Yn Fryslân is it prachtich wenjen, wurkjen en rekreëarjen. Der is moaie natuer om fan te genietsjen. Dy natuer foarsjocht ús fan alles wat wy nedich hawwe. Natuer is de basis fan ús bestean. Mar de natuer stiet ek ûnder druk, wy hawwe te folle fan de natuer frege en nommen. Dêrom is it wichtich om de natuer goed te beskermjen.

Yn Fryslân lizze 20 natuergebieten dy't diel útmeitsje fan it Europeeske Natura 2000-netwurk. Dit is in netwurk mei natuergebieten dy't fan ynternasjonaal belang binne. Der libje bysûndere planten en bisten dêr't wy de wichtige taak foar hawwe om se te beskermjen en te fersterkjen. Om dat te dwaan, meitsje wy foar al dizze gebieten in Natura 2000-behearplan. Dêryn stiet hoe't wy maatregels nimme om de oantsjutte soarten en libbensgebieten út de Fûgelrjochtline en Habitatrjochtline te fersterkjen en better te beskermjen. Sa behâlde wy de kwetsbere natuer en helpe wy de biodiversiteit foarút.

Mear witte oer wat Natura 2000 krekt is? Sjoch dan op dizze webside.

Oanmelde nijsbrieven Natura 2000

Duinen Terschelling
Dunen Skylge.
Kaart van Fryslân waar de Natura 2000 gebieden op aangegeven staan.

De Fryske Natura 2000-gebieten

Fan de 162 Natura 2000-gebieten yn Nederlân lizze der 20 hielendal of foar in part yn Fryslân - op it lân of yn de see. Hjirûnder steane alle Natura 2000-gebieten yn Fryslân. Klik op de namme fan it gebiet om mear te lêzen oer it gebiet en it Natura 2000-behearplan en oare dokuminten te besjen. By guon natuergebieten is der ek de mooglikheid om jo oan te melden foar in nijsbrief oer de Natura 2000-maatregels yn dat gebiet.

Fryske Marren (Snitserer Mar, Wite en Swarte Brekken, Aldegeaster Brekken, Fluezen e.o.)

It Fryske Marregebiet is in wichtich plak foar ferskate wetter- en sompefûgels. Se briede der, mar brûke de wetters ek as oerwinterlokaasje. Om de fûgels de nedige rêst te bieden binne der fûgelrêstgebieten ynsteld, dit jildt jierliks foar de perioade fan 1 oktober oant 1 april. It gebiet ûnderskiedt him troch in ôfwikseling tusken iepen wetter, gerslannen en hjir en der wylgeboskjes en reidlannen.

Water en weiland in het Friese Merengebied.
Fryske Marren.

Ien fan de wichtichste opjeften yn it Fryske Marregebiet is it kreëarjen fan plas-dras situaasjes foar ûnder oare smjunten, briedfûgels en de seldsume noardske wrotmûs. Mear ynformaasje oer dizze en oare doelen fine jo yn it Natura 2000-behearplan foar it Frysk Marregebiet. Dit behearplan is yn july 2023 fêststeld. Ien fan de maatregels yn dit behearplan is it útfieren fan in ûndersyk nei boarnen fan fersteuring.

Grutte Wielen

It gebiet Grutte Wielen is fan oarsprong in leechfeangebiet dat op de grins tusken klaai- en sânboaiems leit. Yn it gebiet lizze grutte plassen, lykas Houtwiel en Sierdswiel, omjûn troch simmer- en winterpolders en boezemlannen. It is in wichtich gebiet foar in protte fûgels en oare bysûndere planten en bisten.

Wichtige opjeften yn dit gebiet binne it ûntwikkeljen fan (wetter)ried, it kreëarjen fan plas-drassituaasjes foar de noardske wrotmûs, bûnt reidhintsje, hoants en smjunt, en it soargjen foar genôch rêstplakken foar oerwinterjende fûgels. Mear ynformaasje oer dizze en oare doelen lêze jo yn it Natura 2000-behearplan foar Grutte Wielen.

Utfiering Wielsicht

Wetterskip Fryslân hat it gebiet Wielsicht, eastlik fan Ljouwert, ynrjochte as simmerpolder mei yn de winter in iepen ferbining nei de Fryske boezem (stelsel fan marren, fearten en sleatten). Der binne ek oare maatregels útfierd, lykas it oanlizzen fan natuerfreonlike ouwers. De wurksumheden binne mei finansiering út it programma foar Plattelânsûntwikkeling (POP3) dien. Mear ynformaasje is te finen op de webside fan Wetterskip Fryslân.

Groote Wielen
Grutte Wielen.

Utfiering Binnemiedepolder, Ryptsjerksterpolder, Gelte Herne en Koekoekspetten

Yn opdracht fan de provinsje binne der yn 2023 en 2024 op ferskate plakken yn it gebiet natuerherstelmaatregels útfierd. De fokus lei op it better behearskjen fan it wetter. Yn de gebieten is in heech wetterpeil standert, mar soms is it nedich om it peil te ferleegjen. Der is in protte wurk ferset mei it iepenjen fan sleatten en slinken, sadat it wetter better en fierder it gebiet yn komme kin. Dat is foaral goed foar fûgels dy't fan ‘wiete fuotten’ hâlde (skellekrigen, einen, guozzen). Dêrneist is yn de boezemmarren, en benammen yn de opfearten nei de polders ta, it libbensgebiet foar de bitterling ferbettere. Yn de Gelte Herne en Koekoekspetten wurdt it behear oanpast en sil der de kommende jierren in omslach te sjen wêze fan reidlannen mei in protte strûken en beamkes nei in gersiger en mear biodiverse lânskip.

Wolle jo op 'e hichte bliuwe fan de maatregels yn dit gebiet? Meld jo oan foar de nijsbrief.

Oanmelde nijsbrief

Fochtelerfean

It Fochtelerfean ûnderskiedt him troch in grut, iepen en útstrekt lânskip. Allinnich oan de noard- en súdkant binne der bosken te finen. Troch grûnlagen dy't net folle wetter trochlitte - bygelyks keileem - lizze der in soad wiete heechfeangebieten yn it Fochtelerfean. Ek is der heide te sjen en briedt de kraanfûgel der. 

Yn ‘e mande mei de provinsje Drinte is it ús taak om de natuer yn dit gebiet te beskermjen en wêr mooglik te fersterkjen. Dat dogge wy oan’e hân fan in behearplan, wêrfan’t de provinsje Drinte de fuortsetnimmer is. Dit plan wurdt útfierd yn gearwurking mei belutsen partijen. 

Water en bruin gras tegen een bewolkte maar zonnige lucht in Fochteloërveen.
Fochtelerfean.

Kadeherstel 

De kommende jierren wurkje we oan it kadeherstel yn it Fochtelerfean. Natuurmonumenten is dêr de trekker fan. Sûnt it neijier fan 2022 is der al 25 kilometer kade oanpakt yn dit gebiet. It wurk leit - yn it briedseizoen - efkes stil om de rêst te bewarjen, mar yn de oare tiden fan it jier wurdt der hurd trochwurke. Wolle jo mear witte oer it kadeherstel yn it Fochtelerfean? Sjoch dan op de webside fan Natuurmonumenten.

Dunen Flylân

Flylân is ien fan de Fryske Waadeilannen en makket foar in grut part diel út fan it Natura 2000-netwurk. Flylân is oars as de oare Fryske Waadeilannen: it doarp leit oan de eastkant fan it eilân. Direkt ten westen dêrfan leit it heechste dûn fan it Waadgebiet en it op ien nei heechste dûn fan Nederlân: it Vuurboetsduin. Oan de westkant fan it eilân leit de útwreide Vliehors. Dertusken, oan de súdwestkant, lizze de Kroon’s polders. Earst bedoeld as lânbougebiet, binne dizze no in wichtich natuergebiet.
Op Flylân wurkje wy ûnder oaren oan it tsjingean fan drûchte en it stimulearjen fan dûnferstowing. Mear ynformaasje oer de doelen en maatregels op Flylân fine jo yn it behearplan. 

De duinen op Vlieland.
Dunen op Flylân.
Dunen Skylge

In bysûnder eilân dêr’t wyn en wetter bouwe en wer ôfbrekke – dat is Skylge. Fan east nei west binne der op it eilân in protte ferskillende natuertypen te finen. Fan de hast ûnbegroeide Noordsvaarder yn it westen oant de dunefalleien mear yn it midden fan it eilân. Oan de eastkant fan de dunen leit ek de Boschplaat.

Duinen Terschelling
Dunen op Skylge.

Ien fan de maatregels út it behearplan is it tsjingean fan ferrûging. Yn de rin fan de tiid binne der hieltyd mear boskjes en tichte begroeiïng ûntstien op it eilân. Dêrtroch ferdwynt de dynamyk troch wyn op Skylge. Rundfee en ponnys begraze sokke gebieten no om it iepen karakter fan it eilân te behâlden. Mear ynformaasje oer de ferskillende maatregels fine jo yn it Natura 2000-behearplan.

Dunen Amelân

Ferspraat oer Amelân falt der in protte te sjen: útwreide dûnegebieten, rike, griene polders, brede strannen en sels in grien strân. Der binne in soad oergongen fan swiet nei sâlt wetter en tusken drûge en fochtige gebieten. Ek it kalkgehalte yn it dûnesân ferskilt sterk, fan de seereep oant de âldere dunen fierder it lân yn. Dit alles soarget foar in grutte fariëteit oan natuer op Amelân.

Strand en zee op Ameland waar vogels door het water lopen.
Dunen op Amelân.

Yn de rin fan de jierren is de dynamyk troch helm- en boskbeplanting sterk fermindere. De earder neamde oergongen steane ûnder druk. Troch mear romte te jaan oan sânferstowing en de wetterhúshâlding yn de dunen sa natuerlik mooglik te meitsjen, kin de natuerkwaliteit behâlden bliuwe. De ferbettering fan de wetterhúshâlding yn bygelyks de Swanenwetterdunen/Hagedoarnfjild draacht ek by oan de swietwetterfoarrie op it eilân. Dat is foardielich foar drûge tiden, ek foar de lânbougrûn yn de polders.

Dunen Skiermûntseach

Skiermûntseach is it lytsste en meast ûnoantaaste eilân yn it Fryske Waadgebiet en makket diel út fan it Natura 2000-netwurk. Oan de westkant leit in dûnegebiet mei in swietwetterplasse, en mear nei it easten ta leit in smel dûnegebiet mei kwelders. Ek is der in grutte stodyk dy't him nei it easten útwreidet en in flink nulle- en loofbosk op it eilân.

In protte ferskillende fûgelsoarten briede op Skiermûntseach, lykas de grutte stirns, brune en blauwe hoanskrobber, de ljip en de fjildûle. Foar dizze soarten is it wichtich om de libbensgebieten te beskermjen en yn guon gefallen te ferbetterjen of út te wreidzjen. Mear oer de maatregels fine jo yn it Natura 2000-behearplan.

Lauwersmar

It Lauwersmargebiet leit op de grins fan Fryslân en Grinslân. It is in bysûnder gebiet mei in ôfwikseling fan iepen wetter, moerasgebieten en greidlannen. Mei rjocht hat it Lauwersmargebiet de status fan Nasjonaal Park en Dark Sky Park. It is in wier fûgelparadys op de eardere seeboaiem en ek in populêr rekreaasjegebiet foar minsken.

Lauwersmeergebied.
Lauwersmargebiet.

It Lauwersmargebiet is diel fan it Natura 2000-netwurk. Tegearre mei de provinsje Grinslân hawwe wy de taak om de natuer yn dit gebiet te beskermjen en dêr't mooglik te fersterkjen. Wy dogge dit oan de hân fan in behearplan, dêr't de provinsje Grinslân it inisjatyf foar nimt. Wy fiere it behearplan út yn gearwurking mei belutsen partijen. Der wurdt wurke oan it twadde behearplan. Hjirfoar is earst in Lânskips-ekologyske systeemanalize (LESA) opsteld.

It earste behearplan is yn 2022 evaluearre. De oanbefellings út dy evaluaasje wurde meinommen by it opstellen fan it behearplan foar de twadde perioade.

Alde Feanen

De Alde Feanen is in Nasjonaal Park mei in grut moerasgebiet fol bysûndere natuer. Om dy reden is it diel fan it Natura 2000-netwurk. De natuer yn De Alde Feanen stiet ûnder druk troch bygelyks in fermindere kwaliteit en omfang fan feanmosriedlannen, wetterplanten, wetterrjocht en blaugerslannen. Yn it LIFE+ projekt Booming Business hat de provinsje Fryslân mei partners wurke oan it oanpakken fan dizze bedrigingen mei ekologyske herstelmaatregels, lykas it ferbetterjen fan de wetterkwaliteit.

Momintiel wurde der wer ynrjochtingsmaatregels yn it gebiet útfierd. Mear dêroer lêze jo op www.fryslan.frl/alde-feanen.

Bakkefeanster Dunen

Yn it natuergebiet Bakkefeanster Duinen komt bysûndere natuer foar. Dit gebiet fan 261 hektare leit yn it easten fan de provinsje Fryslân. Fanwege de bysûndere natuerwearden is it gebiet ûnderdiel fan it Europeeske Natura 2000 netwurk. 

De duinen in Bakkeveen.
Bakkefeanster Dunen.

It Natura 2000-gebiet Bakkefeanster Dunen leit yn it begjin fan de beekdelling fan it Keningsdjip. De ûndergrûn fan de dunen bestiet benammen út sân, mei yn de djippere lagen keiliem. It sân is fan natuere frij soer en itensearm. Dat jildt ek foar it reinwetter dat op it keileem stean bliuwt. Plant- en bistesoarten hawwe har oanpast oan dit gebiet mei iten, mar it gebiet is wol kwetsber. Ek de delslach fan stikstof is in bedriging foar dit gebiet. Yn it Natura 2000-behearplan foar Duinen, fine jo mear ynformaasje oer de doelen en maatregels dêr't wy oan wurkje. Yn it behearplan binne de bysûndere natuerdoelen dy't Europa foar de gebieten oanwiisd hat beskreaun. It wichtichste ûnderdiel fan it plan binne de maatregels dy't nedich binne om dy bysûndere natuer te behâlden en te fersterkjen.

Wynjeterper Skar

It Natura 2000-gebiet Wijnjeterper Schar is in heidegebiet dat om de middenrin fan de beek Alddjip leit. It gebiet hat keileem yn de ûndergrûn mei dêrop sân. Dat soarget foar in bytsje soere en itensearme grûn. Bysûndere planten en bisten hawwe har oanpast en profitearje hjirfan. Ferdrûging troch te rappe ôffier fan wetter nei omlizzende gebieten en de delslach fan stikstof foarmje in bedriging foar de warskôge Skar. 

De heide en bomen in Wijnjeterper Schar
Wynjeterper Skar

Yn dit gebiet wurkje wy ûnder oare oan it fergrutsjen fan de hoemannichte heischraal gerslân en blaugerslân. Wy wurkje ek oan'e ôfwikseling tusken heischraal gerslân, blaugerslân en oare beekdelgerslannen en fochtige heide. Hjir profitearje amfibyen, ynsekten en reptilen fan. Mear ynformaasje oer dizze en oare maatregels fine jo yn it behearplan foar dit gebiet. 

Yn 2024 is der in lytse oanpassing oan it wettersysteem realisearre troch it ferlizzen fan in wetterskipssleat nei de râne fan it gebiet. Hjirtroch wurdt der minder wetter oan it gebiet ûntlutsen.

Van Oordt’s Mersken

It Natura 2000-gebiet Van Oordt's Mersken leit súd fan Beetstersweach om de beek Alddjip hinne. De eastkant fan it gebiet hat hiel fariearre natuer. Mei ûnder oare leafbosk, heide, puollen, blomrike skraalgerslannen en dotterblomhealannen. Oan de westkant is it lânskip mear iepen, wêrtroch't greidefûgels, einen en guozzen hjir graach komme. De fochtige dielen fan'e gebieten Rome en Mersken brûke se as sliepplak. 

Landschap van gras en bomen in Van Oordt's Mersken.
Van Oordt's Mersken.

Wichtige opjeften yn dit gebiet binne it fergrutsjen en ferbetterjen fan it gebiet mei heischraal gerslân en blaugerslân en it behâlden en ferbetterjen fan de fochtige heiden. Wy wurkje ek oan de leefgebieten fan de grutte en lytse modderkrûper, it peaske, de hoants en de smjunt, blesgoes en brangoes. Mear ynformaasje oer de Natura 2000 - doelen yn dit gebiet fine jo yn it behearplan.

De Deelen

De Deelen is in opfallend leechfeanmoerasgebiet. Oer it gebiet ferspraat leit in doalhôf fan petgatten, ôfwiksele mei drûge stroken (lisikkers dêr't eartiids it fean op drûge waard). In soad ferskillende fûgelsoarten briede en rêste der, en sykje dêr har iten. In wichtige opjefte yn dit gebiet is it ûntwikkeljen fan (wetter)reid en it soargjen foar in goed wettersysteem. Soarten as de reiddomp, swarte stirns en streke wetterrôfkrobbe hawwe hjir profyt fan. 

Water in De Deelen omringd door gras en bomen.
De Deelen.

Yn dit gebiet wurkje wy ûnder oare oan it stimulearjen fan de groei fan (wetter)reid. Dit foarmet in noflik rêst- en leefplak foar fûgels as de reiddomp en poarperriger. Wy wurkje ek oan in lykwichtich wettersysteem, dêr't wetterplanten goed groeie kinne. Mear ynformaasje oer Natura 2000 yn'e Deelen fine jo yn it Natura 2000-behearplan foar dit gebiet.

Drints-Fryske Wâld & Leggelderfjild

Stuifsannen, nullebosken, beken, tinen, heide en gerslannen. Yn it Drents-Friese Wold & Leggelderveld is in grut ferskaat oan natuer te finen. Ek is der in ôfwikseling tusken wiete slinken en drûge sânrêgen. 

It Drents-Friese Wold & Leggelderveld is ûnderdiel fan it Natura 2000 - netwurk. Yn `e mande mei de provinsje Drinte is it ús taak om de natuer yn dit gebiet te beskermjen en wêr mooglik te fersterkjen. Dit dogge wy oan'e hân fan in behearplan. Wy fiere it behearplan út yn oparbeidzjen mei belutsen partijen.

Rottige Meenthe & Brandemeer

It gebiet Rottige Meenthe & Brandemeer bestiet út twa grutte sompegebieten en de Helomavaart dy't de twa gebieten ferbynt. Dit gebiet is in wichtige ferbining tusken de leechfeangebieten yn it midden fan Fryslân en de moerassen yn Noardwest Oerisel. Ek is hjir it seldsume trilfean te finen en it is in leefgebiet foar de slim bedrige grutte fjoerflinter. 

Verschillende waterstromen die omringd zijn door bomen in Rottige Meenthe en Brandemeer.
Rottige Meenthe en Brandemeer.

Yn dit gebiet wurkje we oan it behâld en it ferbetterjen fan it trilfean en feanmosreidlân. Wy wurkje ek oan it ûntwikkeljen fan wetterplanten dêr't fisken lykas de bitterfoarn en it groukopke fan profitearje. Yn'e petgatten besykje wy om de langst op gong te bringen. Mear ynformaasje oer de doelen en maatregels yn dit gebiet fine jo yn it behearplan foar Rottige Meenthe en Brandemeer.

Noardseekustgebiet

Oan de Noardwestlike kant fan de Waadeilannen leit it Natura 2000-gebiet Noardseekustgebiet. Dit gebiet rint fan de seeboaiem op -20 meter NAP djipte oant de dunerâne op de Waadeilannen. De strannen oan de Noardseekant fan de eilannen hearre dêr dus ek by. Troch wyn en wetter beweecht de grins fan de dunen wat, wêrtroch de grins fan dit Natura 2000-gebiet ek dynamysk is.

As provinsje hawwe wy de taak om de natuer yn de Natura 2000-gebieten te beskermjen en dêr't mooglik te fersterkjen. Op de strannen giet it benammen om strânbrieders, griene strannen en begjinnende dúnfegetaasje. De beskerming fan dizze natuerwearden dogge wy oan de hân fan in behearplan. Wy fiere it behearplan út yn gearwurking mei belutsen partijen.

Iselmar en râne-marren

It Iselmargebiet is fan grut belang foar in protte fûgelsoarten. Sawol moerasfûgels as oerwinterjende wetterfûgels en fûgels dy't by de ouwers fan it Iselmar libje, brûke it gebiet as rêstplak en fine dêr harren iten.
Dêrneist libje seldsume soarten, lykas de noardske wrotmûs en de mearflearmûs, oan de rânen fan it Iselmar. It gebiet lûkt net allinnich in protte fûgels oan, mar ek minsken, want it Iselmar is in populêr rekreaasjegebiet.

Ijsselmeer met op de voorgrond zand en gras.
It Iselmargebiet.

Om de bysûndere natuer fan it Iselmargebiet te fersterkjen en te beskermjen, wurkje Rykswettersteat, de omlizzende provinsjes en terreinbehearende organisaasjes gear oan de útfiering fan it Natura 2000-behearplan. Dit behearplan beslacht seis Natura 2000-gebieten yn it Iselmargebiet en de râne-marren.

It behearplan foar it Iselmargebiet is yn febrewaris 2024 mei in perioade fan seis jier ferlinge. Der wurdt wurke oan in ekologyske evaluaasje, en it doel is dat it nije behearplan foar 2030 fêststeld wurdt.

Waadsee

Tusken Fryslân en de Waadeilannen leit de Waadsee. De Waadsee bestiet út inkele drûchfallen sânplaten en ûnbewenne eilannen, lykas de Griend, Rottumerplaat en Súderein. Dy hearre allegear by it Natura 2000-netwurk. Ek lytse, beskerme dunekompleksen op de kwelders fan de Waadeilannen binne ûnderdiel fan it Natura 2000 Waadseegebiet.
In wichtich doel yn dit Natura 2000-gebiet is it soargjen foar genôch rêst- en libbensgebieten foar net-briedfûgels, lykas de strânljip en mients. Ek rêstplakken foar de gewoane en grize seehûn binne fan belang. Mear ynformaasje oer de doelen yn it Waadseegebiet fine jo yn it behearplan.

Behearplannen

Water en bruin gras tegen een bewolkte maar zonnige lucht in Fochteloërveen.

De provinsje Fryslân stelt behearplannen op foar de Natura 2000-gebieten yn Fryslân. Yn dizze plannen stiet detaillearre beskreaun hokker natuerwearden wêr beskerming krije en hoe’t dat útfierd wurdt. Der wurdt rekken hâlden mei ekologyske, ekonomyske en sosjale (ûn)mooglikheden binnen en om it gebiet hinne.
De plannen komme ta stân yn gearwurking mei eigners, ûndernimmers, omwenners, ferskate oerheden en oare belutsenen. In behearplan jildt seis jier, en nei evaluaasje en in ynspraakproseduere kin it ferlinge wurde, mei mooglike oanpassingen. Oan de ein fan de rinningsperioade wurdt in nij behearplan fêststeld.

Omjouwingswet en fergunnings

De fêststelde behearplannen binne in wichtige basis foar de útfiering fan provinsjale taken yn ferbân mei fergunningferliening neffens de Omjouwingswet.
Neffens dizze wet is in natuerfergunning of in oar tastimmingsbeslút ferplichte foar aktiviteiten wêrby’t stikstof frijkomt. Dit soarget derfoar dat der net tefolle stikstof yn Natura 2000-gebieten delslacht. Mear ynformaasje oer fergunningferliening is te finen op Stikstof vergunning | Fryslan en op Vergunning voor Natura 2000-gebied aanvragen | Fryslan.

Natoerbrannen

De lêste jierren komt it hieltyd faker foar dat der brannen ûntsteane yn de natuer, benammen yn de simmer, mar soms ek yn it foarjier. Fanwege klimaatferoaring binne der langere perioaden fan drûchte: it reint minder en it grûnwetter stiet leech, wêrtroch planten útdroege reitsje. Dit makket bosken en heide kwetsber foar brannen.

Natuerbrannen wurde meast feroarsake troch minske-aktiviteiten. De trije grutste oarsaken binne: smoke, barbecueën en in hjitte útlaatpiip yn heech gers. It is dêrom wichtich om yn drûge perioaden foarsichtich te wêzen mei fjoer yn en om natuergebieten.

Hoe foarkomme jo in natuerbrân?
  • Smook noait yn' e natuer. Op spesjale buorden sil sûnder mis in smookferbod stean. Meitsje de sigaret dus gau en yngeand út en smyt de peuk dêrnei yn in prullebak. 
  • Smyt jo ôffal yn de dêrfoar bestimde prullebakken of nim it mei nei hûs. Want in glêzen flesse kin as in fergrutglês wurkje en sa in fjurke begjinne. 
  • Hâld jo oan de regels foar iepen fjoer yn de natuer. Dat jildt sawol foar barbecueën as in kampfjoer meitsje of in fjoerkoer oanstekke. 
  • Blusmiddels meinimme, lykas in amer wetter, blustekken of de brânblusser út jo auto, is in must foar wa't in fjurke makket yn sa'n omjouwing. 
  • Tink derom wêr't jo de auto parkearje, leafst op in stiennen of asfalt ûndergrûn. Set him nea yn heech gers, want jo hite útlitpiip fungearret dan as oanstekker. 
  • Parkear ek seker noait op boskpaden, want dy moatte frij bliuwe foar de brânwacht, mocht der fjoer ûntstean. 
Wat moatte jo dwaan as der in natuerbrân útbrekt?

 As der brân útbrekt, dan kin it ynienen hiel hurd gean. Al gau kin it fjoer him ferspriede fia hege krunen, mar ek oer de grûn. Ticht by in bosk lizzende wenwiken rinne dan ek risiko. Understeande tips moatte jo foar it slimste gefaar hoedzje: 

  • Kalmte is bean. Reitsje net ynsletten troch it fjoer en besykje it seker net sels út te meitsjen. Dat kin allinnich by in lytse brân. Mar sadree't dit in útslaande brân wurdt, is it wurk foar de brânwacht. 
  • Flecht nét tsjin it fjoer yn of mei it fjoer mei. Besykje dwerslangs om it fjoer te ûntkommen. Foarbyld: as it fjoer út it suden komt, flechtsje dan net nei it noarden, foar it fjoer út, mar beweech krekt rjochting it easten of westen. De kâns op in feilich hinnekommen is dan faak grutter. 
  • Besykje ek altyd om nei in brede wei of in grut ferhurde terrein te flechtsjen dêr't it fjoer net oerhinne raze kin. Of noch better: de beboude kom. 
  • Besykje om oaren yn feilichheid te bringen.
  • Belje 112, mar soargje wol foardat jo yn in brângefaarlike omjouwing telâne komme, dat jo telefoan opladen is. 
  • Beneam it plak yn it bosk, it dún of op de heide oan de hân fan oanwêzige weiwizers of jo navigator. Mooglik kinne jo sels mei in ‘spjelde’ yn WhatsApp de eksakte lokaasje trochjaan. 

Op de site fan de Brânwacht steane folders mei tips foar ferskate groepen, fan bewenners oant rekreanten, en fan ûndernimmers oant soarchynstellingen. Wa't yn it foar it risiko op brân witte wol, kin him op Natuurbrandrisico.nl oanmelde foar in automatyske alert. Altyd handich as jo op reis geane.

Mear ynformaasje

Hoe kinne wy de omjouwing brânfeiliger meitsje? 

  • Ferheech de grûnwetterstân. In fochtige, sels wiete ûndergrûn ferleget it brânrisiko. 
  • Bestriid fjoer mei fjoer. Stikken bosk dêr't brân him maklik ferspriede kin moatte ûnberikber makke wurde. Soms is (behearske) fjoer dêrfoar it bêste middel, om sa gau in brângong te meitsjen wêrtroch't it fjoer net fierder ferspriedt. 
  • Set grazers yn. It menu fan geiten en skiep is perfekt as brânbestridingsmiddel. Se ite nammentlik heech gers en jonge dinnen. Lis in brângong oan. In brede dyk of parkearterrein kin útwreiding fan in boskbrân stopje. 
  • Plant leafbeammen. Dy binne fjoerbestindiger as nullebeammen. As se as in sirkel om nullebeammen stean, kinne se it oerslaan fan it fjoer behinderje. 

Risikogebieten yn Fryslân 

Der binne 13 gebieten fan mear as 500 bunder (= 5 km 2) mei oaniensletten bosken, heide-, fean- en reidfjilden en/of dunen. Dêr binne de grutste risiko's op natuerbrannen. Alle fjouwer Fryske Waadeilannen binne hielendal natuerbrân-risikogebiet. Ek de boskgebieten yn it suden fan de provinsje hearre by de risikogebieten. 

Hoe grut is it probleem fan natuerbrânbehearsking yn Fryslân? 

Troch klimaatferoaring wurdt de kâns op grutte natuerbrannen grutter, dat docht ek bliken út ferskate ynternasjonale rapporten. Troch drûchte kin der flugger brân ûntstean en ek de brân him rapper ferspriede kin. Troch de klimaatferoaring nimt de brânberens fan de natuer ta. De jiertemperatueren lizze heger, it groeiseizoen wurdt langer en der leit mear dea hout yn'e bosken. Ek groeit der no mear as foarhinne fegetaasje dy't hurd flammet. De brânwacht hat ek faker warskôge dat der mear natuerbrannen ûntstean sille. Lykas in pear jier lyn yn de Deurnese Peel yn Noard-Brabân, it Nasjonaal Park De Meinwei yn Limboarch en in boskbrân yn de buert fan Tilburg. 

Belutsen partijen by natuerbrânbehearsking yn Fryslân 

De provinsje is yn in soad gebieten ferantwurdlik foar it beskermjen fan de natuerwearden, dy't by natuerbrannen ûnder druk komme kinne te stean. Op 22 juny 2023 is der it Convenant Natuurbrandbeheersing Fryslân tekene troch 19 gearwurkjende partijen: Veiligheidsregio Fryslân, Provinsje Fryslân, de 12 Fryske gemeenten dêr't de risikogebieten binnen lein binne en 5 natuerbehearorganisaasjes. Foar de bestriding fan (natuer)brannen is de brânwacht binnen Veiligheidsregio Fryslân ferantwurdlik. Foar de útfiering fan natuerbrânbestriding by ynsidinten is de boargemaster fan de oanbelangjende gemeente bestjoerlik oansprekber.

Groote Wielen