3840 ynbring ferkeap perseel grûn en keapopsje mei byhearrende pachttermyn perseel grûn oan de Madenwei te Sânhuzen

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in (kavel)ruiloerienkomst te sluten, wêrby’t de provinsje ynbringt de ferkeap fan íen perseel grûn en de opsje ta keap mei byhearrende pachttermyn op íen perseel grûn oan de Madenwei te Sânhuzen, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakteOerienkomst
NWD02P 000193.90.30 ha3.90.30 ha Ferkeap
NWD02P 007781.90.50 ha1.90.50 ha Keapopsje (o/m 2026), pacht (o/m 2026)
Bovenaanzicht van het aangeboden perceel.

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de (kavel)ruil.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker omdat de grûn dy't de keaper leveret, lizze yn Natuer Netwurk Nederlân (NNN) mei de heechste prioriteit (Prioriteit 1: Kaderrichtlijn Water), en dizze grûn ien fan de twa 'lêste skeakels' binne foar de ynrjochting fan in gruttere oerflakte fan NNN grûn dêr om hinne. Dizze ruiling liedt ek net ta it minder wurden fan'e lânboustruktuer. De provinsje is fan betinken dat gjin oare persoan in Prioriteit 1 NNN-perseel fan op syn minst sa'n 3.25 bunder leverje kin yn de omkriten fan de oanbelangjende perselen, wat ek heart ta ien fan de lêste twa stikken om de ynrjochting fan NNN hinne, en wat net laat ta it minder wurden fan de lânboustruktuer.

De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de tadieling fan de oanbelangjende grûn.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in (kavel)ruiloerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje 
(05-04-2025) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: 

de hear M.E. Spoelstra, berikber op 058 - 292 87 17 of m.e.spoelstra@fryslan.frl