Ryks - en provinsjetaken fan de Kommissaris fan de Kening
Rykstaken
De Kommissaris fan de Kening hat ferskate taken en foegen. Fan âlds wurdt dêrby ûnderskie makke tusken Provinsjetaken en Rykstaken.
Histoaryske oarsprong Rykstaken
De histoaryske oarsprong fan de Rykstaken fan de Kommissaris fan de Kening is op de Grûnwet fan 1814 werom te fieren, doe’t it amt fan Kommissaris fan de Kening ynfierd waard. It amt hiet doe nammers noch “Gûverneur” (letterlik: fertsjintwurdiger fan it gûvernemint. By in lettere Grûnwet (1848) waard de namme yn “Kommissaris des Kenings” feroare en yn de Grûnwet fan 1983 waard de namme “Kommissaris fan de Kening”. Wannear’t in Keninginne regearret wurdt de namme fansels “Kommissaris fan de Keningin”.
Yn 1814 ûntstie (neidat ôfskie fan de Frânsen en Napoleon nommen wie) it Keninkryk fan de Nederlannen. It wichtichste argumint foar de ynstelling fan in Kommissaris wie om foar te kommen dat de noch jonge ienheidssteat bedrige wurde soe troch te machtige en eigensinnige provinsjebestjoeren. Fia de Kommissaris koe it steatsgesach tafersjoch hâlde en fet hawwe op it provinsjaal bestjoer.
Lei foarhinne it swiertepunt op de Rykstaken, mei de Kommissaris as Ryksorgaan, ûnderwilen hat it amt him hieltyd mear ta in provinsjaal orgaan ûntwikkele. It op de provinsje tafersjoch hâlden út namme fan it Ryk is yn alle gefallen wat út it ferline. De Rykstaken dy’t oerbleaun binne, wurde sûnt de twadde helte fan de foarige iuw (1966) yn in saneamde Amtsynstruksje opnommen. De meast resinte Amtsynstruksje is fan 1994, en is nei dy tiid al in pear kear oanpast.
Provinsje Taken
De wichtichste Provinsjetaken binne it foarsitterskip fan Provinsjale Steaten (it parlemint fan de provinsje) en it Kolleezje fan Deputearre Steaten (it deistich bestjoer fan de provinsje). Yn dy rollen sjocht hy ûnder oare ta op de kwaliteit fan it provinsjale beliedsproses en beslútfoarmingsproses. Yn it kolleezje is hy koördinator fan it ynterbestjoerlik tafersjoch.