Sirkulêr Ynkeapje
Yn 2025 wol Fryslân de meast sirkulêre regio fan Europa wêze. Om dat doel te berikken wurkje wy gear mei mear as 100 organisaasjes binnen Vereniging Circulair Friesland en keapje wy produkten en materialen safolle mooglik sirkulêr yn. Mar sirkulêr ynkeapje giet fierder as dat. Fan 'e tarieding oant de neisoarch: by elke stap yn it ynkeapproses binne oare karren nedich. Dêrtroch:
- mije wy CO2 útstjit;
- mije wy it brûken fan nije materialen en grûnstoffen;
- stimulearje wy it bedriuwslibben om sirkulêre produkten en tsjinsten te ûntwikkeljen en oan te bieden.
Sirkulêr ynkeapje stimulearret ynnovaasjes, kin kosten besparje en draacht wêzentlik by oan de klimaatopjefte. Dêrom meitsje wy sirkulêr ynkeapje de standert binnen ús projekten en bedriuwsfiering. Om dat te berikken wurkje wy gear mei de Fryske gemeenten, Vereniging Circulair Friesland en oare oerheidsynstellingen. Mei-inoar bondelje wy ús krêften, wikselje wy ynformaasje út, motivearje & stimulearje wy inoar om oars yn te keapjen en organisearje wy eveneminten en gearkomsten. Dat dogge wy bygelyks troch twa kear jiers de Fryske Sirkulêre Ynkeap Akademy te organisearjen. Dy akademy nimt de gemeenten en oare oerheidsynstellingen mei yn de ferskate stappen fan sirkulêr ynkeapje. Yn it programma wurde eigen ynkeaptrajekten ynbrocht, dêr't yn de gearkomsten oan wurke wurdt. Op dizze wize bringe de dielnimmers sirkulêr ynkeapje daliks yn ’e praktyk, krije sy ynformaasje oer sirkulêr ynkeapje én wurdt der fan inoar leard.
It Swettehûs
Wy binne grutsk op ‘ús’ Swettehûs: in sirkulêr brêgebetsjinningssintrum en stipepunt foar Provinsjale Wettersteat. It gebou bestiet foar 44% út materialen dy't op 'e nij brûkt binne, en 12% fan de materialen is biobased – ôfkomstich út ’e natuer. It ynkeapproses ferrûn oars as oars omdat de bou ôfhinklik wie fan de beskikberens fan materialen. Dat frege fleksibiliteit, fan 'e planning en bouwize oant de arsjitektuer en it uterlik fan it gebou.
Op dizze side fine je mear ynformaasje en flogs oer de bou en it ynkeapproses.