Oerlêstbestriding op grûn en bermen
De plant ferspriedt him benammen fia (skrale) dykbermen, wêrtroch 't der in wichtige ferantwurdlikheid leit by de dyk (berm)behearders. Dat binne Rykswettersteat, provinsje en gemeenten. De weibehearders hantearje in ferskillende oanpak. Dit hoecht gjin probleem te wêzen, omdat lokaal maatwurk krekt goed is. Net op alle plakken foarmet de fersprieding fan it jakobskrûd in risiko en is bestriding fan it krûd winske, sjoen de wearde fan de soart foar de biodiversiteit. As ferantwurdlike foar it natuerbelied is de provinsje Fryslân foarstanner fan maatwurk oangeande it jakobskrûd by it weibermbehear.
Ynventarisaasje fan de oerlêst
De provinsje Fryslân is as eigener en behearder fan har grûnen en dykberms aktyf dwaande mei de ynventarisaasje fan de oerlêst troch jabikskrúswoartel. Troch op 'e tiid yn te gripen – rom foar bloeitiid – wurket it meanbelied, dêr ’t wy yn faze en op spesifike plakken yn meane, noch better.
Yn de ynventarisaasje giet in eksterne saakkundige op syk nei de oanwêzichheid fan de plant yn de troch de provinsje behearde bermen. Der wurdt ek ynformaasje ophelle foar de bestriding fan planten dy 't we leaver net tefolle sjogge, lykas reuzebeareklau en distels.
De eksterne saakkundige sjocht goed nei de ôfwaging tusken bioferskaat, ferkearsfeiligens en oanwêzigens fan oerlêstjaande soarten. Hjirtroch is in meanbelied op maat mooglik.
Meaibelied op maat
Yn fuortbermen en op lân dat net aktyf brûkt wurdt, kin jakobskrûd net in soad kwea as it meanark net yn feefoer ferwurke wurdt. As der risiko bestiet foar fersprieding nei oangrinzjende graasweiden of lânbougrûnen, dan moat der yngrepen wurde en kin der melding dien wurde.
Op basis fan de ynventarisaasje wol de provinsje effektiver meanbelied útfiere. As it risiko bestiet dat de plant iten wurdt troch lânbouhúsdieren of yn it feefoer telâne komt, wurdt der ekstra meand. As de situaasje dit talit, sil der minder meand wurde op plakken dêr 't weardefolle planten steane foar it bioferskaat.
Troch te meanen oan it begjin fan 'e bloei (ein juny - begjin july) wurdt siedfoarming foarkommen. Ein augustus is in twadde meanbeurt needsaaklik. It meanark moat ôffierd wurde, it mei net as hea of struisel brûkt wurde.
Der wurdt net kleppele (it fynmeallen fan it meansel), omdat dit de fersprieding fan jabikskrúswoartel befoarderje kin. Op plakken dêr 't massaal jakobskrûd foarkomt en de plant mei rêst litten wurdt, nimt it oantal ôf. Jakobskrûd makket har eigen stânplak ûngeskikt, troch mikroskopysk lytse baktearjes en skimmels dy 't har ophoopje om de woartels hinne. Der treedt ‘boaiemwurgens’ op, dy ’t de grûn ûngeskikt makket foar jabikskrúswoartel en dêr ’t oare planten foar weromkomme.
In tal gerslânsoarten behinderet de groei fan jabikskrúswoartel. Oarsom groeie dizze gerslânsoarten krekt better op plakken dêr 't jakobskrûd earder stie.