 

By it wurk kapt de oannimmer beammen om it wurk útfiere te kinnen, rekken hâldend mei it briedseizoen. Op in letter momint - as alle wurksumheden oan de dyk klear binne - komme der nije beammen foar werom, yn it plantseizoen. 

Wurksumheden Skieding Noard 

Yn it part Skieding Noard komme twa ovondes, in ferbining fan de ovondes mei de Wildveld (ûnferhurde) fia in paralleldyk en in twadde ûntslutingsdyk fan bedriuweterrein Lauwerskwartier ôf nei de ovonde. De rydbaan ferskoot foar in part yn eastlike rjochting ta hichte fan Poelbuert en yn westlike rjochting ta hichte fan Wildveld. Der komme paralleldiken en de fytspaden wurde oanpast. Aanst kinne fytsers op de ovonde de dyk oerstekke yn twa parten. Dit makket it oersichtliker en dêrtroch feiliger. 

De situatie van de nieuwe rotonde en de fietspaden getekend.

Projekt Skieding Noard: Ovonde Wildveld 

Op'e hichte fan de oansluting Heidelaan en Wildveld mei de provinsjale dyk N358 wurdt in ovale rotonde (ovonde) oanlein. 

Dit filmke jout in ympresje fan hoe't it der nei de rekonstruksje út komt te sjen ta hichte fan oanslutingen. 

Ek is te sjen dat de twadde oansluting fan it bedriuweterrein Lauwerskwartier mei dit projekt oanlein wurdt.

Filmke Wildveld ovonde

Wurksumheden Skieding Súd

By it súdlike part fan de Skieding komme twa ovondes ta hichte fan Drachtsterwei-Folgersterloane en Leidijk-Skieding. Yn it weifak tusken dizze ovondes komt op'e hichte fan it tankstasjon en by ôfslach Parkersterdwarswei in linksôffak. Ek wurdt it fytspaad oanpakt. Oan de westkant fan de provinsjale dyk komme pleatslik paralleldiken dy't ek de fytsers brûke sille. 

Projekt Skieding Súd: ovonde Folgersterloane 

Op'e hichte fan de oansluting Folgersterloane en Drachtsterwei mei de provinsjale dyk N358 wurdt in ovale rotonde (ovonde) oanlein. Dit filmke jout in ympresje fan hoe't it der nei de rekonstruksje út komt te sjen ta hichte fan oanslutingen. Der kinne gjin rjochten oan dizze ympresje ûntliend wurde.

Filmke N358 Folgersterloane

Projekt Skieding Súd: ovonde Leidyk 

Op'e hichte fan de oansluting De Skieding en Leidyk mei de provinsjale dyk N358 wurdt in ovale rotonde (ovonde) oanlein. Dit filmke jout in ympresje fan hoe't it der nei de rekonstruksje út komt te sjen ta hichte fan oanslutingen. Der kinne gjin rjochten oan dizze ympresje ûntliend wurde.

Filmke Ovonde Leidyk

Ferljochting

Yn de takomstige situaasje komt by it fytspaad del gjin ferljochting. Dat jildt op provinsjale fytspaden allinnich dêr't dat fanwege feiligens moat, bygelyks by in fytsoerstek of op'e hichte fan in oansluting fan in syddyk. Der is sa min mooglik ljochtfersmoarging om bisten lykas de flearmûs, sa min mooglik te steuren. De fytspaden binne yn it tsjuster mei fytsferljochting dúdlik genôch te sjen. Dat komt troch de dúdlike, heldere wite belijning. Lâns de rydbaan en by de ovondes stiet ferljochting. 

Planning 

De oanbesteging fan it wurk Skieding Zuid is yntusken klear. Ut fjouwer selektearre oannimmers - dy't oan it pakket fan easken foldiene - is oannimmer BAM winner wurden. Ynkoarten litte wy witte wannear't en wêr hokker wurksumheden der komme. Letter folget mear ynformaasje oer de opdracht en oanbesteging foar it útfieren fan Skieding Noord (faze trije). Tagelyk mei Skieding Zuid is ek N 358 Uterwei oanbestege. Dit ynfra-wurk leit flakby Surhuzum. Foar neiere ynformaasje ferwize wy jo nei de projektsite fan dit wurk: www.fryslan.frl/Uterwei.

Meast stelde fragen en antwurden projekten Skieding Zuid en Noord

Wêrom wurde der ovondes op de Skieding oanlein?

De hjoeddeiske oanslutingen fan de gemeentlike diken op de provinsjale dyk wurde ûnderfûn as ûnfeilige krusingen. Net genôch sicht en der wurdt yn'e regel te hurd riden. In oantal fan dy krusingen wurdt omboud ta saneamde ovonde, soarte fan rotonde mar dan ovaal fan foarm. Yn totaal 3 stiks. Ek wurde oanslutende diken fia oan te lizzen paralleldiken nei dizze ovondes laat.

Wat sil der feroarje?

Njonken dizze ovondes en paralleldiken wurde op'e hichte fan Poelbuert de bochten yn de dyk weinaam troch der in lange bocht fan te meitsjen. It bedriuweterrein Lauwerskwartier wurdt mei in twadde ûntsluting oansletten op de N358 fia de oan te lizzen ovonde ter hichte fan Wildveld-Heidelaan.  

Op 'e hichte fan de Parksterdwarswei en it tankstasjon komme linksôffekken sadat it ôfslaande ferkear op in aparte rydstrook foarsortearje kinne. Ek de fytspaden wurde oanpakt. Op 'e hichte fan Wildveld wurdt de rydbaan ferpleatst sadat der oan eastkant op de âlde rydbaan in paralleldyk oanlein wurde kin om in part fan de dêr oanwêzige wenerven ûntslute te kinnen nei de ovonde dêr.

Hoe is it plan ta stân kaam?

Al yn 2010 wie der sprake fan ûnfeilige ferkearssituaasjes op de N 358. Dit hat resultearre yn in planûndersyk mei de fraach oft de dyk yn besteande situaasje oanpakt wurde moat of dat der in gehiel of foar in part nij trasee komme moast. Dat proses hat in soad tiid koste. Uteinlik is sa'n 10 jier lyn de kar makke om it besteande trasee op te wurdearjen. Dat betsjutte oankeap grûnen, bestimmingen oanpasse, fergunningen regelje, kabels en liedingen ferlizze litte, ensfh. al mei al hat dat laat nei wêr't wy no steane: startútfiering wurkje.

Wannear begjinne de wurksumheden en wannear klear?

De wurksumheden begjinne yn 2025 en binne nei ferwachting yn 2026 klear.

Wa binne ferantwurdlik?

Provinsje Fryslân en de gemeenten Smellingerlân, Achtkarspelen en Westerkwartier wurkje nau gear om dizze oanpak mooglik te meitsjen. De provinsje treedt op as lûker fan it hiele projekt.

Wat is de planning foar de wurksumheden oan de Provinsjale dyk Skieding?

Earste boufaze 2019: 

  • Oanlis betonstroken, nij asfalt en belijning op de weifakken dêr't gjin grûnen foar hoegden oankocht te wurden en bestimmingen foar hoegden wizige te wurden. 

Twadde boufaze 2025 en 2026: 

  • Skieding Súd - wurksumheden oan it diel fan de oan te lizzen ovonde (ta hichte fan hjoeddeiske rotonde) by de krusing fan de Folgersterloane en de Drachtsterwei oant it carpoolterrein by de oansluting op de A 7 is it earste part wat oanpakt wurdt. By dit wurk wurdt ek de rotonde yn Surhústerfean fernijd by de Piramide. 
  • Skieding Noard - wurk oan it diel fan de oan te lizzen ovonde (ta hichte fan hjoeddeiske rotonde) by de krusing fan de Folgersterloane en de Drachtsterwei oant de ôfslach Topweer.

Wat betsjutte ovondes foar fytsers?

Troch de oanlis fan ovondes kinne fytsers yn de takomst de dyk yn twa dielen oerstekke. Dit makket it oersichtliker en feiliger. Boppedat is de snelheid út it autoferkear en wurdt alerens fan de bestjoerder ferge.

Hokker tariedende wurksumheden binne der al dien?

Yn it foar oan de bou fan de ovondes binne ûndersiken dien nei it netwurk fan kabels en liedingen dat ûnder de bouplakken leit. Wat moat der wol en net ferlein wurde? 

De netbehearders hawwe it netwurk oan de nije situaasje oanpast foar sawol Skieding Noord as Skieding Zuid. Jo hawwe fêst sjoen dat dêr bygelyks de bermsleat dêrfoar diels tichtsmiten is en syn beammen kapt om romte te meitsjen foar dizze wurksumheden.

Wêrom binne der beammen kapt?

De oannimmer kapte de beammen om it wurk útfiere te kinnen. Foar dizze kapte beammen plantet Provinsje Fryslân nei't de wurksumheden klear binne nije beammen werom.

Kappen fan beammen start tariedende wurksumheden Uterwei en Skieding Súd N358 

Fan tiisdei 11 febrewaris oant en mei 1 maart wurde der tariedende wurksumheden útfierd by de provinsjale dyk N358 del. It giet om it kappen fan 201 beammen en 1069 meter houtsingels. It bedriuw Kloosterman & Sietzema fan Surhuzum fiert dizze wurksumheden út yn opdracht fan BAM Infra Regionaal (BAM). 

De tariedende wurksumheden starte nije wike fan ôfslach It Oast ôf en geane rjochting de rotonde A7, dus fan de Uterwei ôf rjochting de Skieding Súd mei in totale lingte fan sa'n seis kilometer. Yn de earste wike wurdt der fanút de greiden wurke en yn de twadde en tredde wike binne der wurksumheden fan de provinsjale dyk ôf. 

Der wurdt safolle mooglik fanút de greiden wurke om de ferkearshinder te beheinen. Foar de wurksumheden fan de provinsjale dyk ôf wurdt in ridende ôfsetting brûkt mei stipe fan ferkearsregelers. Oan de omjouwing wurdt frege om foar jo en ús feilichheid altyd de oanwizingen fan ús kollega’s op te folgjen. 

De beammen wurde kapt mei in kettingseage mei help fan in mobile kraan, dit om de wurksumheden feilich út te fieren. Dêrnei wurde de beammen yn stikken seage, de tûken fersnippere en wurdt it stamhout ôffierd. Al it hout wurdt op'e nij brûkt. As de wurksumheden klear binne wurde yn de regio yn it plantseizoen nije beammen oanplante ta kompensaasje fan de kapte beammen.

De wurksumheden binne nedich foar in rige langferwachte fernijingen oan de provinsjale dyk yn opdracht fan de provinsje Fryslân. BAM fiert dit wurk foar de provinsje út en sil yn april hjirmei úteinsette. 

De fernijingen bestean út de oanlis fan nije wettergongen, paralleldiken, in ovonde, in fytstunnel en de oanpassing fan trije ôfslaggen oan de N358 Uterwei en út de oanlis fan nije wettergongen, paralleldiken, twa nije ovondes en de oanpassing fan twa ôfslaggen oan de N358 Skieding Zuid.

Hoe is de ferljochting regele yn de nije situaasje?

Yn de nije situaasje komt der krekt as no ek al it gefal is gjin ferljochting lâns it fytspaad. Dit komt allinnich op dy plakken dêr't dat fanwege feiligens nedich is, lykas bygelyks by in fytsoerstek of op 'e hichte fan in oansluting fan in sydwei. De provinsje fynt it tsjuster wichtich dêr't it kin om't ljochtfersmoarging en ljochthinder foar bisten, lykas de flearmûs, ûnwinsklik is. Troch de dúdlike, heldere wite belijning op de fytspaden is it paad yn it tsjuster mei fytsferljochting dúdlik genôch te sjen. Lâns de rydbaan allinnich op'e hichte fan de ovondes komt wol ferljochting lâns de rydbaan te stean.

Wa sil de wurksumheden útfiere?

De wurksumheden wurde útfierd troch BAM Infra BV. Dit bedriuw sil de nedige ynformaasje jaan oer wannear't wêr't wat stiet te gebeuren en wat dat betsjutte kin foar de omjouwing, bedriuwen, agrariërs, skoallen, ensfh.

Wa fiert it wurk foar Skieding Zuid en Noord út?

It wurk oan Skieding Zuid wie oanbestege. Oan de hân fan in pakket fan easken koene oannimmers harren plan yntsjinje. De oannimmer mei it meast geunstige plan kwa útfiering, kwaliteit en effisjinsje kriget de opdracht gund. BAM hat it meast passende foarstel dien en fiert it wurk út. De opdracht foar it útfieren fan Skieding Noord rint noch. Midden 2025 is hjir nei ferwachting mear ynformaasje oer.

Binne der omliedingen by it wurk?

Wy ûntkomme der net oan dat by dit wurk it ferkear omlaat wurde moat. Dizze perioaden wurde op'e tiid bekend makke yn kranten en op social media. De alternative rûte stiet dêrby op in plattegrûn oanjûn en wurdt mei omliedingsbuorden dúdlik oanjûn. Ek jouwe ferkears - en omliedingsbuorden op it plak fan it ûngelok op'e tiid de omliedingen oan. As it nedich is foar de feiligens binne der ferkearsregelers oanwêzich.

Is der troch it wurk hinder foar it brûken fan ynternet, gas, wetter en elektra?

Nauwe gearwurking mei de netwurkbehearders moat safolle mooglik hinder foarkomme by it wurk. De ferantwurdlikheid foar de kommunikaasje hjiroer leit by de nutsbedriuwen. As der steuringen of mominten fan útfal binne, ynformearje de nutsbedriuwen de belutsenen dêr op'e tiid oer.

Wêr is mear ynformaasje oer projekt Skieding Zuid en Noord te finen?

Ynformaasje oer de wurksumheden oan de Skieding Súd en Noard stiet op de webside fan provinsje Fryslân

Ynteressearren kinne har oanmelde foar de digitale nijsbrief. 

Oanmelde nijsbrief

Minsken dy't gjin e-mailadres hawwe en dochs graach op de hichte bliuwe kinne kontakt opnimme mei it klantkontaktsintrum fia 058 - 292 59 25 om in nijsbrief op papier oan te freegjen.

Op 'e hichte bliuwe?

Wolle jo op 'e hichte bliuwe fan de wurksumheden oan de Skieding? Meld jo dan fia de knop oan foar de digitale nijsbrief. Hawwe jo gjin e-mailadres en wolle jo graach op 'e hichte bliuwe? Nim dan kontakt op mei it klantkontaktsintrum fia ûndersteand telefoannûmer om in nijsbrief op papier oan te freegjen.

Oanmelden digitale nijsbrief

Kontakt

Hawwe jo fragen of opmerkingen oer dit projekt? Dan kinne jo kontakt opnimme mei it klantkontaktsintrum fia provincie@fryslan.frl of troch te beljen nei 058 292 5925 fan moandei oant en mei freed ûnder kantoaroeren.

Waar kan men vragen stellen of klachten indienen over het project, de werkzaamheden en de hinder?

Het klantcontactcentrum (KCC) van de provincie Fryslân provincie@fryslan.frl zorgt ervoor dat vragen en klachten over dit project bij de juiste persoon terecht komen voor een antwoord. Het KCC is van maandag tot en met vrijdag tijdens kantooruren bereikbaar, telefoon 058 - 292 59 25.