Tafersjoch op gemeentefinânsjes
By de provinsje Fryslân wurdt finansjeel tafersjoch hâlden op 18 gemeenten, 10 mienskiplike regelingen en ien wetterskip. It tafersjoch op de finansjele posysje fan gemeenten is in provinsjale taak basearre op de Gemeentewet. Dêrmei wurdt beëage in sûne finansjele situaasje by gemeenten te befoarderjen. In gemeente is yn earste ynstânsje sels ferantwurdlik foar in goed finansjeel belied en behear. Wy litte de ferantwurdlikheid oan de gemeenten, mar reagearje wach op risiko's. Sa drage wy deroan by dat gemeenten harren taken goed útfieren bliuwe. Tusken de tafersjochhâlders (it ministearje fan BZK en de provinsjes) binne ôfspraken makke oer de wize wêrop't it tafersjoch útoefene wurdt. Dizze ôfspraken binne fêstlein yn it Mienskiplik Finansjeel Tasichtramt (GTK 2020 gemeenten). Dy fine jo ûnderoan dizze webside.
De gemeenteried moat derfoar soargje dat de begrutting struktureel en reëel yn lykwicht is of dat dit yn de earstfolgjende jierren ta stân brocht wurde sil (kêst 189 fan de Gemeentewet). De begrutting en jierrekken moatte jierliks opstjoerd wurde nei Deputearre Steaten (DS). De begrutting ynklusyf mearjierrerûzing moat uterlik 15 novimber fan it jier dat foarôfgiet oan it begruttingsjier ynstjoerd wurde en de jierrekken uterlik 15 july fan it jier folgjend op it ferantwurdingsjier. Yn desimber fan alle jierren nimme DS in beslút oer de tafersjochfoarm foar it kommende jier. Sy kinne beslute ta repressyf of previntyf tafersjoch.
Repressyf tafersjoch
Repressyf tafersjoch hâldt yn dat de gemeente sûnder foarôfgeande goedkarring fan de provinsje de begrutting en begruttingswizigingen útfiere kin. Dit jildt as de begrutting nei it oardiel fan DS struktureel en reëel yn lykwicht is. Struktureel en reëel yn lykwicht betsjut dat de begrutting foldocht oan beskate easken. De wichtichste dêrfan is dat foar it oanbelangjende begruttingsjier de strukturele lêsten dutsen binne troch strukturele baten. Ynsidintele lêsten meie dutsen wurde troch sawol strukturele as troch ynsidintele baten. Yn gefal fan repressyf tafersjoch diele DS foar 1 jannewaris oan de gemeente ta dat har begrutting ûnder repressyf tafersjoch falt.
Previntyf tafersjoch
Previntyf tafersjoch wurdt ynsteld wannear't de begrutting net struktureel en reëel yn lykwicht is en de mearjierreraming net oannimlik makket dat der in werstel fan it lykwicht komt. It ynstellen fan previntyf tafersjoch is boppedat mooglik as de termyn fan ynstjoering fan de begrutting en/of jierrekken oer gien wurdt. Previntyf tafersjoch is de útsûndering. DS diele it beslút om de gemeente ûnder previntyf tafersjoch te pleatsen foar 1 jannewaris mei.
As der previntyf tafersjoch ynsteld is, moatte de begrutting en de begruttingswizigingen ta goedkarring oan DS foarlein wurde. De gemeenten moatte neamde besluten binnen twa wike nei it fêststellen oan de tafersjochhâlder stjoere. Op grûn fan de Algemiene wet bestjoersrjocht (Awb) moatte DS binnen 13 wiken nei de ferstjoering in beslút oer de goedkarring nimme. Sy kinne harren beslút ien kear mei 13 wiken ferdaagje. As dy termyn net helle wurdt, is it beslút automatysk goedkard. Mei it goedkeuringsynstrumint kinne DS yngripe yn de finânsjes fan in gemeente. Hja kinne goedkarring ûnthâlde as de begrutting of in begruttingswiziging yn striid mei it rjocht of it algemiene finansjele belang is.
Wannear’t in gemeente der úteinlik net yn slagget “de finansjele einen oan inoar te knoopjen”, dan kin se in berop dwaan op in útkearing út it gemeentefûns fia kêst 12 fan de Financiële-ferhâldingswet. De gemeente krijt dan in saneamde artikel 12 status. De provinsje en it Ryk sille harren dan yntinsyf bemuoie mei it finansjeel belied fan de gemeente.
Finansjeel tafersjoch by weryndieling
As in beslút ta weryndieling (fúzje) fan twa of mear gemeenten nommen is, falle de oanbelangjende gemeenten ûnder previntyf tafersjoch. Yn dat gefal moatte njonken de begrutting en de begruttingswizigingen ek noch oare besluten mei finansjele gefolgen troch DS goedkard wurde. Dat tafersjoch komt fuort út de Wet algemiene regels weryndieling (Wet arhi).
Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.