Sirkulêre Ekonomy
Yn Fryslân binne wy grutsk op ús lânskip en ús mienskip. ‘Lok op 1’ is net foar neat de titel fan ús bestjoersakkoart. Wy wolle wurkje oan de ekonomy yn balâns mei ús omjouwing en ús minsken. De fokus leit op in sûn, skjin en lokkich Fryslân.
Dêrom wurkje wy hurd oan de transysje nei in sirkulêre ekonomy. Foar ús is sirkulêre ekonomy mear as allinnich it recycljen fan materialen. It giet ek oer it brûken fan duorsume enerzjy, it brûken fan wetter, bioferskaat, sûnens en sosjale ynklusiviteit.
Gearwurkje
Allinnich troch gear te wurkjen komt in sirkulêre ekonomy tichter by. Yn Vereniging Circulair Friesland binne alle Fryske gemeenten, kennisynstellingen en in groeiend tal bedriuwen feriene, om mei-inoar de sirkulêre ekonomy wier te meitsjen. As provinsje wurkje wy nau gear mei de feriening en besykje wy ús eagen en earen iepen te hawwen om, wêr’t dat mooglik is, stypje te kinnen. Binnen de gearwurking binne ûnder oare de ynset op sirkulêre keunststoffen en sirkulêr bouwen wichtige spearpunten.
Dêrnjonken wurkje wy ek gear bûten ús provinsjegrinzen. Bygelyks binnen it projekt Noord-Nederland Verdient Circulair. Ek binne wy as provinsje in wichtige skeakel tusken it Ryk en wat der op lokaal nivo bart. Dêrom bringe wy op nasjonaal nivo oanienwei it belang fan de regio yn, bygelyks by it ta stân kommen fan it Nasjonaal Programma Sirkulêre Ekonomy. Wy nimme diel yn in tal Europeeske projekten. Dat dogge wy om kennis mei oare regio’s út te wikseljen en om saken dêr’t wy oan wurkje mei help fan Europeeske middels te realisearjen.
Sirkulêr ynkeapje
Dêrneist leveret de provinsje sels ek in wichtige bydrage troch materialen sirkulêr yn te keapjen. Wy binne grutsk op ‘ús’ Swettehûs, it sirkulêre brêgebetsjinningssintrum en stipepunt fan Fryslân. Dêrneist besykje wy mear en mear yn ús VTH-taken (fergunning, tafersjoch en hanthavening) it sirkulêre tinken en dwaan foarm te jaan. Lês der mear oer op ûndersteande side.