Soartebeskerming by it kapjen fan houtopstannen/kapmelding

Jo wolle wurk útfiere op in plak dêr’t beskerme planten en/of bisten foarkomme of binne fan doel in kapmelding te dwaan? It kin wêze dat jo te meitsjen krije mei soartebeskerming en in omjouwingsfergunning floara- en fauna-aktiviteit nedich hawwe.

Tink oan regels oangeande it briedseizoen, nêsten dy’t it hiele jier troch beskerme binne en beammen dêr’t flearmûzen yn sitte. De regels steane yn de Omjouwingswet en it Beslút aktiviteiten leefomjouwing (Bal). Oertreding fan dizze regels wurdt sjoen as in ekonomysk delikt.

Fergunningsplicht of frijstelling

Foar in tal wurksumheden hawwe jo gjin omjouwingsfergunning nedich. Dy binne as fergunningfrij oanwiisd yn it Beslút aktiviteiten leefomjouwing (Bal) of yn de Omjouwingsferoardening Fryslân 2022 . It giet bygelyks om wurksumheden dy 't faak foarkomme of foarsisber binne, lykas grienûnderhâld binnen in gemeente. Faak moat der dan wol neffens in lanlik goedkarde gedrachskoade wurke wurde.

Lês mear oer hokker soarten beskerme binne en wannear’t jo in omjouwingsfergunning nedich hawwe

Broedseizoen

De nêsten fan alle fûgelsoarten binne yn it briedseizoen beskerme. In beam mei in (begjinnend) nêst deryn mei jo dêrom ek net kappe. De perioade fan it briedseizoen is ôfhinklik fan de briedperioade fan de oanbelangjende fûgel. Globaal is it briedseizoen fan maart oant augustus. In tal útsûnderingen hjiryn binne bygelyks de tsjerkûle en de roek. Neist dat harren nêst jierrûn beskerme is, begjinne se al yn jannewaris / febrewaris mei it bouwen fan in nêst.

Nêsten dy’t it hiele jier troch beskerme binne

Fan in tal fûgelsoarten binne de nêsten it hiele jier troch beskerme, ek as de fûgels net by de nêstplakken oanwêzich binne. Beammen mei dêryn in nêst dat it hiele jier troch beskerme is, bygelyks fan roeken, goudûlen en mûzebiters, meie net sûnder omjouwingsfergunning kappe wurde. Ek beammen dy’t tichteby in nêst steane dat it hiele jier troch beskerme wurdt, moatte faak stean bliuwe om de beskutting en feilichheid fan it nêst te garandearjen. As der nêsten yn de beammen oantroffen wurde, moat der ekologysk ûndersyk útfierd wurde troch in ûnôfhinklik ekologysk advysburo.

Flearmûzen

Beammen mei holten, skuorren of in lossittende bast kinne troch flearmûzen as fêst rêst- en ferbliuwplak brûkt wurde. Dy ferbliuwplakken binne ûnder de Omjouwingswet beskerme. By it dwaan fan in kapmelding moatte jo mei doel ekologysk ûndersyk útfiere litte. Dêrneist folgje flearmûzen, om harren te oriïntearjen lânskipseleminten yn de foarm fan linen lykas rigen beammen. As in beammerige in flearmûsferbliuwplak ferbynt mei in gebiet dêr’t flearmûzen iten sykje, dan kin it kapjen mooglik yn striid mei de Omjouwingswet yn gearhing mei it Beslút aktiviteiten leefomjouwing wêze.

Oare bistesoarten

Neist boppeneamde beskerme natuerwearden kinne beammen, houtwâlen en strûken ek noch in wichtige funksje hawwe as fêst rêst- en ferbliuwplak of itensboarne foar ûlen, iikhoarntsjes, beamotters, dassen en ynsekten. Dassen krije yn febrewaris, soms sels al yn jannewaris, in nêst jongen yn harren kreamboarch. As dat ferdwynt troch it kapjen, is dat in oertrêding fan de Omjouwingswet yn gearhing mei it Beslút aktiviteiten leefomjouwing.

Mochten jo dêr fragen oer hawwe, nim dan kontakt op mei Team Griene Regeljouwing. Dat kin fia 058 – 292 89 95 of fia wnb@fryslan.frl.