Kollega's fan Grip op Grond
Yn it ramt fan #watdoejij hawwe wy dizze moanne in filmke makke mei ús kollega's fan Grip op Grond. Sy fertelle wêr't sy har deistich foar ynsette. En hóe, se binne koprinner yn Nederlân!
Grûn is in hieltyd krapper wurdende grûnstof en ien fan de meast brûkte materialen yn de grûn- en wetterbou. It is dus krúsjaal om sirkulêr te wurkjen en de grûn heechweardich te brûken. Sa meitsje wy mei-inoar écht ympakt!
Grip op Grond is sûnt 2010 aktyf mei as doel it tûk keppeljen fan projekten dêr't grûn frijkomt oan projekten dêr't grûn nedich is. Se beheine har net allinnich ta projekten fan de provinsje Fryslân, mar wurkje hjiryn ek gear mei oare provinsjes, gemeenten, wetterskippen en natuerbehearders. Ek bliuwt it net allinnich by it meitsjen fan koppelingen. Grip op Grond stribbet nei brânstof te besparjen en CO2-útstjit te beheinen troch regionaal projekten oan elkoar te keppeljen. Dêrneist is der each foar beheining fan oerlêst foar de omjouwing. Op dizze wize docht Grip op Grond mear foar itselde jild en kinne primêr wûn grûnstoffen heechweardich brûkt wurde.