Ynbring grûn 4032 Blauwhuisterweg, It Fean yn kavelruil “Heawei”
De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in kavelruiloerienkomst te sluten. Hjirby bringt de provinsje in kavel kultuergrûn yn oan de Blauwhuisterweg yn It Fean, kadastraal bekend gemeente Surhuizum, seksie C, nûmers 4948, 4949 en 333, mei-inoar grut 45.370 m². Dizze partij wol de grûn brûke as lânbougrûn.

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 heart de Provinsje by it útjaan fan fêstguod in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de oankeap.
De Provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker, sadat gjin iepenbiere seleksjeproseduere nedich is. De foarnommen oerienkomst is ûnderdiel fan in bredere kavelruil “Heawei” foar de realisaasje fan gemeentlike en provinsjale gebietsdoelen. Troch de ynbring fan dizze kavel yn kavelruil “Heawei” krijt de provinsje úteinlik unike grûnposysjes dy‘t yn it opjefte gebiet lizze. De natueropjefte makket ûnderdiel út fan it plan De Mieden op syn Moaist. Dit plan is yn 202 fêststeld.
Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in keapoerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (18 maart 2023) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.
Lokaasje
Besjoch lokaasje yn Google Maps
By fragen oer dit foarnimmen om te ferkeapjen kin kontakt opnommen wurde mei de hear J. Botke.
Provinsje Fryslân
Tillefoan: 058 - 292 89 85
E-mailadres: j.botke@fryslan.frl