Jabikskrúswoartel yn Fryslân

Foto van jacobskruiskruid in bloei van dichtbij gefotografeerd
Foto: Ramhold Heiner

Jabikskrúswoartel (Jacobaea vulgaris) is in twajierrich krûd mei giele blommen dy 't ferspraat oer hiel Nederlân foarkomt. De plant groeit op sinneskynplakken yn gerzige bermen, greiden en iepen terreinen.

Hoewol 't jabikskrúswoartel net gau op agraryske perselen groeie sil, sjogge guon grûneigeners de plantesoart leaver net yn berms fan tichteby lizzende diken. Dit omdat de plant giftige stoffen befettet dy 't yn grutte hoemannichten deadlik wêze kinne foar lânboubisten lykas hynders en kij.

Hoewol 't jabikskrúswoartel net gau op agraryske perselen groeie sil, sjogge guon grûneigeners de plantesoart leaver net yn berms fan tichteby lizzende diken. Dit omdat de plant giftige stoffen befettet dy 't yn grutte hoemannichten deadlik wêze kinne foar lânboubisten lykas hynders en kij.

Tagelyk is jabikskrúswoartel in ynheemske plantesoart dy 't tige weardefol is foar ús libbene natuer. De plant is in wichtige boarne fan nektar en stomoal foar mear as 150 ynsektesoarten lykas bijen, (sweef)miggen en deiflinters. Neist iten hat de plant ek in funksje yn de foarplantingssyklus fan ynsektesoarten. Guon soarten binne sels alhiel oanwiisd op dizze plant. Dêrom is it wichtich de plant stean te litten op plakken dêr 't er gjin problemen foar fee feroarsaket.

Dêrom wurkje wy oan jabikskrúswoartelbelied dêr 't it risiko dat lânboudieren it iten yn tefoaren komt, mar romte oan 'e plant bean wurdt om syn rol yn 'e natuer ferfolje te kinnen. Yn Fryslân is it tal meldingen by de provinsje fan oerlêst fan jabikskrúswoartel lyts. Dochs hat allinnich de provinsje Fryslân in ‘jabikskrúswoartel-feroardering’, dy ’t oanjout dat behearsking fan de plant yn risikogebieten ferplichte is. As eigener en behearder fan har grûnen en bermen is de provinsje aktyf dwaande mei de ynventarisaasje fan de oerlêst troch jabikskrúswoartel. Mei in oanpast meanbehear wurdt de oerlêst tsjingien. De oanpak fan jabikskrúswoartel bart yn gearhing mei de oanpak fan provinsjes Drinte en Grinslân.

Kontakt

Hast fragen oer dizze webside? Nim dan kontakt op mei it Klantkontaktsintrum.

Melding

Ast jabikskrúswoartel op in risikofol plak sjochst, freegje dan de eigener om it krûd fuort te heljen. Mocht de eigener gjin aksje ûndernimme of net te efterheljen wêze, nim dan kontakt op mei de FUMO (Fryske Utfieringstjinst Miljeu en Omjouwing). Yn oerlis wurdt sjoen oft de oanwêzigens fan jabikskrúswoartel in risiko foarmet op in spesifike lokaasje. Sa ja, dan wurdt it meanbelied dêrop ôfstimd.