Natuerbehearsubsydzje
Op ’e kaart kinne jo neigean oft jo fan 2022 ôf yn ’e beneaming komme foar natuersubsydzje. Op ’e kaart wurdt it subsidiabele natuerlân werjûn.
As jo lân yn ’e beneaming komt foar subsydzje, wolle wy jo freegje om ’e neikommende stappen te nimmen:
- Oanmelden natuerkolleltyf
- Sertifisearje foar natuerbehear
- Natuerbeheartype en ambysjetype kontrolearjen
Oanmelde natuerkollektyf
Om foar subsydzje yn ’e beneaming te kommen, moatte jo oansletten wêze by in natuerkollektyf. Dat is in gearwurkingsferbân fan partikuliere natuerbehearders. It natuerkollektyf:
- is foar de provinsje it oansprekpunt yn natuerbehear;
- tsjinnet foar al syn leden in oanfraach yn foar behearsubsydzje;
- krijt de beskikking fan dy oanfraach en it behearjild;
- betellet de subsydzjes dy’t ynbard binne út oan syn leden;
- hâldt de natuerkwaliteit yn ’e gaten.
Yn Fryslân besteane trije kollektiven dêr’t jo jo by oanslute kinne. Dat binne:
Op ’e websiden fan dy natuerkollektiven is mear ynformaasje oer it kollektyf te finen en hoe’t jo jo dêr by oanslute kinne.
Sertifisearje foar natuerbehear
Betingst om foar natuerbehearsubsydzje yn ’e beneaming te kommen, is dat jo sertifisearre binne om it natuerbehear op jo lân út te fieren. Mei de sertifisearring boarget de provinsje de kwaliteit fan it natuerbehear. Der binne twa wizen dêr’t jo jo op sertifisearje kinne:
- Jo slute jo oan by in sertifisearre natuerkollektyf. Jo hoege dan sels gjin sertifikaat oan te freegjen. Dat kin by de Unie van Bosgroepen en Noardlike Fryske Wâlden.
- Jo slute jo oan by Natuurcollectief Fryslân
- en soargje derfoar, dat jo sels sertifisearre binne. It kollektyf stipet jo by it sertifisearjen û.o. trochdat jo it model kwaliteitshânboek fan Part-Ner brûke kinne.
Type natuerbehear kontrolearje
Wy freegje jo om te kontrolearjen oft it natuerbeheartype en it ambysjetype fan jo lân yn ús administraasje doocht. Jo kinne ús dat witte litte troch de kaart te kontrolearjen en it formulier op dizze side yn te foljen.
Hichte natuerbehearsubsydzje
De hichte fan it subsydzjebedrach dat jo faaks barre kinne, kinne jo maklik berekkenje troch de oerflakte fan jo lân yn hektares te fermannichfâldigjen mei de behearfergoeding dy’t jildt foar it beheartype fan jo lân. De bedraggen binne basearre op ’e kosten foar it nimmen fan ’e gongbere behearmaatregels. Dêrnjonken kinne ûnderskate taslaggen ta de mooglikheden hearre.
De bedraggen binne te finen yn it iepenstellingsbeslút op pagina 4 t/m 6.
Utbeteljen fan natuersubsydzje
De natuerkollektiven dogge alle jierren yn it tiidrek tusken 15 novimber en 31 desimber in oanfraach foar natuerbehearsubsydzje by de provinsje. Dy oanfraach jildt foar it folgjende jier. Oan ’e ein fan dit jier wurde dus de oanfragen foar behearjier 2022 yntsjinne. As jo jo oansletten hawwe by in natuerkollektyf en foldogge oan ’e betingsten, sil it kollektyf dit jier jo lân yn ’e oanfraach foar 2022 meinimme. Dêrmei hawwe jo fan 2022 ôf rjocht op subsydzje foar it behearen fan jo natuerlân. It subsydzje wurdt yn febrewaris nei it ôfrinnen fan it behearjier útbetelle oan it kollektyf. It kollektyf makket it subsydzjebedrach dêrnei oan jo oer. Yn febrewaris 2023 sille jo dus foar ’t earst fia jo kollektyf subsydzje foar it behearen fan jo natuerlân ynbarre.
It subsidiearjen wurdt dien op grûn fan ’e subsydzjeregeling Natuer en Lânskipsbehear.