Nij Natuerbehear
Provinsje siket partikuliere natuerbehearder
Fan 2021 ôf is it mooglik om subsydzje te ûntfangen foar it behear fan natuergrûn yn Natuurnetwerk Nederland (NNN/EHS), dêr’t noch net earder natuerbehearsubsydzje foar ferliend is. Dat jildt net allinne foar natuerorganisaasjes mar ek foar partikulieren. Ut in ynventarisaasje fan de provinsje docht bliken dat der dêrtroch subsydzjemooglikheden ûntsteane foar mear as 3600 partikuliere eigeners fan natuergrûn yn Fryslân.
Op dizze side fine jo mear ynformaasje oer de mooglikheden en betingsten dy’t oan de subsidiearring ferbûn binne.
- Kom ik yn oanmerking foar dizze subsydzje?
- Hoefolle subsydzje kin ik ûntfange?
- Beheartype kontrolearje en trochjaan.
- Hoe wurket it útbeteljen fan natuerbehearsubsydzje?
Mear ynformaasje en kontakt
Hawwe jo nei it lêzen fan de ynformaasje ferlet fan mear útlis? Wy binne fan doel om ien of meardere ynformaasjegearkomsten te organisearjen. Yn dy gearkomsten ynformearje wy jo oer de subsydzjemooglikheden en kinne jo mei de trije natuerkollektiven yn petear gean. Wy freegje jo earst te kontrolearjen oft jo grûn subsidiabel is. Yn it formulier wêrop’t jo dat oan ús trochjouwe kinne jo jo ynteresse foar in ynformaasjegearkomste trochjaan. Wy hâlde jo dan mei de mail op ‘e hichte. Yn ferbân mei it koroanafirus is der op it stuit noch net in datum bekend foar de ynformaasjegearkomste.
Foar fierdere fragen kinne jo kontakt mei de provinsje opnimme op telefoannûmer: 058 – 292 59 25 of fia de e-mail op provincie@fryslan.frl