Deimen
Op ferskate plakken yn Fryslân rinne deimen los om. Lykas by Oranjewâld/Ketlik, Dokkum, de Lauwersmar en Elslo. De populaasjes groeie en soargje somtiden foar ûnfeilige situaasjes op de dyk, benammen yn it gebiet Oranjewâld/Ketlik en omkriten. Dat is omdat se somtiden ûnferwachts de dyk oerstekke wêrby't der in kâns is dat se oanriden wurde.

Oerlêst melde
Hawwe jo oerlêst fan deimen? Dan hearre we dat graach! Jo kinne oerlêst melde fia ûndersteande knoppen. De Faunabeheereenheid hâldt dizze meldingen by. Troch melding te dwaan fan skea en oerlêst helpt jo Faunabeheereenheid en de provinsje in goed byld te krijen fan de situaasje. Dat is nedich foar it meitsjen fan in plan foar it behear fan de deimen.
Meld in dea bist of oanriding
Meld oare oerlêst, bygelyks: skea oan jo tún, oan in bosk of oan gewaaksen. Of in gefaarlike situaasje op de dyk.
Skea en oerlêst troch oare diersoarten
Jo kinne troch dizze knoppen oerlêst en skea troch deimen melde, mar ek fan oare soarten lykas reeën, stienmurden en krieën. Dat jildt ek foar it melden fan in dea bist.
Behear damherten yn gebiet om Ketlik en Oranjewâld hinne
De ôfrûne jierren is it tal deimen yn it gebiet om Ketlik, Mildaam en Oranjewâld hinne flink groeid. Nei skatting rinne der no sa'n 950 bisten. Dit soarget foar gefaar op de dyk, omdat de bisten faak ûnferwachts oerstekke, wat geregeld liedt ta oanridings.
Der binne ferskate maatregels troffen om gefaarlike situaasjes en oerlêst op de dyk te beheinen. Bygelyks it pleatsen fan dynamyske warskôgingsbuorden en in snelheidsbeheining. Dat hat it probleem net genôch oplost. De groep deimen groeit hurd en de provinsje wol ûngelokken op de dyk safolle mooglik foarkomme.
Dêrom hat de provinsje yn it neijier fan 2024 oan de Faunabeheereenheid in fergunning jûn om de groei fan de populaasje yn dit gebiet te remjen, mei ôfskot.
Ek krige de Faunabeheereenheid tastimming foar ôfskot fan sike of ferwûne deimen om ûnnedich lijen foar te kommen. Dat jildt foar hiel Fryslân.
Behear noch net fan start
Tsjin it beslút om de Faunabeheereenheid in fergunning te jaan, binne inkelde beswieren en in foarriedige foarsjenning yntsjinne. De foarsjenningerjochter hat yn febrewaris 2025 oardiele dat de ûnderbouwing fan de fergunning noch net foldwaande is. Dat jildt allinnich foar it populaasjebehear (it beheinen fan de groei fan de populaasje deimen om Ketlik en Oranjewâld) hinne. It ôfskot fan sike of ferwûne deimen om lijen foar te kommen, mei wol úteinsette.
De provinsje Fryslân is bot teloarsteld oer dizze útspraak. Hjirmei jout de rjochtbank oan dat we noch net begjinne kinne mei it beheinen fan it groeiende tal deimen. Hoe grutter de groep deimen, hoe grutter ek de kâns op in fataal ûngelok. De rjochter hat no besletten dat de provinsje wachtsje moat oant de útspraak fan de beswierskriftekommisje dy't de beswieren op de fergunning behannele. Dat is pland foar heal maart en in pear wiken letter sil de útspraak wêze. De rjochter hat der ûnder oare op wiisd dat motivearre wurde moat by hokker tal deimen der wol in foldwaande ferkearsfeilige situaasje is. We sille dêrom de kommende wiken brûke om de ûnderbouwing fan de fergunning wêr mooglik te ferbetterjen.
De kommende tiid giet it ôfskot yn it gebiet Ketlik-Oranjewâld foar it beheinen fan de groei fan it tal deimen dus noch net fan start.
Fragen?
Hawwe jo fragen oer de fergunning of it behear fan deimen? Nim dan kontakt op mei it Klantkontaktsintrum fan de provinsje Fryslân fia provincie@fryslan.frl of 058 - 292 59 25.