2025 Jier fan de Sirkulêre Ekonomy
Sirkulêr Koprinner yn Europa wurde, wêze én bliuwe!
In skjin, sûn en lokkich Fryslân. In sirkulêr Fryslân dêr't grûnstoffen hieltyd wer brûkt wurde. Takomstmuzyk? Nee: it is it lûd fan nó. Al tsien jier lang wurdt der hurd wurke oan in sirkulêr Fryslân.
Mei-inoar wurkje wy al tsien jier oan in skjinne, sûne en lokkige regio. Mei resultaat, want Fryslân is ien fan de sirkulêre koprinners fan Europa! Yn 2025 fiere wy ús sirkulêre súksessen. Wy litte mei in soad grutskens sjen wat allegearre al ‘made sirkulêr yn Fryslân’ is.
Programma 2025
Oersjoch:
17 – 22 maart | Wike fan de Sirkulêre Ekonomy | Lanlik |
17 maart | Iepening Sirkulêre Jier | Bûtenpost |
19 maart | Op ûntdekkingstocht yn Fryslân foarprogramma NCCE | Fryslân |
20 maart | Nasjonale Konferinsje Sirkulêre Ekonomy (NCCE) | Ljouwert |
April o/m oktober | Alle moannen Iepen Hûs by koprinners | Fryslân |
10 oant 13 juny | Europeeske Top | Fryslân |
10 oktober | Ofsluting Fierder gean | Fryslân |
Iepen Hûs
Alle earste tiisdeis fan de moanne is it Iepen Hûs. In momint dat organisaasjes harren doar iepensette foar elkenien dy't ynteresse hat. Alle tiisdeis komt der in oare pylder fan ús sirkulêre ekonomy foarby. Komsto ek?
♻ Programma Iepen Hûs 1 april 2025 - Materialen
YnterFaca:
Untdek op tiisdei 1 april om 10.30 oere de krêft fan wergebrûk mei in workshop fûgelhúskes meitsje! By FlowBox jouwe se restmateriaal in twadde libben troch der unike en duorsume produkten fan te meitsjen. Mei dizze workshop giest sels oan de slach mei harren houtôffal en makkest ûnder begelieding dyn eigen fûgelhûske. Skriuwst yn troch te mailen nei info@flowbox.nl en doch mei!
Adres InterFaca: Nipkowlaan 14, 9207 JA Drachten
Ekspedysje Grip op Grond:
Op tiisdei 1 april 2025 fan 14.00 - 15.30 oere kinst in rûnlieding krije op ús provinsjaal depot De Bakkerij (Stûkenwei 5a Warten). Fan Garyp ôf oer de Fonejachtbrêge, ûnderoan by it talúd fan de brêge links stiet in lyts buordsje mei ‘Bakkerij’, dêr rydst ûnder de brêge troch. Lokaasje: https://maps.app.goo.gl/bUT21fp8WjDeHkbL8
Oanmelde foar ekspedysje Grip op Grond is net nedich.
Mear ynformaasje oer Iepen Hûs fynst hjir: Iepen hûs - april - materialen - Vereniging Circulair Friesland
Oare data Iepen Hûs
♻Tiisdei 6 maaie - Enerzjy
♻Tiisdei 3 juny - Wetter
♻Tiisdei 1 july - Bioferskaat
♻Tiisdei 26 augustus - Kultureel Ferskaat
♻Tiisdei 2 septimber - Sûnens en Wolwêzen
♻Tiisdei 7 oktober - Tafoege Wearde