Wetterwaarmte
Yn de kommende perioade stiet de provinsje Fryslân foar in grutte opjefte: 50% reduksje fan har CO2-útstjit foar 2030 en 95% foar 2050. Op it stuit brûke hast alle wennings yn Fryslân ierdgas foar bygelyks sintrale ferwaarming, waarm wetter en om te itensieden. Dêrby komt CO2 frij. Om de klimaatdoelen te berikken moat it gebrûk fan ierdgas yn de beboude omjouwing dus drastysk fermindere wurde. Dat kin troch it ierdgas te ferfangen troch duorsume alternativen. Alternativen dy’t in soad neamd wurde binne ûnder oare biomassa, grien gas, sinnewaarmte, wetterstof of it gebrûk meitsjen fan in waarmtepomp of elektryske boiler.
Wat is Wetterwaarmte?
Wetterwaarmte is it Fryske wurdt foar aquathermy. Wetterwaarmte is it winnen, de opslach en distribúsje fan waarmte út wetter. Binnen wetterwaarmte wurde trije ûnderskate boarnen foar waarmte ûnderskaat: ôffalwetter, drinkwetter en oerflaktewetter. Yn Fryslân is benammen oerflaktewetter út de ferskate marren, fearten en kanalen relevant. Mei help fan in waarmtewikseler wurdt enerzjy út it wetter helle en mei in waarmtepomp wurdt dy enerzjy brûkt om wetter op de winske temperatuer te bringen. Dat wetter wurdt dêrnei brûkt om gebouwen te ferwaarmjen. Wetterwaarmte is dus in duorsume ferfanging foar ierdgas mei de potinsje om yn in grut part fan de Fryske waarmtefraach te foarsjen.
Wêrom yn Fryslân?
Fryslân hat in soad oerflaktewetter en dat wetter nimt sinne-enerzjy op, hûnderten kearen mear as wat wy yn Fryslân foar ferwaarming brûke. Om’t der sa’n soad wetter yn Fryslân is, is de potinsje foar it winnen fan enerzjy út oerflaktewetter grut – sa’n 60% fan de hjoeddeiske waarmtefraach. Dat stiet gelyk oan hast 20% fan it totale Fryske enerzjyferbrûk!
In foardiel fan wetterwaarmte is de beheinde ynfloed op it lânskip. De ynfrastruktuer is benammen yn de grûn en it wetter. Fierder binne der troch de hege doelmjittigens fan waarmtepompen folle minder wynmûnen en sinnepanielen nedich as foar romteferwaarming op basis fan bygelyks wetterstof of elektryske boilers. Sa kinne wy de ympakt fan de enerzjytransysje op it Fryske lânskip beheine.
Dêrnjonken is it in technyk dy’t in koperative oanpak mooglik makket. Dat past goed by de Fryske mienskip. It oanlizzen fan in kollektyf waarmtenet kin yn in gemeente of koperaasje realisearre wurde. It kollektive karakter fan wetterwaarmte kin deroan bydrage dat de enerzjytransysje sosjaal rjochtfeardich en flugger ferrint.
Fierder biedt de technyk kânsen foar Fryske ûndernimmers. Tink oan ûnder oare de oanlis fan waarmtenetten, waarmte-opslachsystemen, oanpassings fan wennings en yn de advisearrings- en engineeringsektor. Ek kinne Fryske kennisynstellingen helpe de kennis fan/oer wetterwaarmte te fergrutsjen en minsken foar dit nije wurkfjild opliede.
Foarbylden yn Fryslân
Yn Fryslân binne al ferskate suksesfolle inisjativen útfierd dy’t yndividuele wenningen/gebouwen ferwaarmje. It Sylhûs yn Heech makket bygelyks gebrûk fan waarmte út de Hegemer Mar foar romteferwaarming. Dêrtroch ûntstie it idee om hiel Heech mei wetterwaarmte te ferwaarmjen. Op it stuit is ‘Warm Heeg’ yn oparbeidzjen mei gemeente Súdwest-Fryslân, Wetterskip Fryslân en provinsje Fryslân dwaande mei it opsetten fan in plan om dat te realisearjen.
De âlde slûswachterswente oan de Tsjonger yn Aldhoarne hellet sûnt 2018 syn waarmte út oerflaktewetter. It kanaal leveret genôch waarmte om de wente te ferwaarmjen en fan waarm wetter te foarsjen. Ut de praktyk docht bliken dat der sels by strange froast genôch waarmte wûn wurde kin.
Fierder bout de provinsje oan de westkant fan Ljouwert It Swettehûs. It Swettehûs is in nij stipepunt foar de Provinsjale Wettersteat en in nije sintrale foar it betsjinjen fan fjirtich brêgen. Dat wurdt in sirkulêr en enerzjyneutraal gebou, folslein ferwaarme mei wetterwaarmte.
De takomst
Nei oanlieding fan dy suksesfolle projekten wurdt der no hurd wurke oan grutskaliger projekten, mei as doel hiele wiken of doarpen te ferwaarmjen troch wetterwaarmte. Foarbylden dêrfan binne te finen yn Heech, Snits, Ljouwert, Balk en op Skylge.
Mear ynformaasje
Foar mear ynformaasje oer it provinsjale belied ‘Wetterwaarmte’ kinne jo kontakt mei ús opnimme fia energie@fryslan.frl of fia 058 – 292 59 25.