Wat sleepsto allegear mei?

Underweis nei de Waadeilannen slepe we faak fan alles mei: tassen, klean, fytsen en oar guod. Mar wist men dat men ek ûnbedoeld planten of bisten meinimme kin dy't der net thús hearre? Saneamde ynvasive eksoaten ferkringe de unike en kwetsbere planten en bisten dy't op it Waad libje. Mei ferwoestjende gefolgen foar de bysûndere natuer.
Wat is it probleem?
Ynvasive eksoaten binne planten en bisten dy't fan natuere net op de Waadeilannen of yn Nederlân foarkomme, mar harren gau ferspriede en de lokale natuer fersteure. Dizze soarten kinne oarspronklike planten en bisten ferkringe, wat skealik is foar de natuer.
Faak komme dy eksoaten troch minsklik hanneljen yn'e natuer telâne. Bygelyks ûnbewust as je fan it iene natuergebiet nei it oare reizgje. Lytse siedden en kym kinne yn de skuon, klean of kampearguod ferstoppe sitte en sa ûngemurken wurde ferspraat. Of minsken smite akwariumplanten yn it bûtenwetter, of sette lettersierskyldpodden of eksoatyske fisken út yn de natuer. Lytse bisten kinne ek fia hannelsrûtes mei seekonteners en frachtweinen meilifte.
In foarbyld fan in ynvasive eksoat is de ‘wetterkrassula’. In wetterplant dy't oarspronklik út Australië komt, mar yn Nederlân as akwariumplant brûkt wurdt. Wannear't minsken dizze plant yn de natuer achterlitte, kin sels in lyts stikje al útgroeie ta in pleach. Dizze plant foarmet op ferskate Waadeilannen tichte matten op it wetter, wêrtroch der gjin sinneljocht mear trochhinne komt. Dit makket it foar oare soarten, lykas bepaalde amfibyen en wetterplanten, ûnmooglik om te oerlibjen. Dêrom is gau yngripen wichtich om fierdere skea oan de natuer foar te kommen.
De unike natuer fan it Waad
De Waadsee is ien fan de bysûnderste natuergebieten fan de wrâld. It gebiet stiet bekend om syn tijsysteem, sânbanken en grutte fariaasje oan planten en bisten. Eb en floed soargje foar geulen en slikken, dêr't in soad soarten libje. Miljoenen fûgels rêste hjir by harren trektochten, en ek seehûnen brûke it gebiet om harren jongen te fersoargjen. De UNESCO-wrâlderfgoedstatus lit sjen hoe wichtich oft it is om dit unike natuergebiet goed te beskermjen foar de takomst.

Wat kinne je dwaan as besiker fan de Waadeilannen?
As je nei de Waadeilannen reizgje, kinne je as besiker in wichtige rol spylje yn it foarkommen fan de fersprieding fan ynvasive eksoaten.
Hjir binne tips foar hoe'tsto de Waadeilannen beskermje kinst:
Jou waarnimmingen troch!
Ast ynvasive planten of bisten sjochst, kinst dit melde fia de app'snApp de exoot (Android & iOS) of op waarneming.nl. Dizze meldingen helpe eksperts om gau yn te gripen en de fersprieding te beheinen.

Wat kinne je dwaan as eilânbewenner of eigener fan in rekreaasjewenning?
As eilânbewenner kinst in grutte bydrage leverje oan it foarkommen fan de fersprieding fan ynvasive eksoaten op de Waadeilannen. Hjir binne tips foar hoe'tsto dyn eilân beskermje kinst:
Wat kinne je dwaan as (natuer)organisaasje, VVV en gemeente?
Wol dyn organisaasje meidwaan oan de kampanje? Dat kin maklik troch de materialen fia ûndersteande knop te downloaden. Yn de toolkit fynst ferskate kommunikaasjemiddels wêrmei'tst it boadskip fan de kampanje 'Wat sleep do allegear mei?' ferspriede kinst.
Dizze middels binne fergees en rjochtenfrij te brûken oant desimber 2025 op: websides, social media, narrowcasting, nijsbrieven en oare kommunikaasjekanalen.
Wat docht de provinsje?
De provinsje is ferantwurdlik foar it bestriden fan ynvasive eksoaten. Dat jildt foar de soarten dy't troch de Europeeske Uny oanwiisd binne. Benammen yn kwetsbere natuergebieten, lykas de Waadeilannen en Natura 2000 - gebieten, spilet de provinsje in wichtige rol yn it foarkommen en bestriden fan dizze eksoaten.
Tegearre mei gemeenten en natuerbehearders siket de provinsje nei de bêste oanpak per gebiet. Ek draacht de provinsje by oan kennisdieling en finansjele stipe. Sa soargje wy mei-inoar foar it behâld fan ús weardefolle natuer. Op 'e webside invasieve exoten in Friesland fine je mear útlis oer de soarten en oanpak.
Foarkom planten dy't hjir net thúshearre sadat takomstige generaasjes genietsje kinne fan de bysûndere natuer op ús Waad.
Meer weten?
- Invasieve exoten in Fryslân
Lês hjir mear oer de oanpak fan ynvasive eksoaten troch provinsje Fryslân. - floron.nl
FLORON (Floristisch Onderzoek Nederland) set him yn foar ûndersyk nei en beskerming fan de Nederlânske wylde floara. - invasieve-exoten.info
It Kennisnetwurk Invasieve Exoten stipet oerheden, terreinbehearders en grûneigeners by fragen oer previnsje, bestriding en behearsking fan ynvasive eksoaten. - waarneming.nl
Hjir kinst fia ynternet natuerwaarnimmingen diele. Waarneming.nl is ûnderdiel fan in wrâldwiid biodiversiteitsplatfoarm foar boargerwittenskip en monitoaring.