Oarsaken fan oerlêst troch jabikskrúswoartel
Jakobskrûd befettet pyrrolizidine alkaloïden (PA 's). PA's binne net fuort giftich, mar wurde yn 'e lever fan in bist omset yn 'e pyrrolen dy't wol fergiftich binne. Yn grutte hoemannichten kinne PA's skealik wêze foar lânboudieren lykas hynders en kij. In hoemannichte tusken de 4% en 8% de kilo lichemsgewicht liedt ta leverfalen en kin ta de dea liede (Cheeke, 1984,).
In pear oarsaken wêrtroch 't jakobskrûd (tydlik) tanimt yn it lânskip:
- Saadfersprieding: jakobskrûd yn de omjouwing bedarret yn it perseel fia siedfersprieding. De measte siedden falle ticht by de memmeplant, sied kin oant 50 -100 meter fier gean.
- Behearferoaring: in omskeakeling fan yntinsyf nei ekstinsyf behear makket de seadde tinner en bringt mear ljocht oant de boaiem ta, en dêrtroch ûntstiet mear plak foar krûden lykas jabikskrúswoartel.
- Grûnferset: kymkrêftige siedsjes fan jakobskrûd yn de grûn krije deiljocht troch woeljende bisten (hoeven, mollen) of graafmasines, bygelyks by de oanlis fan nije diken.
- Begrazing: gerzers mije it bittere jakobskrûd, wêrtroch 't it in foarsprong krijt op gerzen en ytbere krûden.
- Ferwaarleazing: de kombinaasje fan dizze faktoaren mei fertutearzing kin liede ta in taname fan de plant.
Gefolgen
Yn Nederlân wurde selden bewezen meldingen dien fan ferstoarne bisten troch jabikskrúswoartel. Yn de Feriene Keninkryk is de plant ek algemien en ek hjir blykt fergiftiging troch krúskaden selden foar te kommen.
Ut ûndersyk* docht bliken dat der meastentiids fermoedens wiene fan in krúswoarten-fergiftiging, mar dat autopsy in oare útkomst útwiisde.