10139 ferhier (part) steger (ûndergrûn) en wetter by steger yn it Tsûkemar tichteby Marwei 67 te Dolsterhuzen
De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in party in hieroerienkomst te sluten foar de ferhier fan in stripe wetter / ûndergrûn fan in part fan in steger en wetter by de steger yn it Tsjûkemar tichteby Marwei 67 te Dolsterhuzen, grinzjend oan it perseel kadastraal bekend gemeente Oosterzee, seksje I, nûmer 3430, sa ’t hjirûnder neier omskreaun stiet:
Kadastrale perselen | Kadastrale oerflakte | Oerflakte yn oerienkomst | Ferskil yn oerflakte |
OTZ00I 03081 | 633.29.40 ha | 0.00.02 ha | 633.29.38 ha |
OTZ00I 03081 | 633.29.40 ha | 0.00.28 ha | 633.29.12 ha |

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de Provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de ferhier.
De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker, sadat gjin iepenbiere seleksjeproseduere nedich is.
In part fan de ûndergrûn fan de steger en it wetter by de steger leit yn provinsjaal wetter en grinzget (allinnich) oan it perseel fan hierder. De hierder wol de ûndergrûn fan de steger ynsette foar it gebrûk fan de besteande steger. Dêrneist wol hierder it wetter by de steger mooglik brûke foar it oanlizzen fan in eigen boat. De provinsje is koart fan betinken dat de hierder de iennichste serieuze gadingmakker is foar it hieren fan oanbelangjende ûndergrûn / wetter.
Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in hieroerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (25 april 2025LC) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.
Kontaktpersoan provinsje Fryslân:
Frou A. Atsma, berikber op 058 - 292 51 66 of a.atsma@fryslan.frl of fia it sekretariaat grondgebruik@fryslan.frl