Kapmelding
Binne jo fan doel om beammen of bos bûten de beboude kom te kapjen? Dan moatte jo dat melde by de provinsje. Dat stiet yn It Beslút aktiviteiten leefomjouwing. In kapmelding dogge jo op syn minst 6 wike en op syn meast 1 jier foardat jo de beammen kapje (litte) wolle.
Yn hokker situaasje moatte jo it kappen melde?
Yn de neikommende situaasjes krije jo mei de Wet natuurbescherming, ûnderdiel Houtopstannen te meitsjen:
- Wannear’t de te kappen beammen of omfallen/skansearre beammen troch bygelyks stoarm bûten de ‘bebouwingskontour houtkap’ lizze. De gemeente stelt de grinzen fan de ‘bebouwingskontour houtkap' fêst yn it omjouwingsplan. Dy grinzen kinne ôfwike fan de ‘beboude kom Verkeerswet’. By twivel kinne jo by de gemeente neifreegje wat dy grinzen binne;
- Wannear’t it oerflak fan de te kapjen beammen of omfallen/skansearre beammen troch bygelyks stoarm, grutter is as 10 are (1.000 kante meter) of wannear’t it giet om beammen yn in rigebeplanting fan 20 beammen of mear;
- Ek wannear’t jo mar in part fan ‘e beammen fan mei-inoar 10 are, of in part fan in rigebeplanting fan op syn minst 20 beammen kapje wolle of wannear’t dy beammen mar foar in part omfallen of skansearre binne.
Ferplichtings en mooglikheid ta paswurk
Foar de kapte beammen moatte wer beammen yn ’t plak komme. Jo binne ferplichte om op deselde lokaasje as wêr’t jo de beammen kappe hawwe, wer beammen te plantsjen. Dat hyt werplantplicht. Binnen 3 jier nei it kapjen moatte der wer beammen stean.
Lês hjir mear oer de werplantplicht
Yn guon gefallen kinne jo net wachtsje mei it kapjen of is it net mooglik om binnen trije jier (op deselde lokaasje) op ‘en nij beammen te plantsjen. Yn dy situaasjes kinne jo in paswurkfoarskrift oanfreegje.
Lês mear oer wannear’t jo dit paswurkfoarskrift oanfreegje kinne
Soartebeskerming
As jo in kapmelding dogge, kin it wêze dat jo mei soartebeskerming te meitsjen krije. Tink oan regels oangeande it briedseizoen, nêsten dy’t it hiele jier troch beskerme binne en beammen dêr’t flearmûzen yn sitte.
Lês hjir mear oer soartebeskerming.
Online melde of paswurkfoarskrift
Jo kinne maklik online de kap melde of in paswurkfoarskrift ûntheffing oanfreegje. Jo kinne de melding of de oanfraach foar in paswurkfoarskrift yntsjinje fia it Omgevingsloket fan it Digitaal Stelsel Omgevingsrecht (DSO). Jo kieze dan foar ‘ Oanfragen’. Yn stap 3 sykje jo op ‘kappen’. It goede meldingsformulier en oanfraachformulier ferskine dan yn byld. Foar it dwaan fan in melding of oanfraach dêrfoar hawwe jo jo Digi-D, of eHerkenning nedich. Slagget it jo net om de oanfraach online ôf te hanneljen? Nim dan kontakt op mei 058 - 292 59 25.
Kosten
As in oanfraach yntsjinne wurdt by de provinsje, binne jo de provinsje fergoedingen skuldich. Dat bedrach betelje jo oan de provinsje foar it gebrûk fan ús tsjinsten of produkten. Foar in kapmelding binne gjin fergoedingen skuldich. De aktuele leezjesbedraggen binne te finen yn de Legesverordening provincie Fryslân.
Gjin melding nedich
Yn in tal gefallen hoege jo gjin melding te dwaan by de provinsje. Bygelyks foar it kapjen fan beammen binnen de bebouwingskontoer houtkap, of by nullebeammen fan minder as 20 jier, dy’t bedoeld binne as krystbeam. In opsomming fan alle gefallen dêr’t dat foar jildt fine jo hjir:
Mear witte oer it kapjen fan beammen en de werplantplicht?
Yn guon gemeenten moatte jo dan noch wol in melding dwaan, of in fergunning by de gemeente oanfreegje.
Kapfergunning
Somtiden is der neist de kapmelding ek in (omjouwings)fergunning nedich, wannear’t jo in beam kapje wolle. De gemeente jout (omjouwingsd)fergunnings ôf. Foardat jo kapje, is it saak en freegje by de gemeente nei oft in fergunning in eask is. As dat sa is, dan moatte jo dy apart oanfreegje. Yn de beammeferoardering of it omjouwingsplan fan jo gemeente leit fêst oft in (omjouwings)fergunning needsaaklik is.
Paswurkfoarskriften
Yn in tal situaasjes kinne jo in paswurkfoarskrift oanfreegje. It giet dan om:
- Ôfwike fan de wachtferplichting;
- Útstel fan de termyn foar de plicht om nije beammen te plantsjen;
- In paswurkfoarskrift oangeande it plantsjen fan nije beammen op in oare lokaasje.
Lês mear oer wannear’t jo dit paswurkfoarskrift oanfreegje kinne.
Kontakt
As jo nei it trochlêzen fan de ynformaasje noch mei fragen of ûndúdlikheden sitte, of as jo in projekt yn in foaroerlis mei ús trochprate wolle, nim dan kontakt mei ús op. Dat kin fia wnb@fryslan.frl of telefoanysk: 058 - 292 89 95.