Mear witte oer it kapjen fan beammen en de werplantplicht?
Bosken binne wichtich foar it fuortbestean fan plante- en bistesoarten, rekreaasje en houtproduksje. Der libje in protte soarten planten en bisten yn 'e bosk. Dêrby helpe bosken om it kwantum koaldiokside yn ‘e loft te ferminderjen.
De Omjouwingswet beskermet bosk yn Nederlân, krekt as it Beslút aktiviteiten leefomjouwing (Bal). De measte regels steane yn ôfdieling 11.3 fan it Beslút aktiviteiten leefomjouwing en yn de Omjouwingsoardering Fryslân. It giet om regels oer Houtopstannen. Yn dy regels stiet dat minsken dy't bosk kappe wolle, dit melde moatte by de provinsje Fryslân. Dy kin dan in kapferbod oplizze. Mei der wol kapt wurde, dan moatte der ek nije beammen oanplante wurde. Bosken meitsje faak diel út fan it Natuurnetwerk Nederland (NNN ).
De regels út it Beslút aktiviteiten leefomjouwing jilde foar bosk, mar ek foar oare ' houtopstannen ' lykas houtwâlen en elzesingels. Jo hawwe mei dizze regels te krijen as:
- De houtopstân bûten de 'bebouwingskontour houtkap' leit;
- de fegetaasje grutter is as 10 are (1.000 kante meter) of it giet om beammen yn in rydbeplanting fan 20 beammen of mear;
- Ek as jo in part fan in houtopstân fan 10 are, of in riibeplanting fan minimaal 20 beammen, fellen of teneate meitsjen mei de regels oer tophoustannen.
Ynformaasje oer de Kapmelding
De kapmelding fan in foarnommen kap kin troch elk, dy’t fan doel is in beam te kapjen of fuorthelje te litten, yntsjinne wurde. In kapmelding moat op syn minst 6 wike en op syn meast in jier foarôfgeand oan it kapjen yntsjinne wurde.
Kapmelding
It Beslút aktiviteiten leefomjouwing hat gjin fergunningplicht foar houtopstannen, wol in meldplicht en in werplantplicht. Binne jo ferplichte om in kapmelding te dwaan, doch dat dan minimaal 6 wike en maksimaal 1 jier ear't jo de beammen kappe wolle (litte). De eigener fan it perseel docht de melding oft dejinge dy't de kap-, laai- of bouwurksumheden útfiert.
Gjin berjocht: tastimming
Krije jo binnen 6 wike nei it yntsjinjen fan de melding gjin berjocht? Dan meie jo de beammen kappe. Doch dit binnen in jier neidat jo de kapmelding ferstjoerd hawwe. Wachtsje jo langer, dan moatte jo op 'e nij in kapmelding dwaan. De ûntfangstbefêstiging is foar jo it bewiis dat wy de melding krigen hawwe. Binnen 3 jier nei de kap moatte jo beammen werplantsje.
Gjin tastimming
As wy it kappen net tastean, dan melde wy dat binnen 6 wiken oan de melder en de grûneigener. Wy neame altyd de reden foar it kapferbod. Binne jo it net iens mei ús beslút, dan kinne jo binnen 6 wike beswier yntsjinje. Maksimaal 6 wike nei de beswiertermyn krije jo in beslút op jo beswier.
Gjin melding nedich
De meldplicht jildt net foar:
- Houtopstannen yn de 'bebouwingscontour houtkap'. De bebouwingkontour is opnommen yn it omjouwingsplan fan de gemeente dêr't jo kappe sille (ynformearje by twivel by jo gemeente);
- Houtopstannen op hiemen en yn tunen. Hjirby jildt net de kadastrale bestimming hiem, mar wurdt sjoen oft it perseel as sadanich yn gebrûk is;
- Frjochtbeammen en wynskerms om hôven;
- Fynspjirren fan maksimaal 20 jier âld, bedoeld as krystbeammen;
- Kweekguod;
- Wekomplantingen, beplantingen lâns farwegen en ienrizige beplantingen op of lâns lânbougrûnen dy’t inkeld bestean út populieren of wylgen;
- Underhâld om de groei fan it oerbliuwende grien te befoarderjen (dunning). By twivel riede wy oan om wol in kapmelding yn te tsjinjen;
- Periodyk kappen fan has- of griendhout;
- Houtopstannen fan popelieren, wylgen, esken of elzen, dy’t bedoeld binne foar de produksje fan houtige biomassa;
- Dizze houtopstannen moatte:
- op syn minst ien kear yn 10 jier rispe wurde;
- Bestean út minimaal 10.000 stoven de bunder. De houtopstân moat oaniensletten wêze. Se wurde net trochsnien troch ûnbeplante stroken fan mear as 2 meter;
- Se binne oanlein nei 1 jannewaris 2013.
- Dizze houtopstannen moatte:
- houtopstannen dy ’t in lytsere oerflakte grûn beslaan as 10 are, of bestean út in rydbeplanting dy’t 20 of minder beammen omfettet, rekkene oer it totaal oantal rigen.
Miskien hawwe jo yn boppesteande gefallen wol te krijen mei oare wetten of (gemeentlike) feroarderingen. Kontrolearje dit by jo gemeente.
Kapfergunning
Somtiden is der ek in (omjouwings)fergunning nedich, njonken de kapmelding op grûn fan it Beslút aktiviteiten leefomjouwing De gemeente jout (omjouwings)fergunningen ôf foar it kappen. Foardat jo kappe sille, is it oan te rieden om by de gemeente nei te freegjen oft in fergunning fereaske is. As dat sa is, moatte jo dy apart oanfreegje. Yn de beammeferoardering of it omjouwingsplan fan jo gemeente leit fêst oft in (omjouwings)fergunning nedich is.
Werplantplicht
Foar de kapte beammen moatte wer beammen yn ’t plak komme. Jo binne ferplichte om nije beammen te plantsjen. Dat hjit werplantplicht. Dat dogge jo binnen 3 jier nei de kap fan de beammen. Foar it werplantsjen jilde in tal regels:
- Der moatte binnen 3 jier nei it kapjen nije beammen wêze. Dat kin troch se oan te plantsjen of troch natuerlike ferjonging.
- It werplantsjen wurdt op deselde grûn dien as wêr’t de beammen kappe binne en op itselde oerflak.
- It werplantsjen moat bosboukundich ferantwurde barre.
Maatwurkfoarskriften
Der binne situaasjes dêr't jo in maatwurkfoarskrift foar oanfreegje kinne.
Maatwurkfoarskrift wachtferplichting
Yn guon gefallen kinne jo net wachtsje mei kappen oant de 6 wiken wachttiid om binne. Dit kin bygelyks as troch sykte of stoarmskea it gefaarlik is om te wachtsjen mei kappen. Yn dat gefal kinne jo, lykas mei it yntsjinjen fan de kapmelding, in maatwurkfoarskrift oanfreegje foar it ôfwiken fan de wachttiid.
Maatwurkfoarskrift herplantplichttermyn
Yn guon situaasjes is it net mooglik om binnen 3 jier te werplantsjen. Jo kinne dan útstel fan de werplantplicht oanfreegje as dêrfoar in grûnde reden is. Dit maatwurkfoarskrift moat oanfrege wurde binnen 2 jier nei de felling. It maatwurkfoarskrift kin oanfrege wurde as der:
- sprake is fan houtopstannen fan nullebeammen, dy’t omfoarme wurde nei houtopstannen mei loofbeammen, wannear’t trije jier nei felling gjin folsleine boskboukundige ferantwurde houtopstân ûntstien is;
- grutte, ûnferwachte wyldskea optreden is, wêrby 't sprake is fan foldwaande werbeplanting of natuerlike ferjonging;
- sprake is fan de útfiering fan grutskalige projekten, wêrby’t yn reedlikens net ferwachte wurde kin dat binnen de termyn fan 3 jier nei it kapjen fan de houtopstân de herplant op deselde grûn plakfynt.
Maatwurkfoarskrift foar werplantplicht op in oare lokaasje
Soms jout werbeplantsjen op it perseel dêr 't de skielde beam swierrichheden hie. Yn dy situaasjes kinne jo tastimming freegje om de werbeplanting earne oars te dwaan. Kompensaasje wurdt allinnich takend as bliken docht dat de dielde beam net ûnder de útsûnderingen fan artikel 5.39, fiifde lid fan de Omjouwingsferoardening Fryslân 2022 falt. Dit binne:
- beammen dy ’t yn it provinsjaal of gemeentlik belied fêstlein binne as eleminten mei wichtige ekologyske, lânskiplike en/of kultuerhistoaryske wearden;
- As dêrtroch de oerflakte fan in boskearn ôfnimt;
- Dêrtroch de ynstânhâldingsdoelstellings fan Natura 2000-gebieten dêr’t de beam him op befûn, kinne fermindere wurde oft der in dúdlik fersteurend effekt optrede kin.
As der yn it omjouwingsplan fan de gemeente regels steane, dy 't werplantsje op in oare lokaasje net mooglik meitsje, wurdt it maatwurkfoarskrift net ferliend. De gemeente kin jo dêr mear ynformaasje oer jaan. By it fersyk ta kompensaasje foegje jo in kadastrale-en in topografyske kaart dêr 't jo dúdlik op oanjouwe wêr 't jo kompensearje wolle. As de grûn dêr 't op kompensearre wurdt net jo eigendom is, moatte jo ek in bewiis meistjoere. Dit bewiis jout oan dat de eigener fan it yn te rjochtsjen perseel akkoart is mei it oernimmen fan de werplantplicht. Jo moatte it fersyk - mei grûnde redenen - yntsjinje foar 't jo mei it oanbelangjende wurk úteinset binne.
Regels fan gemeente
It is tige wierskynlik dat yn de gemeente dêr 't jo fan doel binne de felling út te fieren, regeljouwing bestiet dy't in felling fan houtopstannen, sûnder fergunning fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders ferbiedt. Dêrom wurdt advisearre foar it dwaan fan in kapmelding by de provinsje earst by de gemeente te ynformearjen omtrint regeljouwing foar it kappen / behâlden fan houtopstannen.
Regels fûgels en planten
Njonken de regels fan de gemeente-kinnen ek noch oare regels fan de Omjouwingswet fan tapassing binne. Bygelyks regels dy't fûgels of planten beskermje. Jo aktiviteit mei gjin skealike effekten hawwe op de oanwêzige beskerme soarten. Wolle jo beammen kappe en jo sjogge dat der fûgels oan it brieden binne yn of om de beammen? Dan meie jo net kappe. As jo wachtsje oant nei it briedseizoen dan is de kâns op skealike effekten lytser.
Begripelist
Houtopstân of Rigebeplanting
In houtopstân is in selsstannige ienheid fan beammen, beamfoarmers, strûken, hakhout, of grynjend mei in oerflakte fan 10 are of mear, of in ribeplanting fan 20 beammen of mear. Hjirby ûnderbrekt in dyk of in sleat de selsstannige ienheid of rydbeplanting net
Oerflak fan in houtopstân
De oerflakte moat meld wurde yn eare. 1 are is 10 x 10 meter. By houtsingels (bygelyks in elzesingel) wurdt útgien fan de lingte x 5 m (breedte ). Foar houtwâlen jildt lingte fan de breedte fan de byhearrende kroandak. By ienrige beplantingen of weibeplantingen fermelde jo it oantal te fellen beammen, de ôfstân tusken de beammen yn meters en it totaal oantal beammen fan de hiele rige.
Kadastrale en topografyske kaart
In topografyske kaart is in ferplichte bylage by de kapmelding. It ûntbrekken fan dizze taheakke hat ta gefolch dat de melding net yn behanneling nommen wurdt.
It kapjen
It kappen of it slim beskeadigjen fan beammen, wêrtroch 't de beammen dea geane. It rûgjen fan beammen falt ek ûnder felling.
Úttinje
Der is sprake fan úttinjen as der hjir en dêr in beam fuort helle wurdt om derfoar te soargjen dat de oerbliuwende houtopstân better groeie kin.
Kaphout en Grjint
Hakhout en Grjint binne foarmen fan bosk, wêrby't de beammen geregeld flak boppe de grûn ôfseage wurde en dêrnei wer útrinne en ta folweardige beammen mei meardere stammen útgroeie. Dat neamst ôfsetten. De earste kear, dat hakhout of grinen ôfset wurde, moat wol meld wurde.
Bebouwingskontour houtkap
De grins fan de bebouwingskontoer houtkap stelt de gemeente fêst yn it omjouwingsplan. Dizze kin ôfwike fan de beboude kom neffens de Wegenverkeerswet, sa 't elkenien sjen kin oan de blauwe plaknammebuorden. De regels foar houtopstannen út it Beslút aktiviteiten leefomjouwing binne allinnich fan tapassing bûten de bebouwingskontoer houtkap. Dêrbinnen is de gemeente ferantwurdlik. By twivel kinne jo dat neifreegje by de gemeente.
Kapferbod
De provinsje Fryslân kin in kapferbod ôfjûn om te soargjen dat bysûndere bosken bewarre bliuwe. In kapferbod kin hieltyd foar maksimaal 5 jier ôfjûn wurde. By in kapferbod wurde de redenen dúdlik oanjûn. De eigener of brûker fan 'e grûn kriget dêr skriftlik berjocht fan.